Springe nei ynhâld

Frankyske Ryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frankyske ryk)
Frankyske Ryk
Regnum Francorum
0481-888
geografyske lokaasje

Utwreiding fan it Frankyske Ryk fan 481-814
polityk
haadstêd Doarnik (oant 486)
Parys (486-771)
Aken (771-888)[1]
offisjele taal Latyn, Galloromaansk, Aldfrankysk, Aldheechdútsk Alditaljaansk, Aldfrysk, Aldsaksysk
steatsfoarm keninkryk (481-800
keizerryk (800-888)
ûntstien út Westromeinske Ryk
Gallo-Romeinske Ryk
Boergondyske Ryk
Alemanje
Bajuwaren
Longobardyske Ryk
Keninkryk Fryslân
Saksen
opgien yn West-Frânsje
Midden-Frânsje
East-Frânsje
Keninkryk Boergonje
Keninkryk Itaalje
no diel fan Belgje
Dútslân
Eastenryk
Frankryk
Itaalje
Nederlân
  Switserlân
bykommende ynformaasje
muntienheiddinarius, solidus, tremissis
Dizze side giet oer de bestjoerlike ienheid. Foar it folk, sjoch: Franken.
Skiednis fan Dútslân

Germaanske Aldheid
Frankyske Ryk
Hillige Roomske Ryk
Dútske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazy-Dútslân
Besetting troch de Alliëarden
West en East-Dútslân
Bûnsrepublyk Dútslân

It Frankyske Ryk of Frankeryk (Latyn: Regnum Francorum) of Frânsje (Latyn: Francia) wie in Jeropeeske grutmacht tusken de 5e en de 9e iuw, dy't stadichoan foarme waard troch de Frankyske keningen, nei't de Franken en oare Germaanske folken harren yn de Romeinske provinsjes fan Galje en oangrinzgjende Germaanske delsettingsgebieten oan de rjochterouwer fan de Ryn fêstige hienen. It waard de wichtichste opfolgerssteat fan it Westromeinske Ryk dat yn 476 n.Kr. yninoar foel.

It Frankyske Ryk ûntstie by it Grutte Folkeferfarren nei de ûndergong fan it Westromeinske Ryk yn de Lette Aldheid en woeks yn de Iere Midsiuwen út ûnder de dynastyen fan de Merovingen en Karolingen yn trije iuwen ta in grutmacht dy yn West- en Mid-Jeropa hearske. As hofmeiers fan de Merovingyske keningen hiene de Karolingen de winliken macht al sûnt de ein fan de 7e iuw, foa't se yn 751 sels de keninklike titel oernamen. It Frankyske Ryk kaam ta it hichtepunt fan syn macht ûnder it bewâld fan Karel de Grutte (768-814). Nei't it ryk yn d e9e iuw ferparte waard, ûntjoech him út it eastlik part it Hillige Roomske Ryk en út it westlik part it lettere Keninkryk Frankryk. De hjoeddeistige steat Frankryk hat syn namme fan it Frankyske Ryk.

Oername fan it Romeinsk gesach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 4e iuw besochten de Romeinen ferskate kearen om de ynfallende Franken, dy't as Franci yn Romeinske boarnen foar de earste kear yn de 50-er jierren fan de 3e iuw neamd waarden, wer te ferdriuwen, lykas troch de lettere keizer Julianus Apostata, mar om 'e nocht. Yn 358 krigen de Salyske Franken fan de Romeinske keizer 'tastimming' harren as foederaty ('bûnsmaten') op Romeinsk gebiet oan de Skelde en tusken de grutte rivieren te festigjen. De status fan foederaty's joech de oanwêzigens fan de Franken in legitym tintsje mar feitlik hienen de Romeinen al gauris net folle mear te sizzen wêr't de Franken harren festigen. Healwei de 5e iuw stoarte it Romeinske gesach bûten Itaalje folslein yn inoar. De Franken namen de frijheid en besetten al gauris de hiele provinsje Neder-Germaanje (it tsjintwurdige Nederlân besuden fan it rivierengebiet, Belgje en it tsjintwurdige Rynlân) wêrby't de Romeinske en romanisearre bewenners op 'e flecht sloegen of harren ûnderwurpen oan de nije Frankyske elite. Harren ekspânsje rjochte har dêrnei fierder nei it wolfarrende suden ta en sa stadichoan oermasteren sy Galje oant de Seine ta. ,

Sjoch: Merovingen foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Galje yn 481, justjes foar't Klovis oan de macht kaam; syn machtsgebiet omfieme ynearsten allinnich in part fan de Frankyske gebieten

Nei't it Westromeinske Ryk sûnt de dea fan legeroanfierder Aetius yn 454 hieltyd mear de kontrôle oer Galje ferlear, folden de Franken it machtsfakuüm nei de ûndergong fan it Westromeinske Ryk yn 476 en wreiden se op eigen manneboet har grûngebiet út, lykas de Fisigoaten yn it suden fan Galje. Yn it noarden fan Galje hie in oerbliuwsel fan it Westromeinske Ryk him ûnder de Romeinske kommandant Syagrius, de soan fan legeroanfierder Aegidius, hanthavenje kinnen yn in gebiet om Soissons hinne, sûnt 464 ôfskaat fan 'e rest fan it ryk, en stifte dêre it Gallo-Romeinske Ryk of Keninkryk fan Soissons.

Tjien jier nei it ôfsetten fan Romulus Augustulus as lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa fersloech yn 486 de Merovingyske kening Klovis de Galloromeinske hearsker Syagrius by Soissons, sa't hiel Noard-Galje, oant de Loire, yn syn lân foel. Klovis, dy't earder ien fan de folle Frankyske kriichshearen (warlords) wie, grypte dêrnei de kâns en skeakelje de oare Frankyske dielkeninkrykjes fan ûnder oaren Sigebert fan Keulen en Ragnagar út en stiftsje in Germaansk-Romeinsk Ryk. Klovis brocht syn hofhâlding oer nei Parys en makke de stêd ta sintrum fan syn macht. Yn 496 en 506 fierde er suksesfolle krigen tsjin de Alemannen. Yn 507 slagge er dêryn oer hiel Galje te hearskjen doe't er de Fisigoaten fersloech yn de slach fan Fouillé.

It besit fan de Romeinske lânhearen dy't by de Frankyske feroveringskrigen deade of ferdreaun waarden, kamen yn it besit fan de kening. Dêr koe Klovis syn fierdere fjildtochten mei finansierje en koe er syn macht fersterkje. Hy woeks stadichoan út ta de grutste grûnbesitter. Troch lânskinkings brocht er oare eallju direkt ôfhinklik, dêr't mooglik it lienstelsel him ûntjoech. Yn de rin fan de tiid feroare de posysje fan de Frankyske kening hieltyd mear ta dy fan in echte kening.

Klovis, dy't him bekommerje moast om it befoarriedzjen fan syn kriichslju, naam, foar safier mooglik wie, it funksjonearjende let-antike Romeinske bestjoers- en finansjele systeem oer, dêr't de kearn benammen yn it suden út de civitates bestie. Dêr spile de macht fan de pleatslike biskoppen, dy't gauris de bestjoerlike taken yn de civitates op har namen, ek in wichtige rol by. De tsjerke soe him dêrnei ta in fierdere machtsstipepylder fan de kening ûntjaan, dy't dêryn slagge en bring de biskoppen foar it grutste part ûnder syn kontrôle. Mooglik ûnder ynfloed fan Klotildis, dochter fan de Boergondyske kening Gilperik II, bekearde Klovis, foarhinne in heiden of arianist, him ta it Roomsk-katolike kristendom. Mei syn doop yn 508 ferwissige er de stipe fan de Romeinske kristenen en makke er it paad frij foar in maatskippij fan Frankyske kriichslju en de Galloromaanske boargerbefolking. Om 'e mid-6e iuw hinne kaam dêr dan ek in ein oan 'e let-antike oergongsperioade yn Galje en sette sa stadichoan de Iere Midsiuwen útein. De pleastlike autoriteiten, lykas de greven en de biskoppen, hiene ta taak en fier de befellen fan Klovis út. Dêrnjonken koe Klovis yn 511 by de earste Frankyske Rykskonsylje in trochgeande ynfloed fan de Frankyske keningen op it beneamen fan biskoppen ôftwinge en besocht er in unifoarme tsjerklike wetjouwing foar it Frankyske Ryk ta stân te bringen. Dêrnei ûntstie mei de Lex Salica in samling fan it Frankysk rjocht, dy't troch resint ûndersyk lykwols net op it âld-Germaansk stamrjocht, mar op it let-Romeinsk soldaterjocht weromfiert.

