Springe nei ynhâld

Skuzum

Ut Wikipedy
Skuzum
Doarpswei
Doarpswei
Emblemen
               
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal205 (1 jannewaris 2025)[1]
Oerflak0,51 km²
Befolkingsticht.206 ynw./km²
Oar
Postkoade8755
NetnĂťmer0515
TiidsĂ´neUTC +1
SimmertiidUTC +2
KoÜrdinaten53° 2' NB, 5° 25' EL
Himrik fan Skuzum
Himrik fan Skuzum
Kaart
Skuzum (Fryslân)
Skuzum

Skuzum is in doarpke besuden Makkum yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Skuzum hat 205 (1 jannewaris 2025)[2] ynwenners.

It doarp waard yn 1270 Ytsingahusum neamd en in iuw letter ferbastere yn Idsingahusen. Eartiids wie Skuzum allinnich oer de seedyk te berikken. Doe't de Makkumer Mar yn 1876-1878 drĂťchlein waard, wie it mooglik om oer de Brekkenwei nei Allingawier te gean.

Boppesteech.

It Skústerfjild is in smel stik grÝn efter de seedyk fan Gaast oant Koarnwert, dy't troch it Fly dellein is. It Fly foarme ek de heger lizzende ouwerwâlen, de lettere hege savelgrÝnen. Oan ien fan de kriken is oan it begjin fan 'e jiertelling de Skústerterp oanlein. Dat die bliken út de fynst fan twa amuletten, wêrfan ien tichtby de seedyk by Piaam fÝn is (twadde iuw nei Kr.) en de oare by Skuzum (út deselde tiid). Op dy lêste steane de wurden Terra-Sigillata.

De frij wolfarrende terpbewenners hienen lân oant Altena's pleats op de kromming fan de Grutte Sylroede by Makkum. Ek de lettere mÝnen oan 'e Lytse Sylroede stienen op it grÝngebiet fan Skuzum.

By de gefjochten tusken Skieringers en Fetkeapers diene ek Skuzumers mei om yn 1500 Heinrich fan Saksen te ferjeien. De omkriten fan Makkum, dat ek Skuzum, hawwe lange tiid beset west troch de Spanjerts. Omdat men bang wie foar oanfallen fan de Wettergeuzen oer de Sudersee, moasten de doarpen mankrĂŞft en hynders leverje foar wachtrinnen op 'e seediken. Om 1580 waarden de Spanjerts ferjage en briek in rĂŞstiger tiid oan.

It wetter bliuwt de grutste fijân en elk doarp fan WÝnseradiel krijt in fak fan de dyk tawiisd om te Ýnderhâlden. De doarpsrjochters hawwe it tafersjoch. By de dykferhegingen fan 1530 en 1570 binne de dykfearten (ek: seadfearten) groeven. Yn it gebiet tusken Makkum en de Skústertille, leit in stik leechlân tusken de dyksfeart en de hegere lânbougrÝnen, wat wiist op it weiheljen fan grÝn foar dykferhegingen. De roerige Frânske tiid fan striid tusen patriotten en prinsgesinden liket oan Skuzum foarby te gean, krektas de striid oer tsjerklike en skoallekwestjes.

SkĂşster tsjerke

De Skúster tsjerke waard yn 1874 boud en ferfong in âldere tsjerke dy't brekfallich waard. Yn it houten geveltuorke hinget in klok dy't yn 1696 getten waard. It oargel fan 'e tsjerke waard yn 1908 boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. Súdeastlik fan de tsjerke stiet de eardere pastorij. SÝnt 1971 binne der gjin tsjinsten mear yn'e tsjerke. SÝnt draacht de Stifting Skúster Tsjerke soarch foar it Ýnderhâld fan 'e tsjerke.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 2011 lei Skuzum yn de eardere gemeente WÝnseradiel. SÝnt de weryndieling yn dat jier heart it doarp by de gemeente Súdwest-Fryslân.

DoarpshĂťs De Treffer.

"Jimmeroan" is de namme fan 'e feriening foar Doarpsbelang. It doarpshÝs hjit "De Treffer". Juny is de moanne foar it doarpsfeest en yn septimber organisearret it doarp mei Piaam alle jierren in barbecue. De bynamme fan 'e ynwenners is "beantsjefretters". De nôtier yn it doarpswapen ferwiist nei de lânbou.

