Springe nei ynhâld

Havana

Ut Wikipedy
Havana
Utsicht op it histoaryske sintrum fan Havana (Habana Vieja)
Utsicht op it histoaryske sintrum fan Havana (Habana Vieja)
Symboalen
Bestjoer
Lân Kuba
ProvinsjeLa Habana
StatusNasionale haadstêd
Sifers
Ynwennertal1.749.964 (2024[1]
Oerflak728,26 km², wêrfan wetter: 2,1 km²
Befolkingsticht.2.403 ynw./km²
Hichte59 m
Oar
Postkoade10000–19000
Netnûmer+53 7
TiidsôneUTC-5
Koördinaten23°7'N, 82°23'W
Offisjele webside
www.lahabana.gob.cu
Kaart
Havana (Kuba)
Havana

Havana of Havanna (Spaansk: San Cristóbal de La Habana of koartwei La Habana) is de haadstêd fan Kuba en is mei 1.749.964 ynwenners (2024) fierwei de grutste stêd op it eilân Kuba. De stêd leit yn 'e provinsje Ciudad de La Habana, ien fan 'e 15 provinsjes. Havana hat de wichtichste haven en is it ekonomysk sintrum fan Kuba.

Havana waard yn 1514 troch de Spaanske feroverer Diego Velázquez stifte. De earste delsetting lei oan 'e súdkust fan Kuba, mar it die bliken dat it lân dêr net geskikt wie. Tusken 1514 en 1519 ferhuzen de Spanjerts nei de noardkust, dêr't by de natuerlike haven fan Puerto de Carenas de stêd ûntstie dy't letter San Cristóbal de La Habana neamd waard, nei de hillige Kristoffel.

Troch har strategyske haven groeide Havana al gau út ta in wichtich hannelsintrum fan it Spaanske koloniale ryk. Dat makke de stêd lykwols ek in doelwyt foar piraten en Frânske seerôvers. Yn 1555 waard Havana plondere en yn 'e brân stutsen troch Jacques de Sores. Dêrop liet de Spaanske Kroan machtige fêstingen en stedsmuorren bouwe om de haven better te ferdigenjen.

Havana yn 'e 17e iuw.

Yn 'e 17e iuw groeide Havana sterk. Der waarden tal fan tsjerken, kleasters en iepenbiere gebouwen boud, wylst in epidemy fan giele koarts yn 1649 in grut part fan 'e befolking útroege. De stedsmuorren waarden yn 1674 oanlein en yn 1740 foltôge.

Om 1750 hinne hie Havana mear as 70.000 ynwenners en wie it ien fan 'e grutste stêden fan Noard- en Súd-Amearika. De haven wie it wichtichste maritime sintrum fan 'e Spaanske Westyndyske koloanjes en beskikte oer in grutte skipswerf en it iennige drûchdok fan 'e Nije Wrâld.

Britse skippen farre de haven fan Havana yn.

Yn 'e Sânjierrige Oarloch waard Havana yn 1762 troch de Britten ferovere. Hja iepenen de haven foar hannel mei harren Noardamerikaanske en Karibyske koloanjes. Al yn 1763 krige Spanje de stêd werom yn ruil foar Floarida. Dêrnei waard Havana noch swierder fersterke, ûnder mear mei de bou fan it grutte fort San Carlos de la Cabaña.

Yn 'e 19e iuw bloeide Havana fierder op troch de sûkerhannel en de tanimmende hannel mei Noard-Amearika. De stêd krige nije teäters, paleizen en kulturele ynstellingen en waard wol it "Parys fan 'e Antillen" neamd. Yn 1837 waard de earste spoarline fan Kuba iepene tusken Havana en Bejucal, ornearre foar it ferfier fan sûker nei de haven.

De sonken USS Maine yn 'e haven fan Havana.

De slavernij bleau yn Kuba bestean oant 1886, en nei de Amerikaanske Boargeroarloch sochten ferskate eardere slaveneigners út it Amerikaanske Suden taflecht yn Havana. Oan 'e ein fan 'e iuw waard de stêd it sintrum fan 'e Kubaanske Unôfhinklikensstriid tsjin Spanje. De ûntploffing fan it Amerikaanske slachskip USS Maine yn 'e haven fan Havana yn 1898 late ta de Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Spanje wie foar Amearika gjin partij en op 12 augustus 1898 tekene Spanje in fredesakkoart. Foar Kuba betsjutte dat de ein fan mear as fjouwer iuwen Spaansk bewâld.

Yn 1902 waard Havana de haadstêd fan 'e nije ûnôfhinklike Republyk Kuba. Dêr waard ek de earste presidint, Tomás Estrada Palma, ynstallearre. Yn 'e earste helte fan 'e 20e iuw groeide Havana út ta it politike, ekonomyske en kulturele sintrum fan Kuba.

De ynauguraasje fan it Kapitoal yn 1929.

Yn 1940 waard yn Havana de [[Havana-konfersinsje (1940)|Havana-konferinsje holden, dêr't de Feriene Steaten en tweintich Latynsk-Amerikaanske lannen ôfpraten om Europeeske koloanjes yn Noard- en Súd-Amearika te ferdigenjen as dy troch de Asmogendheden bedrige wurde soene.

Oan 'e ein fan 'e jierren 1950 hearde Kuba ta de relatyf rykere lannen fan Latynsk-Amearika. Havana hie moderne sikehuzen, in grutte middenstân en in bloeiend kultureel libben. Tagelyk wiene der grutte sosjale ferskillen, wurkleazens en politike ûnderdrukking ûnder it bewâld fan Fulgencio Batista. Havana krige ek in reputaasje as sintrum fan gokken en prostitúsje.

Nei de Kubaanske Revolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fidel Castro komt yn Havana oan (1959).

Nei de Kubaanske Revolúsje fan 1959 naam Fidel Castro de macht oer. De nije regearing ferbettere ûnderwiis, sûnenssoarch en folkshúsfêsting, mar nasjonalisearre ek hast alle partikuliere bedriuwen en eigendommen. It Amerikaanske embargo fan 1960 en de sterke steatskontrôle soargen foar tekoarten en ekonomyske swierrichheden, dy't benammen yn Havana goed te fernimmen wiene.

Yn 'e jierren 1960 waarden ek lytse winkels en oare partikuliere ûndernimmingen nasjonalisearre. Kuba waard dêrnei hieltyd mear ôfhinklik fan stipe út 'e Sovjet-Uny.

Doe't de Sovjet-Uny yn 1991 ynstoarte, ferlear Kuba in grut part fan syn ekonomyske stipe. Dat late ta in djippe krisis mei grutte tekoarten oan brânstof, iten en oare basisguod.

Sûnt it begjin fan 'e 21e iuw hat Kuba besocht mear yn te setten op toerisme. Yn Havana binne ferskate histoaryske gebouwen, strjitten en pleinen yn Ald-Havana restaurearre om mear besikers te lûken. In foarbyld is it eardere Manzana de Gómez-gebou, dat omboud waard ta it lúkse Gran Hotel Manzana Kempinski La Habana.

Op 27 jannewaris 2019 waard Havana troffen troch in tige swiere tornado. Dy koste acht minsken it libben en ferwûne mear as 190 oaren. It wie de earste tornado fan de swierens EF4 dy't sûnt 1940 yn Kuba registrearre waard.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd is ferdield yn 15 gemeenten (municipios), dy't op harren beurt wer ûnderferdield binne yn 105 consejos populares (folksrieden).

Gemeenten en folksrieden fan Havana
Nû.GemeenteFolksrieden (Consejos populares)
1PlayaSanta Fe, Siboney, Cubanacán, Ampliación Almendares, Miramar, Sierra, Ceiba, Buena Vista
2Plaza de la RevoluciónEl Carmelo, Vedado-Malecón, Rampa, Príncipe, Plaza, Nuevo Vedado-Puentes Grandes, Colón-Nuevo Vedado, Vedado
3Centro HabanaCayo Hueso, Pueblo Nuevo, Los Sitios, Dragones, Colón
4La Habana ViejaPrado, Catedral, Plaza Vieja, Belén, San Isidro, Jesús María, Tallapiedra
5ReglaGuaicanimar, Loma Modelo, Casablanca
6La Habana del EsteCamilo Cienfuegos, Cojímar, Guiteras, Alturas de Alamar, Alamar Este, Guanabo, Campo Florido, Alamar-Playa
7GuanabacoaMañana-Habana Nueva, Villa I, Villa II, Chivas-Roble, Debeche-Nalon, Hata-Naranjo, Peñalver-Bacuranao, Minas-Barreras
8San Miguel del PadrónRocafort, Luyanó Moderno, Diezmero, San Francisco de Paula, Dolores-Veracruz, Jacomino
9Diez de OctubreLuyanó, Jesús del Monte, Lawton, Vista Alegre, Goyle, Sevillano, La Víbora, Santos Suárez, Tamarindo
10CerroLatinoamericano, Pilar-Atares, Cerro, Las Cañas, El Canal, Palatino, Armada
11MarianaoCAI-Los Ángeles, Pocito-Palmas, Zamora-Cocosolo, Libertad, Pogoloti-Belén-Finlay, Santa Felicia
12La LisaAlturas de La Lisa, Balcón Arimao, El Cano-Valle Grande-Bello 26 y Morado, Punta Brava, Arroyo Arenas, San Agustín, Versalles-Coronela
13BoyerosSantiago de Las Vegas, Nuevo Santiago, Boyeros, Wajay, Calabazar, Altahabana-Capdevila, Armada-Aldabó
14Arroyo NaranjoLos Pinos, Poey, Víbora Park, Mantilla, Párraga, Calvario-Fraternidad, Guinera, Eléctrico, Managua, Callejas
15CotorroSan Pedro-Centro Cotorro, Santa Maria del Rosario, Lotería, Cuatro Caminos, Magdalena-Torriente, Alberro

Dizze gemeenten en consejos populares foarmje tegearre de bestjoerlike yndieling fan Havana.

Troch de jierren hinne is de befolking fan Havana sterk groeid. Benammen tusken de jierren 1950 en 1970 fan 'e 20e iuw wie it persintaazje fan 'e groei yn dûbele sifers. Tusken 1943 en 1953 kaam it tal ynwenners boppe de ien miljoen, en yn 'e jierren 1980 berikte de stêd de mylpeal fan twa miljoen ynwenners. Yn resintere jierren is de befolking lykwols ôfnaam; tusken 2009 en 2012 sakke it tal ynwenners neffens de sifers mei sa'n 1,7 persint. Dat wurdt taskreaun oan in leech bertesifer, fergrizing en migraasje.

De befolking bestiet foar 58,4% út blanken (meastentiids fan Spaanske komôf), 26,4% út mulatten of mestizen, 15,2% út swarten en 0,2% út Aziaten.

De measte minsken binne roomsk-katolyk, guon ferminge it katolisisme mei santería.[2]

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolkingsûntwikkeling fan Havana (1750–2024)
Jier 175019071931194319531970
Ynwennertal 70.000297.159728.500868.4261.139.5791.786.522
Groei —+324,5%+145,2%+19,2%+31,2%+56,8%
Jier 19812002201220182024
Ynwennertal 1.929.4322.171.6712.106.1462.131.4801.749.964
Groei +8,0%+12,6%-3,0%+1,2%-17,9%
Koloniale tsjerke yn Havana.

El Capitolio leit yn it sintrum fan 'e stêd. It gebou waard yn 1929 boud neffens it foarbyld fan it Kapitoal yn Washington. Dêr tichteby steane it Teatro García Lorca en it Gran Teatro de La Habana, de thúshaven fan it Kubaanske Nasjonaal Ballet.

Martí-monumint.

Yn 'e wyk Vedado stiet it Martí-monumint, in monumint foar José Martí, ien fan 'e lieders fan 'e Kubaanske Unôfhinklikensstriid. It waard boud tusken 1953 en 1959, is 109 meter heech en hat fan boppen ôf de foarm fan in stjer. Foar de toer stiet in byld fan Martí. Oan 'e foet fan it monumint leit in grutte iepen romte dêr't Fidel Castro eartiids syn lange redefoeringen hold. Oan 'e râne fan dat plein stiet it gebou fan it Ministearje fan Ynlânske Saken mei it bekende stielen portret fan Che Guevara en de tekst "Hasta la victoria siempre".

El Malecón.

De bekendste attraksje fan Havana is sûnder mis El Malecón, de kilometerslange bûlevard lâns de Strjitte fan Floarida. Dêr fûnen ûnder it bewâld fan Castro grutte massagearkomsten plak. By de bûlevard stiet ek it Monumint foar de slachtoffers fan 'e USS Maine, it Amerikaanske pantserskip dat yn 1898 yn 'e haven fan Havana ûntplofte en sonk.

Oan 'e oare kant fan 'e baai lizze twa âlde Spaanske forten: it ferneamde Castillo del Morro en it grutte Fortaleza de San Carlos de la Cabaña.

Yn Habana Vieja stiet it Palacio de los Capitanes Generales, dat oarspronklik as wenhûs foar de Spaanske gûverneurs boud waard. Nei de ûnôfhinklikens fan Kuba yn 1902 waard it it gebou fan it regear, en sûnt 1967 is it in museum.

It eardere presidinsjele paleis húsfêstet no it Museo de la Revolución, dat de resinte skiednis fan Kuba beljochtet. Efter it museum stiet it Granma-paviljoen mei it jacht Granma, it skip dêr't Fidel Castro en syn rebellen yn 1956 mei op Kuba lânen.

Necrópolis Colón.

De Necrópolis Colón yn Vedado, is in grut begraafplak mei grêven, kapellen en mausolea. Bysûnder is it grêf fan La Milagrosa, dêr't neffens de oerlevering it bern by in lettere werbegraffenis yn 'e earms fan 'e mem weromfûn waard.

Havana is ek nau ferbûn mei de skriuwer Ernest Hemingway, dy't dêr jierrenlang wenne en ferskate ferneamde boeken skreau. By Cojímar, eastlik fan Havana, wurdt er betocht mei in monumint. Ek de ferneamde La Bodeguita del Medio, tichte by de katedraal yn it âlde sintrum, wurdt noch altyd sterk mei Hemingway assosjearre.

Panoramafoto Havana yn 2004
Panoramafoto Havana yn 2004
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige wikipedy (monuminten) en Ingelsktalige wikipedy (skiednis, bestjoerlike yndieling, befolkingsûntwikkeling.)