Opkomst fan de Arnulfingen en Pepiniden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Pepiniden foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Nei de dea fan Klovis waard it Frankyske Ryk nei it foarbyld fan it let-Romeinsk Keizerryk, en net, lykas eartiids oannommen waard, op grûnwurk fan it Germaansk rjocht, ferdield ûnder syn fjouwer soannen. Dêrnei waard de ryksienheid, dy't offisjeel nea opheft wie, by stuit ferhelpe, mar hieltyd late de útlis fan it Salyske rjocht op 'e nij ta skeel. Teudebert I fierde in ekspansyf belied yn it noarden fan Itaalje tsjin de Byzantinen en Ostrogoaten. Fan 558 oant 561 slagge Klotarius I de ienheid wer op te helpen, dochs liet er it ryk op syn bar wer nei oan syn fjouwer soannen. Fan 623 ôf ûntstie yn it eastlik part fan it ryk, dat doe Austraasje neamd waard, in emansipaasjebeweging fan de adel dy't fan Klotarius II in ûnderkening easke yn 'e persoan fan syn soan Dagobert I. Dy waard de lêste wichtige Merovingyske kening, dochs de werklike macht dêrnei lei by de hofmeier Aegas en de widdo fan Dagobert.

Stadichoan woeks de macht fan de hofmeiers. Yn de jierren 657-662 kaam de soan fan de hofmeier Grimoald, dy't ûnder de namme Gildebert de Adoptearre foar de noch minderjierrige kening Sigibert III regearre. Nei de Slach by Tertry (687) waard de Austrasyske hofmeier Pepyn II de facto hearsker oer it gânse Frankyske Ryk. Yn 689 fersloech Pepyn de Friezen ûnder kening Redbad yn de Slach by Doarestêd en oermastere er alle gebieten súdlik fan de Ryn (Frisia Citerior). Oan de sindeling Willibrord joech er in âld Romeinsk fort, Trajectum hjoed-de-dei de stêd Utert, as stipepunt foar syn sindelingwurk ûnder de Friezen.

Lang om let kamen de Arnulfingen en Pepiniden op en letter de dynasty fan de Karolingen. Dochs nei de mislearre steatsgreep fan Grimoald doarde Pepyn him noch net ta kening út te roppen, om't it dynastyk tinken, noch fan de let-antike tiid, allinnich mar oan ien famylje it rjocht op de hearskippij takende.

Yn 714, nei de dea fan Pepyn, briek der in machtstriid út, de Frankyske Boargerkriich (715-718). Ek de Fryske kening Redbad rekke dêr belutsen by. Hy koe de ferlerne gebieten fan 689 werom feroverje en fersloech Pepyn syn bastertsoan Karel Martel yn de Slach by Keulen yn 716. Redbad ferstoar yn 719 en Karel Martel koe him lang om let hanthavenje en fersloech syn Frankyske tsjinstanners en de Friezen westlik fan it Fly. Karel stie bekend om syn hurdens en trochsettingsfermogen en stie foar swiere yn- en bûtenlânske politike problemen. Hieltyd wer besochten guon lieders fan de âlde aadlike elite yn it Frankyske Ryk har tsjin syn hearskippij te fersetten. It jier 732 betsjutte in kearpunt doe't er by de Slach by Poitiers de Arabieren fersloech. Dêr waard er eare as de rêder fan it Jûnlân. Ek syn fjochterijen tsjin de Friezen, Saksen, Bajuwaren en Alemannen fersterken syn hearskippij. Dêrnjonken stipe er it sindelingwurk fan biskop Bonifatius yn dy gebieten. Fan 737 ôf regearre er nei de dea fan de Merovingyske kening Teuderik IV allinnich oer it Frankyske Ryk, mar lykas syn heit sûnder keninklike titel. Neffens Frankyske tradysje ferparte er it ryk justjes foar syn dea ûnder syn soannen Karloman en Pepyn III

Ekspânsje fan it Frankyske Ryk
Sjoch: Karolingen foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Pepyn III waard de allinnehearsker nei't syn broer Karloman it kleaster ygie. Yn 751 sette er, in oerlis mei paus Sacharías, de lêste Merovingyske kening, Childerik III, ôf, en liet him nei it foarbyld yn it Alde Testamint ta kening salvje. Trije jier letter salve paus Stefanus II him foar de twadde kear. Yn it Ferdrach fan Quierzy yn 754 sei Pepyn ta it eardere Eastromeinske eksarchaat Ravenna oan de paus oer te dragen as wrâldlik hearskippij (de Skinking fan Pepyn). Yn ruil dêrfoar legitimearre de paus de karolingen as keningen fan it Frankyske Ryk. Yn 755 krige de Frankyske kening it fersyk en kom it ferdrach nei. Oant oan syn dea fierde Pepyn twa suksesfolle fjildtochten tsjin de Longobarden en skonk er de ferovere gebieten oan de paus. Pepyn waard sa beskôge as de stifter fan de Tsjerklike Steat (Patrimonium Petri). By syn dea yn 768 liet er syn soannen Karel de Grutte en Karloman in ryk nei dat polityk allyk ekonomysk yn opbou wie.

