Feanterij


Feanterij is it weiheljen fan in feanlaach, wĂȘrby der boulĂąn, greide of wetter oerbliuwt. It dylgjen fan fean wie oantreklik omdat it as brĂąnstof brĂ»kt wurde kin. Yn de Midsiuwen waard Ășt sĂąltich fean (moer) ek sĂąlt wĂ»n oant it om wettersteatkundige reden ferbean waard.
Foar it winnen fan dy brĂąnstof, turf, binne yn FryslĂąn en dĂȘrbĂ»ten grutte stikken feangebiet ferfeante. It oanwĂȘzige heechfean en leechfean is op grutte skaal ĂŽfgroeven of fuortbaggele. As de boppeste laach fan heechfean, neamd bolster, fermingd wurdt mei it sĂąn Ă»nder it ĂŽfgroeven feanpakket, Ă»ntstiet dalgrĂ»n. As leechfean ĂŽfgroeven wurdt, Ă»ntsteane der, troch de hege wetterstĂąn, puollen en marren. SĂ»nt de 18e iuw binne in soad Gitersken en minsken Ășt Drintske doarpen nei FryslĂąn kommen as turfgraver
Leechfean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Grutte Feanterij wie in perioade fan leechfeanterij, fan de 11e oant de 13e iuw, yn wat ek wol de HollĂąnsk-Utertse Leechflakte neamd wurdt. Yn dat tiidrek is dĂȘr it lĂąnskip foar it grutste part foarme en oant tsjintwurdich net folle feroare.
Mei de Ăștfining fan de baggelbĂ»gel yn de 16e iuw waard it slachturven mĂ»glik, it weibaggeljen fan it fean Ă»nder de wetterspegel. It neidiel fan dit bedriuw, benammen as soks op grutte skaal barde, wie dat hjirtroch grutte marren Ă»ntstean koene. De smelle stripen fean tusken de gatten wienen net sterk genĂŽch tusken sokke djippe gatten dat by stoarmen koenen hja weislein wurden. En hoe grutter it wetteroerflak, hoe heger de weagen, dat as it ienkear ferkeard gong waarden de petgatten hieltiten grutter.
Turf fan leechfean waard brĂ»kt yn de hĂșshĂąlding.
Heechfean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekende NederlĂąnske heechfeanterijen wiene yn it sĂșdeasten fan GrinslĂąn en it easten fan Drinte. DĂȘr lei eartiids it NederlĂąnske part fan it grutste sompegebiet fan Noardwest-Europa; it Boertanger Fean. Foar de feanterij binne dĂȘr in soad kanalen groeven en grutte feankoloanjes stifte. It fean waard drĂ»ge en brĂ»kt as brĂąnstof: turf. De feanmoasturf Ășt de heechfeangebieten is mear as leechfeanturf in gaadlike brĂąnstof. It hat in relatyf hege ferbaarningswearde, der komme net folle ruotdieltsjes frij by it ferbaarnen en oars as by de swevellucht dy't by it ferbaarnen fan leechfean frijkomt stjonkt it ek net folle. Boppedat sitte der net folle stammen en stobben yn. De ferbaarningswearde wurdt yn it algemien grutter nei't de turf Ășt djippere feanlagen wĂ»n wurdt. De boppeste laach is it jongere feanmosfean. Dat waard it graufean neamd (ek wol wytfean of bolster). DĂȘrĂ»nder de laach swartfean wĂȘrĂșt de measte turf stutsen waard. De Ă»nderste laach waard it dargfean neamd, dat oer it algemien ta baggerturf ferwurke waard. Turf fan heechfean waard brĂ»kt yn it bedriuwslibben en de hĂșshĂąlding.
De feankoloanjes waarden, neist mei lokale arbeiders, befolke troch in soad minsken Ășt it westen fan NederlĂąn, wat noch blykt Ășt plaknammen lykas Nij-Amsterdam en HollĂąnskefjild. Yn Drinte leit it gebiet dat yn NederlĂąn it lĂȘst ferfeante waard: It Bargerfean, noardeast fan Schoonebeek. DĂȘr waard foar it lĂȘst fean masinaal ĂŽfgroeven yn 1992. Dat barde net mear foar brĂąnstof, mar wie bedoeld as grĂ»nstof foar turfstruisel dat brĂ»kt waard as grĂ»nferbetterder, it meitsjen fan Norit en in pigmint: Drintsk Swart. It Bargerfean is net hielendal ferfeante, dat der is noch libben Heechfean.