Boppesteech 3.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1840195419591964196919742011
Ynwenners7717916314512091109

Berne yn Skuzum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch Skuzum rinne de folgjende buslinen:

De buslinen toch Skuzum wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee Skuzum
  • A.Algra - De doarpen
  • P.S.de Boer - De doleantie te Makkum
  • Yr. J.Cnossen - De bodem van Wonseradeel
  • Mr H.T.Obreen - Makkum en de westkust van Friesland
  • H.Oldenhof - De Skiednis van de griteny
  • G.J.Paul - Schepping en Koninkrijk,Ă­n stĂşdzje oer de teology fan dr. Oepke Noordmans
  • R.S.Roarda - Ir Sint-Anna Lien to Hidaerd
  • Drs R.Steensma - Geastlik libben yn Wunseradiel

Súdwest-Fryslân
StĂŞden:
Boalsert • Drylts • Hylpen • Snits • Starum • Warkum
Doarpen en Ăştbuorrens:
Abbegea • Aldegea • Allingawier • Arum • Blauhús • Boazum • Breesândyk • Britswert • Burchwert • Dearsum • Dedzjum • Easterein • Easterwierrum • Easthim • Eksmoarre • Ferwâlde • Folsgeare • Gaast • De Gaastmar • Gau • Goaiïngea • Greonterp • Hartwert • Heech • It Heidenskip • Hichtum • Hidaard • Hieslum • Himmelum • Hinnaard • De Hommerts • Idzegea • Iens • Yndyk • Ypekolsgea • Ysbrechtum • Itens • Jutryp • Kimswert • Koarnwert • Koarnwertersân • Koudum • Kûbaard • Kûfurderrige • Laaksum • Lytsewierrum • Loaiïngea • Lollum • Longerhou • Makkum • Molkwar • Nijhuzum • Nijlân • Offenwier • Parregea • Penjum • Piaam • Poppenwier • Raerd • Reahûs • Rien • Sânfurd • Sibrandabuorren • Skarl • Skearnegoutum • Skettens • Skraard • Skuzum • Smelbrêge • Surch • Tersoal • Toppenhuzen • Tsjalhuzum • Tsjerkwert • Turns • Twellingea • Waaksens • Wâldsein • Warns • Westhim • Wytmarsum • Wiuwert • Wolsum • Wommels • Wûns
Buorskippen:
Aaksens • Abbegeasterketting • Altena • Andelahuzen • Annebuorren • Arkum • Atsebuorren • Baarderbuorren • De Band • Barsum • Beabuorren • Bessens • Bernsterbuorren • De Bieren • Bittens • De Blokken • Blomkamp • Boatlân • Bonjeterp • Boppebuorren • Brânburren • De Burd • Dyksterbuorren • Doanjebuorren • Doanjewier • Draeisterhuzen • Eambuorren • Eangterp • Easthim (Wytmarsum) • Eksmoarstersyl • Fallingabuorren • Feytebuorren • Fiifhûs • Filens • Fiskersbuorren • Fjouwerhuzen • Flânsum • It Fliet • Galamadammen • Goaiïngamieden • Goaium • Grauwe Kat • De Grits • Grutte Wiske • Greate Wierrum • Haaium • Harkesyl • De Hel • Hiemert • Hidaardersyl • Hiddum • Hoekens • Hoarnsterbuorren • Hou • Idserdabuorren • Ymswâlde • Yndyk (Boazum) • Yndyk (Parregea) • Ingwert • Ingwier • Ysgum • Ytsum • Jeth • Jonkershuzen • Jousterp • Jouswert • Kathuzum • De Kampen • De Kat • Kathuzum • Klaeiterp • De Kliuw • Knossens • Koaihuzen • Kromwâl (Boalsert) • Kromwâl (Britswert) • Laerd en Saerd • Lippenwâlde • De Lytse Gaastmar • Lytse Wiske • Lytshuzen • Lonjé • Makkum (Boazum) • Meilahuzen • Monebuorren • Montsamabuorren • Mountsjewier • Mûntsebuorren • De Nes • Nijbuorren • Nijekleaster • Nijesyl • 't Noard • Osingahuzen • Pikesyl • De Pôle • Rea Skuorre • Remswert • Rytseterp • Saard • Sânfurder Ryp • Sylsterbuorren • Syswert • Sjongedyk • Skearnebuorren • Skrok • Sotterum (Koarnwert) • Sotterum (Skettens) • 't Sou • Spears • Spyk • It Strân • Swaanwert • Swarte Beien • Trijehuzen (Hidaard) • Trijehuzen (Snits) • Trijehuzen (Wommels) • Tsjerkebuorren • De Wearen • Westerbuorren • Westerlittens • De Wieren • Wolsumer Ketting • Wonnebuorren
¡ ¡ Berjocht bewurkje