Springe nei ynhâld

Ripon

Ut Wikipedy
Ripon
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Feriene Keninkryk
RegioYorkshire en de Humber
GreefskipNoard Yorkshire
Sifers
Ynwennertal16.589 (2021)
Oar
PostkoadeHG4
Netnûmer01765
Tiidsône(UTC+0)
Simmertiid(UTC)
Offisjele webside
www.ripon-internet.com
Kaart
Ripon (Ingelân)
Ripon

Ripon is in stêd (city) yn it bestjoerlike goa Harrogate, yn it Ingelske greefskip Noard Yorkshire. Súdeastlik fan Ripon, by Littlethorpe, leit de hyndersracebaan Ripon Racecourse, dêr't sûnt 1900 hyndersrace's holden wurde.

In bysûndere tradysje is The hornblower, wêrby't alle jûnen om njoggen oere by de obelisk op it merkplein troch in hoarnblazer op fjouwer hoeken fan it plein op in hoarn blazen wurdt. Dy tradysje bestiet al mear as tûzen jier sûnder ûnderbrekking.

Oarspronklik stie de stêd bekend as Inhrypum. Yn 'e tiid fan it keninkryk Noardumbrje boude Wilfryd fan York hjir it kleaster út dat bekend stiet as Fountains Abbey en dêr't hjoed-de-dei de ruïnes fan oerbleaun binne. Foar in skoft hearsken de Wytsings oer it gebiet en letter hie it gebiet te lijen fan 'e Normandjers. Nei in koarte tiid fan bouprojekten ûnder de Plantagenets, waard Ripon in wichtich sintrum fan 'e wol- en tekstylyndustry. De Yndustriële Revolúsje gie lykwols foar it grutste part oan Ripon foarby .

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Katedraal fan Ripon.
  • Ruïnes fan Fountains Abbey en it lânskipspark Studley Royal Park.
  • Market Square
  • Ripon Racecourse

De trije musea fan Ripon (Ripon Museums) fertelle oer it 19e-iuwske libben en besteane út in earder wurkhûs, in finzenis- en plysjemuseum en in âld gerjochtsgebou.

Merkplein fan Ripon
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ripon fan Wikimedia Commons.