Gerrit Offringa
Gerrit Offringa, (Drachten, 12 desimber 1943 - Ljouwert, 10 maart 2019)[1] wie in Fryske keunstner en filosoof dy't tsjin de seedyk fan de Waadsee yn Nes wenne. Hy folge de oplieding oan de Akademy Minerva foar Byldzjende keunst en Foarmjouwing yn Grins fan 1962-1966.
It wurk fan Gerrit Offringa bestiet Ășt skilderijen, tekeningen, trijediminsjonaal wurk, fotografy en grafyk. Hy ferbĂ»n yn syn bylden abstrakte begripen as trochskinendheid, gewicht, trochsnijing, kontrast en harmonij mei minsklike eleminten en emoasje. DĂȘrby brĂ»kte er de eigenskippen fan ferskate materialen as glĂȘs, hout, polyester, perspeks, metaal en twigen, koper, slakkehĂșskes, gips, purskom, fearren en folle mear. De bylden hawwe faak in figurative ferwizing nei minsken.
Offringa syn wurk hat te sjen west yn galerys en museums yn binnen- en bûtenlùn.
Eksposysjes (kar-Ășt)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kunstuitleen, Alfen oan de Ryn
- Galery en ByldetĂșn Dehullu
- Galery Hein Elferink, Staphorst
- Grinzer Museum (1980),
- Technyske Universiteit Eindhoven (1994)
- Museum Drachten (1996)
- Tel Aviv Performing Art Center (2001),
- Sao Paulo, Brazilië (2005)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|