Yn 771 ferstoar Karloman dêr't Karel de iennige hearsker troch waard. Troch it ferdrach dat syn heit mei de paus sletten hie, wie Karel oan him ferplichte. Nettsjinsteande dat de Longobarden de skinkings fan Pepyn net erkinden, sette Karel de kriich tsjin harren fuort en ferovere er har ryk yn 774. Njonken de fjildtochten tsjin de Longobarden makken de Franken ûnder Karel de Grutte in ein oan de ûnofhinklikens fan de Friezen en Saksen yn 772-775. Benammen de Saksekriich makken de polityk fan Karel út. Yn 784/785 kamen de Friezen tusken Fly en Weser en de Saksen ûnder Widukind yn opstân. Hja ferjagen de sindelingen en ferneatigen de stifte tsjerken. Karel seach dat as ferried en sloech dy opstân del dêr't Widukind him yn 785 by oerjoech. Karel ûntnaam de Friezen en Saksen as straf dêrby it heite-eigendomsrjocht.[2] Yn 804 waard de lêste Saksyske opstân delslein en waard Noardalbingje oermastere. Yn 811 waard de Eider fêststeld as grins tusken it Frankyske Ryk en Denemark.

De ferskate oarloggen laten ta in fierder geand feodalisearjen, in fersterking fan de posysje fan de rikelju en in tanimmen fan it tal feodaal ôfhinklike boeren. Dat late ta it waaksen fan it besit en macht fan de lienhearen, benammen fan de kening (en lettere keizer) en de hartoggen. Ek de tsjerke koe syn macht fersterkje. Karel konsolidearre de steatsmacht nei bûten ta troch it oprjochtsjen fan grinsmarken. Dy wiene bolwurken foar de ferdigening fan it ryk en sammelgebieten foar oanfalsoarloggen. Foar it bestjoer stelde er markgreven oan, dy't bysûndere rjochten krigen, omreden de marken net fuortendaliks part fan it ryk wiene en dus ek bûte de ryksgrûnwet stiene. Yn de marken waarden boargen boud en warad in bewapene boerebefolking fêstige. Bysûnder wichtich wiene de marken yn it easten fan it ryk, de Avaremark {Marcha Orientalis) en de Mark Karantaanje, dêr't letter Eastenryk (Eastmark of Ostarrîchi) út fuortkaam.

Om syn ynlânske hearskippij te fersterkjen, sintralisearre Karel om 793 hinne it keningskip troch middel fan in bestjoersherfoarming. It keningskip waard basearre op it keninklik hof, it paleisgerjocht en de kânselarij. Yn it ryk behearden de greven de paleizen (keningspaltsen). Paltsgreven en markgreven waarden kontrolearre troch keninklike gesanten (missi dominici) en sprieken it keninklik rjocht.

Karel de Grutte kaam ta syn hichtepunt fan syn macht op 25 desimber 800 doe't er ta Roomsk keizer kroane waard. Dêr waard it Frankyske Ryk, njonken it Byzantynske Ryk en it Kalifaat fan de Abbasiden, in grutmacht. Aken waard ûnder Karel de Grutte de keizerlike residinsje en it sintrum fan it Frankyske Ryk.

