Springe nei ynhĂąld

Zandeweer

Ut Wikipedy

Zandeweer (GrinslĂąnsk: Zanneweer) is in doarp yn de gemeente It HegelĂąn yn de provinsje GrinslĂąn. Hy leit besuden Uithuizen. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1990 hearde it by de eardere gemeente Kantens. DĂȘrnei waard Zandeweer by de gemeente IemsmĂ»n yndield en sĂ»nt 1 jannewaris 2019 falt Zandeweer Ă»nder de gemeente It HegelĂąn. Zandeweer hat Ă»ngefear 450 ynwenners.

Wynlust

It doarp is Ă»ntstien op in krĂșspunt fan twa lĂąndiken. De bebouwing konsintrearret him noch foar it meastepart bylĂąns dy Ăąlde diken.

De tsjerke fan Zandeweer stamt oarspronklik Ășt de 13e iuw. De losse sealdaktoer komt Ășt de 15e iuw. De tsjerke hat in oargel Ășt 1731 boud troch Albertus Antoni Hinsz, in learling fan Arp Schnitger.

De nĂŽtmole Windlust stamt Ășt 1818. Ek dĂȘrfoar hat der yn Zandeweer in mole stien. De sarrieshut dy't dĂȘrby hearde is der noch.

It doarp hat amper foarsjennings. Neist in doarpshûs is der allinnich in iepenbiere basisskoalle. Der is wol in aktyf ferieningslibben. Bekend is de folkloristyske dûnsgroep de Grunneger Daansers.

Berne yn Zandeweer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]