Springe nei ynhĂąld

Jonkershuzen

Ut Wikipedy
Jonkershuzen
In print fan de Hoytema State Ășt 1722, tekene troch Stellingwerf De tekening is yn it Printekabinet fan it Frysk Museum
In print fan de Hoytema State Ășt 1722, tekene troch Stellingwerf
De tekening is yn it Printekabinet fan it Frysk Museum
Bestjoer
Gemeente SĂșdwest-FryslĂąn
Himrik Tsjerkwert
Oar
TiidsĂŽneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 02' NB, 5° 31' EL
Kaart
Jonkershuzen (SĂșdwest-FryslĂąn)
Jonkershuzen

Jonkershuzen (ek: Buwaldabuorren) is in buorskip yn de gemeente SĂșdwest-FryslĂąn en foel oant 2011 Ă»nder WĂ»nseradiel. Jonkershuzen leit yn de eastlike himrik fan Tsjerkwert. De buorskip leit tusken Tsjerkwert en BlauhĂșs en de bebouwing bestiet Ășt in fjouwertal pleatsen dy't oan 'e noardkant fan 'e Himdyk byinoar lizze. Ien pleats oan 'e sĂșdkant fan 'e Himdyk, mei nĂ»mer 2, Maskeboerherne, kin ek ta de buorskip rekkene wurde.[1]. Jonkershuzen leit oan de Hillebrandsfeart dy't de buorskip mei de doarpskom fan Tsjerkwert ferbynt.

It is net de namme foar in pleats of in famylje, mar foar in hiel buorskip dy't Ășt teminsten fjouwer pleatsen bestie. De bewenners waarden faak as 'toe Buualda' of 'te Bualdabuiren' oantsjutten. De pleatsen leinen op of njonken de terp oan de Hillebrandsfeart. Net ien fan de pleatsen hat eigendom fan in jonker of haadling west. Yn Jonkershuzen stie ek de stins Hoytema State. Homme Hoytema, dy't sels gjin eigendom op Buwaldabuorren hie, wie de ienige aadlike bewenner. Troch de houlikspolityk yn de sechtjinde en de iere santjinde iuw wienen lykwols alle eigeners-brĂ»kers fan de saten fan Buwaldabuorren yn 1640 nau mei 'jonkers' besibbe. Gearstalde famyljenammen, kertierwapens op grĂȘfstiennen en alliĂąnsjewapens op gevelstiennen beneidrukten dy sibskip. De oantsjutting 'jonkers' krige faak in hunende Ă»ndertoan en sil wol stimulearre wĂȘze trochdat se troch oaren as klyk sjoen waaarden. Se hearden lykwols ta ferskillende famyljes, mar bleauen allegear katolyk en wienen Ă»nderling op mear as ien manier besibbe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ (ned) Webredaksje, Buwaldaburen te Tjerkwerd ‱ Tsjerkwert. Tsjerkwert (18 desimber 2017). Argivearre op 6 jannewaris 2023. Oproppen op 2023-01-062023-01-06.

  • Gildemacher, Karel F. (2007). Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten. Ljouwert, Friese Pers/Noordboek.