Neigean fan it Frankyske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karel de Grutte ferstoar yn 814 yn Aken nei in hearskippij fan 46 jier. Syn soan Loadewyk de Fromme folge him op de keizerlike troan op. Hy joech de Friezen en Saksen it eigendomsrjocht werom dy't syn heit nei de Frysk-Saksyske opstân fan 785 har ûntnommen hie. Hy besocht de ienheid fan it ryk te bewarjen nettsjinsteande de Frankyske tradysje, dy't foarseach yn it ferpartsjen fan de erfenis en lykas Karel de Grutte fêststeld hie yn de Divisio Regnorum fan 806. Yn 817 furdige Loadewyk lykwols de wet út yn de Ordinatio Imperii oangeande it ferpartsjen, of earder de ienheid, fan it ryk. Ek it keizerlik gesach moast in ienheid bliuwe. Dêrom beneamde Loadewyk syn soan Lotarius ta meikeizer. De wet stelde fêst dat de âldste soan fan de keizer altyd de titel fan Roomsk keizer ervje moast. Loadewyk keas foar de ienheid fan it ryk ûnder ynfloed fan de tsjerke dy't de ienheid fan it ryk wichtich foar de ienheid fan de tsjerke achte. Dêrom spilen de biskoppen ek in bysûndere politike rol. Hja fersetten har tsjin de soannen fan de keizer, dy't foarstanner fan it ferpartsjen fan it ryk wiene. Fan 829 ôf laten dy spannings ta militêre konflikten tusken de keizer en syn soannen.

Doe't Loadewyk yn 840 ferstoar, waard Lotarius I de keizer, mar yn 843 kamen hy en syn bruorren yn it Ferdrach fan Ferdun oerien en ferpartsje it Frankyske Ryk. Letter waard it ryk fierder ferparte troch de ferdraggen fan Prüm (855), Meerssen (870) en Ribemont (880). Under keizer Karel de Grouwe (885-887_ waard it ryk foar in koart skofteke feriene, dochs kaam de ienheid net werom. De ôfsûnderlike parten ûntjoegen har ta ûnôfhinklike steaten mei har eigen gewoanten, gebrûken en talen. Ynearsten waard der noch sprutsen fan it Westfrankyske en Eastfrankyske Ryk, dochs in iuw letter ferdwûnen dy beneamings en dus de ferwizing nei in miene komôf. Fan it âlde Frankyske Ryk soe allinnich it westlik part de namme "Frankryk" oernimme, wylst it eastlik part it Hillige Roomske Ryk, dêr't de tradysje fan it Roomske keizerryk fuortsette en dêr't letter Dútslân út fuortkaam, waard. It stamhartochdom Franken, it eastlike part fan it eardere Austraasje dat it oarspronklik wengebiet fan de Franken wie, koe him yn de midsiuwen net hanthavenje en waard ferparte. De namme fan de Franken koe lykwols oant yn de moderne tiid bestean bliuwe yn de regio Franken dy't in gebiet beslacht yn de dielsteaten Baden-Wúrtemberch, Beieren, Tueringen en Hessen, lykas it wurd "Franken" yn in tal dialektgroepen lykas Nederfrankysk, Midfrankysk, Súdfrankysk en Eastfrankysk.

Ferdielings fan it ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferdieling neffens it Ferdrach fan Ferdun (843)
Ferdieling neffens it Ferdrach fan Meerssen (870)
Ferdieling neffens it Ferdrach fan Ribemont (880)

Divisio Regnorum (806)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It testamint fan Karel de Grutte foarseach yn it ferpartsjen ûnder syn soannen Pepyn, Loadewyk de Fromme en Karel de Jongere. Pepyn en Karel de Jongere ferstoaren respektyflik yn 810 en 811, en dus foar harren heit. Dêrom waard it plan opjûn en waard Loadewyk ynstee dêrfan yn 813 ta meikeizer beneamd, dêr't er nei de dea fan syn heit yn 814 mei alle keizerlike rjochten syn heit troch opfolgje koe.

Ferdrach fan Ferdun

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Ferdrach fan Ferdun foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Yn 817 stelde keizer Loadewyk de Fromme it Ordinatio Imperii (Oardering fan it Ryk) op en ferdiel it Ryk oer syn soannen. Nei syn ferstjerren yn 840 rekken de trije soannen Lotarius I, Loadewyk de Dútser en Karel de Keale yn in boargerkriich belutsen. Yn 842 ûnthieten Loadewyk de Dútser en Karel de Keale de Eed fan Straasburch tsjin Lotarius. Yn 843 waard de frede tusken de trije bruorren mei it Ferdrach fan Ferdun tekene. It Ryk waard yn trije parten ferdield. Karel de Keale krige it westlike part, West-Frânsje; Loadewyk de Dútser krige it eastlike part, East-Frânsje en Lotarius krige it Middenryk en de keizerstitel.

Lettere ferdielings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 855 ferdielde Lotarius syn keninkryk ûnder syn trije soannen flak foar syn dea mei it Ferdrach fan Prüm. Syn âldste soan Loadewyk II krige it Keninkryk Itaalje en de keizerstitel. Lotarius II krige Fryslân en it part fan Austraasje dy't syn heit tadield krige, dat it keninkryk Loataringen waard en Karel krige Provâns en it grutste part fan it eardere Keninkryk Boergonje.

Yn 870 mei it Ferdrach fan Meerssen waard it keninkryk Loataringen ferparte tusken Eas- en West-Frânsje, nei't Lotarius II in jier letter sûnder wetlike erfgenamten ferstoarn wie.

Mei it Ferdrach fan Ribemont yn 880 kaam gâns Loataringen oan East-Frânsje. Yn 884 waard Karel de Grouwe, de soan fan Loadewyk de Dútser, ta keizer kroand en feriene er it gânse ryk fannijs, mar foar mar in koart skoftke. Syn swakke optreden tsjin de Wytsingen die him te koart. Yn 887 kaam syn omkesizzer Arnulf fan Karintje yn opstân en naam de macht yn it easten oer. Greve Odo I fan Parys naam de macht yn it westen oer.

Yn 911 ferstoar de lêste Karolinger, Loadewyk it Bern yn it easten en kaam de macht stadichoan yn hân fan de Ottoanen. Yn 962 waard Otto I ta keizer kroand en ûntstie it Roomsk-Dútske Ryk of it Hillige Roomske Ryk. Yn 987 ferstoar de lêste Karolinger yn it westen, Loadewyk V, en kaam de troan yn besit fan de Kapetingers ûnder Hugo Kapet. Dêrmei sette it Keninkryk Frankryk stadichoan útein.

De ferskate Frankyske stammen, lykas de Saaljers, Ripuaarjers en Gamaven, hiene útinoar rinnende rjochtstradysjes dy't allinnich mar letter, almeast ûnder Karel de Grutte kodifisearre waarden. De Leges Salica, Ribuaria en Chamavorum wiene Karolingyske kreaasjes. It is lykwols foar wittenskippers slim te efterheljen yn hoefier't dy wetten basearre binne op de eardere Frankyske werklikheid. Ek ûnder Karel de Grutte waarden it Fryske rjocht en Saksyske rjocht kodifisearre.

Ek waarden by oare Germaanske stammen eastlik fan de Ryn dy't ûnder Frankysk hearskippij kamen, harren stamrjochten kodifisearre waarden, yn samlingen lykas de Lex Alamannorum en de Lex Baiuvariorum foar respektyflik de Alemannen en de Bajuwaren (Beieren). Yn de Frankyske keninkriken wiene dêrnjonken ek de Gallo-Romanen dy't ûnderwurpen wiene oan it Romeinsk rjocht en geastliken dy't ûnderwurpen wiene oan it kanonyk rjocht. Nei it oermasterjen fan Septimaanje en Kataloanje troch de Franken, dy't earder ûnder Goatyske kontrôle wiene, de Fisigoatyske wetjouwing brûkten.

Ynearsten waard it Frankysk rjocht bewarre troch amtners dy't oplaat waraden it rjocht út 'e holle te learen troch te jaan. De Merovingen namen it kapitularium yn gebrûk as ynnstrumint foar it ôfkundigjen en it behâld fan keninklike oarderings. It gebrûk dêrfan soe ûnder de Karolingen fuortset wurde en sels ûnder Spoletaanske keizers Guido en Lambert, yn it ramt fan in program fan renovatio regni Francorum ("fernijing fan it Frankyske keninkryk").

It lêste Merovingyske kapitularium wie ien fan de wichtichste: it Edikt fan Parys, dat yn 614 troch Klotarius II yn oanwêzigens fan hege funksjonarissen útfurdige waard, waard dat wol mei in Frankyske Magna Carta ferlike dy't de rjochten fan de adel fêstlei, dochs yn wurklikheid wie it ornearre en balje de korrupsje yn 'e rjochterlike macht út en beskermje de regionale belangen. Sels nei it lêste Merovingyske kapitularium bleaune de keningen fan de dynasty ûnôfhinklik beskate juridysk foech útoefenjen. Gildebert II fierde sels rjochtsaken tsjin de machtge Arnulfingen út en bemachtige bekendheid ûnder it folk oangeande syn rjochtfeardigens. Mar it rjocht yn it Frankyske Ryk soe ûnder de Karolingen in renêssânse trochmeitsje.

Mank de troch Karel de Grutte trochfierde juridyske herfoarmings hearden de niisneamde kodifikaasjes fan it tradisjoneel rjocht. Hy besocht tagelyk de macht fan de pleatslike en regionale rjochtbanken yn 'e stringen te hâlden troch stjoergreven (missi dominici) yn pearen oan te stellen en hâl foar in koart skoftke tiid tafersjoch op beskate regio's. Almeast waarden stjoergreven ûten har eigen regio útsocht om belangekonfilten tefoarren te kommen. In kapitularium út 802 jout ynsjoch yn har taken. Hja moasten it rjocht útsprekke, de earbied foar de keninklike rjocten ôftwinge, tafersjoch hâlde op it bestjoer fan de greven en hartoggen, dy't troch de kening beneamd waarden, de eed fan trou ôfnimme en tafersjoch op de geastlikheid hâlde.

De Frankyske tsjerke kaam fuort út de tsjerke yn Galje yn de Merovingyske tiid. Dy krige yn 'e rin fan de 6e en 7e iuw in Germaanske ynfolling by it tal Frankyske synoaden en mei de karolingyske Renêssânse waard de Frankyske tsjerke in wichtige ynfloed op de midsiuwske westerske tsjerke.

Yn de 7e iuw waard it grûngebiet fan it Frankyske Ryk fannijs kerstene mei help fan Ierske en Skotske sindelings. Dat late ta it oprjochtsjen fan ferskate kleasters, dy't de kearn fan de Aldheechdútske taalfeardigens foarmje soe yn it Karolingyske Ryk. De Ierske sindeling Kolumbanus wie fan 509 ôf warber yn Frankyske gebieten en stifte kleasters oant syn dea yn Bobbio yn 615. Hy kaam yn Galje oan mei in selskip fan 12 en stifte Annegray, Luxeuil en Fontaines yn Frankryk en Bobbio yn Itaalje. Yn 'e 7e iuw stiften folgelingen fan Kolumbanus en oare Skotske en Ierske sindelings ferskate kleasters. De Ierske ynfloed yn dy kleasters komt ta utering yn it oernimmen fan it ynsulêre skrift by de boekproduksje, te sjen yn 8e iuwsk wurk lykas it Gelasiaanske Sakramint. De ynsulêre ynfloed op it unsiaal skrift fan de let-Merovingyske tiid makke lang om let plak foar it ûntjaan fan it Karolingyske minuskel yn de 9e iuw.

Oan 'e ein fan de 8e iuw ûntjoegen ferskate tsjerkelieders yn it Frankyske Ryk, ûnder ynfloed fan de Fisigoatyske gebrûken, de net wiere opfetting dat de Filioque-klausule in autentyk ûnderdiel fan de oarspronklike Leauwensbelidenis fan Nisea wie. Dy opfettings waarden fierder útdroegen troch de Libri Carolini, dêr't Roomske pausen fan dy snuorje, Adrianus I en Leo III, har needsaaklik fielden yn te gripen tsjin it tafoegjen fan de Filoque, dochs sûnder resultaat, en sa rekke de ynterpolearre Leauwensbelidenis wiidferspraat yn de Frankyske keninkriken.

Furtendaliks nei de fal fan Rome en yn de tiid fan de Merovingen waarden der yn de ruïnen fan de âlde stêden fannijs hannelsstêden stifte. Dy waarden spesialisearre yn 'e hannel fan guod, ambachten en lânbou, en wiene foar it grutste part ôfhinklik fan aristokratyske kontrôle. Yn it Karolingyske Ryk waarden kleasterstêden boud mei keninklike stipe, ornearre om in weroplibjen fan de arsjitektuer fan it Alde Rome te demonstrearjen. It bestjoer waard troch de biskoppen útfierd. De âlde Galloromaanske aristokraten hienne har prestiizje en status as ynstelling holden troch biskoplike amten út te oefenjen. Boppedat krigen se no de lieding oer mêden lykas justysje, ynfrastruktuer, ûnderrjocht en sosjale foarsjennings. Keningen waarden legitimearre troch harren bân mei de religueuze ynstellings. Biskopsferkiezings waarden ûnder tafersjoch fan de keningen holden, en keninklik befêstigjen dêrfan droech by oan it fersterkjen fan it gesach fan de biskoppen. Der wiene ferbetterings yn 'e lânbou, benammen it ynfieren fan in swiere ploege en it tanimmend egebr2k fan it trijeslachstelsel.

