Springe nei ynhâld

De Lethe

Ut Wikipedy
De Lethe
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Oar
KoÜrdinaten53° 7' NB, 7° 11' EL
Grinspeal by De Lethe

De Lethe (Grinslânsk: Laite) is in buorren yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. De buorren leit beÍasten Bellingwolde, tusken it B.L. Tijdenskanaal en de Dútske grins. De buorren wurdt hjoed-de-dei omjÝn troch in natuergebiet. It is neamd nei de wetterrin De Lethe, Moersloot, Hoholtsmaar of Dunebroeker Leetze (1620).

De delsetting In de Liete waard yn 1692 of 1693 troch predikant Johannes Cypriani neamd as it wenplak fan in nustje gemeenteleden.

De wetternamme Lits of Leetse komt fan de Germaanske stamme *leka of *lako. In dokumint út 1391 neamt de Letze off die Zyp...gelegen tusschen die Westerlee ende de Medum. Besibbe binne de wetternammen Leets by Laskwerd, De Lits by de Rottefalle, Lek(e) yn it Westerkertier en Oosterleek yn West-Fryslân. Ek nammen mei it taheaksel -elte en -lee binne dêroan besibbe.

Yn de Frânske tiid waarden der yn 1797 twa skânzen oanlein: in lytse fjildskâns (redÝte), en justjes benoarden, in iepen fjildwurk mei twa útstykjende hoeken. Beide skânzen waarden troch in dyk meiïnoar ferbÝn (de Soldatedyk). Dy wurken waarden mear brÝkt foar it bestriden fan slÝkerij yn it grinsgebiet mei Dútslân. Yn 1870 waard mei Keninklik Beslút alle fêstings yn Nederlân opheft, dus dy fan De Lethe ek. Yn it ramt fan de ruilferkaveling waarden yn 1984/1985 de âlde fêstings fannijs sichtber makke yn it gea.

Westerwâlde
Doarpen:
Agodorp • Barnflair • Bellingwolde • Blijham • Bourtange • Jipsingboertange • Lyts-Ulsda • Morige • Aldeskâns • Over de Dijk • Rhederbrug • Sellingen • Ter Apel • Ter Apelkanaal • Veelerveen • Vlagtwedde • Vriescheloo • Wedderheide • Wedde • Wedderveer • Zandberg
Buorskippen:
Abeltjeshuis • Bakovensmee • Borgertange • Borgerveld • Burgemeester Beinsdorp • De Bruil • De Bult • Den Ham • Ellersinghuizen • Hanetange • Harpel • Hasseberch • Hebrecht • 't Heem • Hoorn • Hoornderveen • Jipsingboermussel • Jipsinghuizen • Koudehoek • Lammerweg • Laude • Lauderbeetse • Laudermarke • Lauderzwarteveen • Leemdobben • De Lethe • Lutjeloo • De Maten • Munnekemoer • Overdiep • Pallert • Plaggenborg • Poldert • Renneborg • Rhederveld • Rijsdam •Roelage • 't Schot • Sellingerbeetse • Sellingerzwarteveen • Slegge • Stakenborg • Stobben • Ter Borg • Ter Haar • Ter Walslage • Ter Wisch • Tjabbesstreek • Veele • Veerste Veldhuis • Vlagtwedder-Barlage • Vlagtwedder-Veldhuis • Weende • Weenderveld • Weite • Wessingtange • Westeind • Wollingboermarke • Wollinghuizen • Wynskoaterhegebrêge • Zuidveld • Sânwyk • Zethuis • Zuiderburen
Wetter:
B.L. Tijdenskanaal • Mussel-Aa • Mussel-Aa-kanaal • Ruiten Aa • Ruiten-Aa-kanaal • Ter Apelkanaal • Westerwâldske Aa
¡ ¡ Berjocht bewurkje