Leo Popma

Leo Obe Maria Popma (Warkum, 17 febrewaris 1938) is in Frysk skriuwer en bibletekaris.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy ferhuze yn 1948 nei Frjentsjer. Syn gymnasiumoplieding folge er yn in ynternaat yn Megen, tichtby Oss. Hy wie tolve jier doe't er dĂȘr hinne gie en earst slim Ă»nwennich. Op syn tweintichste kaam er werom nei FryslĂąn en begĂ»n er mei in biblioteekoplieding yn Grins. Hy kaam foar it praktyske part yn tsjinst fan de bibleteek Frjentsjer en gie foar de teory nei Grins. Yn 1965 makke er de ferfolchoplieding ĂŽf oan de Keninklike Bibleteek yn De Haach. DĂȘrnei hat er in jier fearn foar de Holland-Amerikaline en de Rotterdamsche Lloyd, om de wrĂąld te sjen en om Ășt te finen wat er fierder mei syn libben woe. Syn hert lei dochs by it bibleteekwurk, hy krige wurk by de Sintrale Biblioteektsjinst yn Ljouwert. Hy klom op ta direkteur fan de Sintrale Bibleteektsjinst. Yn 1993 waard er siktaris fan de Nederlandse Vereniging van Openbare Bibliotheken yn De Haach. Yn dy funksjes koe er syn nocht oan reizgjen en syn nijsgjirrigens nei oare kultueren geregeldwei kombinearje mei syn wurk.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Popmas earste NederlĂąnsktalige gedichten en ferhalen skreau er yn de skoalkrante. Nei't er him by de AfĂ»k it Frysk goed eigenmakke hie, publisearre er yn it literĂȘr tydskrift De Tsjerne. Njonken eigen wurk, warde er him ek as besprekker fan boeken en skreau er skĂŽgings fan proaza en poĂ«zij foar de tydskriften Sonde en Trotwaer. Boppedat liet er him hearre op de doetiids ferneamde dichterfestivals; hy kaam foar it fuotljocht yn Ă».o. Drachten en Ljouwert. Hy debutearre yn 1967 mei de dichtbondel In weak reservaet. Yn 1971 kaam syn proazadebĂșt mei de roman In kwestje fan hĂ»d, yn datselde jier ferskynde ek syn toanielstik Dalek : in skimespul dĂȘr't er de Toanielpriis fan de Provinsje FryslĂąn foar krige. Tusken 1964 en 1967 wĂ»n er seis kear in Rely Jorritsmapriis. DĂȘrnjonken wie er seis jier redakteur fan De Tsjerne en letter, doe't De Tsjerne oergong wie nei Trotwaer, foar dat blĂȘd. Nei de earste trije publikaasjes yn boekfoarm like it literĂȘre fjoer yn Popma dwĂȘst te wĂȘzen.
It hat tritich jier duorre foardat er him op 'e nij oppenearre yn de Fryske-literĂȘre wrĂąld. Pas yn 2002 ferskynde de ferhalebondel Himelsk ferwulf. Twa jier letter folge troch in nije roman De wraakingel, in psychologyske roman dy't ek in aspekt fan in thriller yn him hat.
Syn taal is somtiden poĂ«tysk, syn Frysk fersoarge. Popma brĂ»kt wurk Ășt de wrĂąldliteratuer om plot en tema te ferdjipjen en bout, yn guon gefallen, bewust fuort op it wurk fan oare skriuwers. Ek it feit dat er in soad reizge hat is yn syn wurk werom te finen.
By Utjouwerij Frysk & Frij is de roman As gong der in oar op 27 april 2013 oanbean yn it tsjerkje fan Blessum.
Yn 'e maityd fan 2020 ferskynde syn roman It sket fan Toussaint wĂȘrfoar't er de Rink van der Veldepriis takend krige troch de gemeente SmellingerlĂąn.[1]
Wurk (kar-Ășt)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1964 : Rely Jorritsmapriis foar fers Blues fan de sûndfloed
- 1965Â : Rely Jorritsmapriis foar ferhaal Komsik
- 1965Â : Rely Jorritsmapriis foar fers StĂȘd fan it werkennen
- 1966Â : Rely Jorritsmapriis foar ferhaal De trein
- 1966Â : Rely Jorritsmapriis foar fers Myn folk myn kening
- 1967Â : Rely Jorritsmapriis foar ferhaal Wachtwurd
- 1971Â : Toanielpriis provinsje FryslĂąn foar Dalek: in skimespul
- 2022Â : Rink van der Veldepriis foar It sket fan Toussaint
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |