Springe nei ynhâld

Tsjerkwert

Ut Wikipedy
Tsjerkwert
Doarpsicht
Doarpsicht
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal435 (1 jannewaris 2025)[1]
Oerflak12,05 km² (11,89 km² lân, 0,16 km² wetter)
Befolkingsticht.37 ynw. /km²
Oar
FerkearsierenN359
Postkoade8765
NetnĂťmer0515
TiidsĂ´neUTC +1
SimmertiidUTC +2
KoÜrdinaten53° 02' N 5° 30' E
Sint-Petrustsjerke
Sint-Petrustsjerke
Offisjele webside
Side fan Tsjerkwert
FB-side fan Tsjerkwert
Kaart
Tsjerkwert (Fryslân)
Tsjerkwert
Kaart
Doarpsicht
Himrik fan Tsjerkwert (grien) yn 'e eardere gemeente WĂťnseradiel

Tsjerkwert is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Boalsert. It doarp hat 435 ynwenners (1 jannewaris 2025).

De himrik fan Tsjerkwert grinzet, fan it noarden, mei de klok mei, oan: Boalsert, BlauhĂşs, Greonterp, Dedzjum, Parregea en Eksmoarre. It doarp leit oan de eastkant fan de Warkumer Trekfeart tusken Boalsert en Parregea. Oan de sĂşdkant fan it doarp giet fan de trekfeart it Van Panhuyskanaal nei it westen nei Makkum. Oan de westkant fan de trekfeart leit ek de N359, dĂŞr't it doarp oer in brĂŞge mei ferbĂťn is. Nei it sĂşdeasten rint de Himdyk nei BlauhĂşs.

Ta de himrik fan Tsjerkwert hearre ek de buorskippen Aaksens, Arkum, Beabuorren, Ymswâlde, Jonkershuzen en Jousterp.

De yn 1800 Ă´fbrutsen Waltastate

It doarp Ýnstie eartiids op in terp en Ýntjoech him letter ek by de feart lâns. Sa Ýnstie der njonken it terpdoarp ek in lange streek.

Yn de 13e iuw waard it doarp 'Kercwere' neamd. DĂŞrnei folgen nammen lykas 'Kercwerve' (1313), 'Kerkwerc' (1331), 'Karcwarde' en 'Kercwaerd' (1333), 'Kercweer' (1399), 'Tzerckwert' (1453) en 'Tjerckwert' (1664). De plaknamme ferwiist nei in tsjerke ('tjerk') op in opheging foar bewenning, yn it Aldfrysk 'werve'.

Op it plak fan de yn 1800 ôfbrutsen Waltastate stiet tsjintwurdich in mânske pleats. De state waard nei de Walta's troch de Fan Cammingha's bewenne en nei it ferstjerren fan Watse fan Cammingha (1668) liet syn frou Rixt fan Donia foar har man in moarmeren praalmonumint yn de tsjerke sette.

Oant 2011 lei Tsjerkwert yn de eardere gemeente WÝnseradiel. Yn 2011 is dy gemeente opgongen yn de gemeente Súdwest Fryslân.

It doarpsbelang fertsjintwurdiget de belangen fan de ynwenners fan it doarp. It doarpshÝs is It WaltahÝs. De doarpskrante fan Tsjerkwert hjit 't Skieppesturtsje, ferneamd nei de skelnamme fan de Tsjerkwerters. Op it nijjiersbal wurdt de jierpriis fan Tsjerkwert útrikt: De Skieppesturt. De Ýnderskieding bestiet út in echte skippesturt út de ienige skiep- en laamsfachtloaierij fan Nederlân, dy fan Van Buren oan de Warkumer Trekwei yn Boalsert. De byhearrende oarkunde wurdt jÝn om minsken yn it sintsje te setten, dy't yn de rin fan de jierren boppe de grutte grize kloft fan warbere wurkers útstekke. De sjuery bestiet út redaksjeleden fan de doarpskrante.

Tsjerkwert leit op de helte fan de rĂťte fan de AlvestĂŞdetocht. SĂťnt 2021 is it doarp ferrike mei it keunstwurk 'Fyftjin en Fierder'. It bestiet Ăşt ferskillende dielen fan 15 silhĂťetten oan de Warkumer Trekfeart. Elts silhĂťet stiet foar it jier dat de tocht rieden waard en foar de silhĂťetten hawwe ynwenners fan it doarp model stien.[2]

Alde pastorije
Sjoch: Sint-Petrustsjerke (Tsjerkwert) foar it haadartikel oer dit Ăťnderwerp.

De PKN-gemeente Tsjerkwert-Dedzjum makket alle sneinen gebrĂťk fan de Petrustsjerke yn Tsjerkwert. Ienris yn de moanne brĂťkt de PKN ek de tsjerke fan Dedzjum. Oant 1987 hie Tsjerkwert ek in grifformearde tsjerke, de Lytse Tsjerke. Yn 1987 waard de Lytse Tsjerke sletten, mar it gebou krige in oare funksje en bleau sĂťnder al te grutte feroarings oan de bĂťtenkant bestean.

De eardere grifformearde tsjerke

It doarp hat ien basisskoalle: de kristlike basisskoalle De ReinbĂ´ge en in pjutteboartersplak It Pjuttehonk foar bern Ăşt Tsjerkwert, Dedzjum, Parregea en Hieslum.

  • Begraffenisferiening Tsjerkwert-Dedzjum
  • Biljertferiening H.T.S.
  • Fitness Foar Froulju
  • Kaartklub
  • Keatsferiening De Twa Doarpen (mei Dedzjum)
  • Iisklup Tsjerkwert
  • Muzykferiening Eensgezindheid
  • Oranjeferiening Mei Inoar Ien
  • Stifting Windkracht Tien
  • 60+ soas Tsjerkwert–Dedzjum
Underdiel fan 'Fyftjin en Fierder'

Berne yn Tsjerkwert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier195419591964196919742000200220092022
Ynwenners560524504473438463478466447

Troch Tsjerkwert rint de folgjende busline:

De busline troch Tsjerkwert wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Arkum, Beabuorren, Boalserterwei, Iemswâlderleane, Himdyk, Jousterperwei, Kade, Tsjerkestrjitte, Rytseterp, Singel, Sylroede, Van Panhuijswei, Waltawei.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
StĂŞden:
Boalsert • Drylts • Hylpen • Snits • Starum • Warkum
Doarpen en Ăştbuorrens:
Abbegea • Aldegea • Allingawier • Arum • Blauhús • Boazum • Breesândyk • Britswert • Burchwert • Dearsum • Dedzjum • Easterein • Easterwierrum • Easthim • Eksmoarre • Ferwâlde • Folsgeare • Gaast • De Gaastmar • Gau • Goaiïngea • Greonterp • Hartwert • Heech • It Heidenskip • Hichtum • Hidaard • Hieslum • Himmelum • Hinnaard • De Hommerts • Idzegea • Iens • Yndyk • Ypekolsgea • Ysbrechtum • Itens • Jutryp • Kimswert • Koarnwert • Koarnwertersân • Koudum • Kûbaard • Kûfurderrige • Laaksum • Lytsewierrum • Loaiïngea • Lollum • Longerhou • Makkum • Molkwar • Nijhuzum • Nijlân • Offenwier • Parregea • Penjum • Piaam • Poppenwier • Raerd • Reahûs • Rien • Sânfurd • Sibrandabuorren • Skarl • Skearnegoutum • Skettens • Skraard • Skuzum • Smelbrêge • Surch • Tersoal • Toppenhuzen • Tsjalhuzum • Tsjerkwert • Turns • Twellingea • Waaksens • Wâldsein • Warns • Westhim • Wytmarsum • Wiuwert • Wolsum • Wommels • Wûns
Buorskippen:
Aaksens • Abbegeasterketting • Altena • Andelahuzen • Annebuorren • Arkum • Atsebuorren • Baarderbuorren • De Band • Barsum • Beabuorren • Bessens • Bernsterbuorren • De Bieren • Bittens • De Blokken • Blomkamp • Boatlân • Bonjeterp • Boppebuorren • Brânburren • De Burd • Dyksterbuorren • Doanjebuorren • Doanjewier • Draeisterhuzen • Eambuorren • Eangterp • Easthim (Wytmarsum) • Eksmoarstersyl • Fallingabuorren • Feytebuorren • Fiifhûs • Filens • Fiskersbuorren • Fjouwerhuzen • Flânsum • It Fliet • Galamadammen • Goaiïngamieden • Goaium • Grauwe Kat • De Grits • Grutte Wiske • Greate Wierrum • Haaium • Harkesyl • De Hel • Hiemert • Hidaardersyl • Hiddum • Hoekens • Hoarnsterbuorren • Hou • Idserdabuorren • Ymswâlde • Yndyk (Boazum) • Yndyk (Parregea) • Ingwert • Ingwier • Ysgum • Ytsum • Jeth • Jonkershuzen • Jousterp • Jouswert • Kathuzum • De Kampen • De Kat • Kathuzum • Klaeiterp • De Kliuw • Knossens • Koaihuzen • Kromwâl (Boalsert) • Kromwâl (Britswert) • Laerd en Saerd • Lippenwâlde • De Lytse Gaastmar • Lytse Wiske • Lytshuzen • Lonjé • Makkum (Boazum) • Meilahuzen • Monebuorren • Montsamabuorren • Mountsjewier • Mûntsebuorren • De Nes • Nijbuorren • Nijekleaster • Nijesyl • 't Noard • Osingahuzen • Pikesyl • De Pôle • Rea Skuorre • Remswert • Rytseterp • Saard • Sânfurder Ryp • Sylsterbuorren • Syswert • Sjongedyk • Skearnebuorren • Skrok • Sotterum (Koarnwert) • Sotterum (Skettens) • 't Sou • Spears • Spyk • It Strân • Swaanwert • Swarte Beien • Trijehuzen (Hidaard) • Trijehuzen (Snits) • Trijehuzen (Wommels) • Tsjerkebuorren • De Wearen • Westerbuorren • Westerlittens • De Wieren • Wolsumer Ketting • Wonnebuorren
¡ ¡ Berjocht bewurkje