Nei de fal fan it Westromeinske Ryk namen de krigers fan de Frankyske kening yn in soad gefallen it lânguod fan har Galloromaanske foargongers oer, wylst oare latifundiums net fan eigner wikselen. It is net folslein dúdlik hoe't de transformaasje fan de let-Romeinske ekonomy en maatskippij ferrûn. It proses wie iyn alle gefallen in soad komplekser as de wittenskip lange tiid oannommen hat. Details binne net earderbekend as foar de karolingyske tiid: de feinten en tsjinstfammen, dy't njonken de pleats fan de hear wennen, soargen no ek foar it lân fan d ehear. Hja krigen gjin jild, mar wol kost en ynwenning. De ambachtslju ûnder har ferfurdigen de klaaiiïnge en wapens en ûnderholden se ek. De earmere minsken waarden twongen ta militêre tsjinst. De oaren, dy't belesting betelje keone, waarden nei hûs ta stjoerd.

De boeren, dy't yn de midsiuwen it grutste part fan de plattelânsbefolking útmakken, waarden strikt yndield op grûnwurk fan har juridyske status. Der wiene frijen, healfrijen en net-frijen. De lêste groep waard letter noch ûnderskaat yn de hearrigen en liifeigenen. Ek de eallju wiene ynearsten allinnich mar grutboeren mei bysûnder grutte besitting oan lân, alloadium neamd, en minsken. Oer dy hearrigen oefene de ealman in fiergeand hearerjocht út. Yn widere sin hearden ek ôfhinklike famyljes ta it hiem. In te ferlykjen posysje neamen earder yn de let-Romeinske maatskippij de grutgrûnbesitters yn ,dy't in ûnbidich grut besit oan latifundiums hiene, mei yn 't midden in luksueuze hearepleats dy't troch ferskate ôfhinklike boeren bewurke waarden. Dêrnjonken hearden ek ambachtslju ta syn besit, sa't der suver fan selsfoarsjenning sprutsen wurde kin. Dy boeren wiene oan har stik lân bûn en mochten net furtgean en sykje foar in oare pleats of oare hear of sels in oar berop. Ut dy twa woartels ûntstie in lange ûntwikkeling de nije maatskiplike oarder fan wat hjoed-de-dei de it feodalisme yn it Frankyske Ryk neamd wurdt.

It lienstelsel rekke yn gâns it Frankyske Ryk ynboargere. It fersprate him ek fluch nei de gebieten dy't net earder om 800 hinne yn Frankysk besit kamen. Lienhearen wiene eallju, kleasters, biskoppen en de kening, dy doetiids de grutste grûnbesitter wie. De boeren dy't ûnder soksoarte gesach foelen, wurken it grutste part fan de tiid net selsstannich, mar moasten tagelyk meihelpe op it lân fan de eigener. De lienhearlikheid waard de "boustien" fan de doetiidske maatskippij en uterlik yn 'e Karolingyske tiid ornaris de lânbou-ûndernimming, lykas hjoed-de-dei de pleats ornaris de lânbou-ûndernimming is.

Yn it Frankyske Ryk wiene Byzantynske munten yn de omrin foar't Teudebert I oan it begjin fan syn heatrskippij syn eigen jild slaan gie. De opfolger fan Teudebert brocht it ôfbyld fan de Byzantynske keizers werom op de munten, en de Byzantynske keizers bleaune op guon Frankyske munten ôfbylde oant oan de hearskippij fan keizer Herakleios, doe't se dêrnei yn 613 ferdwûnen. De solidus en de triens waarden tsuken 534 en 679 yn it Frankyske Ryk slein. De dinarius ferskynde letter, yn de namme fan Gilderik II en ferskate net-keninklike persoanen om 673-675. In Karolingyske dinarius ferfong de Merovingyske en de Fryske pinning waard yn Galje brûkt fan 755 oant de 11e iuw.

De dinarius ferskynde dêrnei yn Itaalje, útjûn yn namme fan de karolingyske foarsten nei 794, letter troch de "lânseigen" keningen yn de 10e iuw, en noch letter troch de Dútske keizers sûnt Otto I (962). Ta einbeslút waarden dinarii yn Rome útjûn yn namme fan de paus en de keizer sûnt Leo II en karel de Grutte oant de ein fan de 10e iuw.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. ↑ Table. Capitals of the Frankish Kingdom according to the years, in 509–800.
  2. ↑ Henstra, D.J. (2012), Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, Assen: van Gorcum, side 20, ISBN 9789023249788
Boarnen