Ferwâlde
| Ferwâlde | ||
| Tsjerke fan Ferwâlde | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 235 (1 jannewaris 2025)[1] | |
| Oerflak | 7,16 km² (7,08 km² lân, 0,08 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 31 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8761 | |
| NetnĂťmer | 0515 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 0' NB, 5° 26' EL | |
| Printsjekaart fan Ferwâlde | ||
| Timmerwurkplak | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Ferwâlde | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Himrik fan Ferwâlde (grien) yn 'e eardere gemeente WÝnseradiel | ||
Ferwâlde (Ferwoude) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardlik fan Warkum en súdeastlik fan Gaast. De Djippert rint troch it doarp hinne, dy't justjes súdlik ôfspjalt yn 'e Yskeburrefeart en de Lytse Feart, dy't útkomt yn 'e Yndyk en de yn 1876-1879 drÝchleine Kolken oan 'e noardkant fan 'e eardere Warkumer Mar.
Ferwâlde hat 235 ynwenners (1 jannewaris 2025). Ta de himrik fan Ferwâlde hearre ek de buorskippen Bambuorren, Doanjebuorren, Fallingabuorren, Skearnebuorren en Wonnebuorren.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard yn 1275 Forwolda, yn 1315 Vorwalda, yn 1399 yn in Nederlânsktalige tekst Werwoude, yn 1496 Vorwolde, yn 1520 yn it Frysk Foerwaelde neamd. Yn de sechtjinde iuw komt yn Nederlânsk Ferwolde en yn it Frysk Ferwaad foar. Schotanus (1664) jout Verwoude en Ferwolde. Yn de achtjinde iuw besteane de fariaasjes Ferwolde en Ferwoude njonkeninoar. De namme ferwiist mooglik nei dat it plak foar as tichteby (for/fer) by in sompebosk (wald/wold) lei.
Ferwâlde wie yn it ferline in grut doarp, troch syn grutte himrik mei grutte wichtige pleatsen. Dêr koe it gâns wat stimmen troch útbringe yn 'e doetiidske gritenij WÝnseradiel. It doarp libbe almeast fan 'e feehâlderij, wylst der tichter by de seedyk, by de buorskip Doanjebuorren wat spoaren fan boulân werom te finen binne. It doarp sels Ýntwikkele syn doarpskearn súdlik fan 'e tsjerke.
Oant 2011 lei Ferwâlde yn de eardere gemeente WÝnseradiel.
MĂťne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1930 hat dĂŞr in mĂťne stien dy't de Fallingabuorster- en Aeltsjemarpolder bemealde. De mĂťne stie al yn de Schotanusatlas, dat dy moat der al foar 1718 stien hawwe.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doarpstsjerke eaget mei syn kleurige beplastere uterlik noch net sa âld; lykwols moat er al datearje út de twadde helte fan de 13e iuw. Mar der geane ek ferhalen dat tsjerke en toer yn 1762 ôfbrutsen binne mei it doel de dowestiennen te ferkeapjen oan de semintyndustry fan Makkum. Yn 1767 wie de nije tsjerke mei in spitstuorke op 'e westlike gevel klear. De lêste fernijing fan de tsjerke wie yn 1877. It skip hat in trijekantich sletten koer en op de westlike gevel stiet in houten tuorke. De tagongspoarte is fersierd mei bak- en sânstien en hat in fronton mei opskrift en it jier 1767. De famyljebank fan Van Velzen datearret út de 18e iuw en in ienfâldiger bank mei draaide balusters is nóch in iuw âlder.
De tsjerke waard op 23 novimber 2018 oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.
Doarpswapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan fjouwer gouden ringen hinget in read findel. Neffens oerlevering soe Friso dy meinomd hawwe en binne der in soad oerwinnings mei behelle. Dy Magnusfane fan Friso wie in reade banier, dy't fjouwer bjusterbaarlike krêften hie: hy beskerme tsjin tonger en stoarm, hy warre kweageasten, hy bruts tsjoenen en hy koe net oerwÝn wurde. Nei de tiid fan Friso waard de fane bedobbe, sa't gjin fijân dy fine koe. Yn in leginde soe in Frysk legerÝnderdiel Ýnder dit findel Rome ferovere hawwe en de stêd Rome oan Karel de Grutte oerdroegen hawwe. Yn de dom fan Almenum waard it letter bewarre, de Denen hawwe letter noch besocht om it te feroverjen. Mar omdat it findel neffens de leginde ynmitsele wie yn de tsjerkemuorre mislearre dat. Mar sa't Jancko van Douwama skriuwt: ,,Insgelijcken heb icket wal gehoert, dat he solden bemuert wesen to Fernewolde."
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tsjerke fan Ferwâlde
- Doarpstimmerwurkplak, foar 2005 eartiids Ăťnderdiel fan de Aldfaers ErfrĂťte
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in sterk agrarysk karakter. De lĂŞste jierren is der nijbou byboud oan de Buorren en de Djipwei. Foar boadskippen binne de ynwenners oanwiisd op Warkum, Makkum en Boalsert.
It Doarpsbelang fertsjintwurdiget de belangen fan 'e ynwenners fan Ferwâlde. It doarp hat in doarpshÝs yn 'e eardere skoalle De Finne, dy't yn 2017 it eardere doarpshÝs De Djippert ferfong. De namme fan De Djippert wie ôflaat fan de feart dy't troch it doarp rint.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat ferskate ferienings:
- Keatsferiening Trije yn Ien
- Toanielferiening Yn 'e Djippert
- Biljertklup
- Biljertklup foar de âlderein
- Jongereinklup
- Frouljusferiening
- Stifting Ald Ferwâlde
- Stifting Begraafplakken Gaast-Ferwâlde
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Protetstantske gemeente Warkum
- Pleatslike kommisje Gaast-Ferwâlde
Underrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1991 hie it doarp in eigen skoalle, De Finne. Dy fusearre yn dat jier mei dy fan Gaast, dy't doe slute moast omreden te min learlingen. Yn 2016 moast De Finne sels ek slute om deselde problemen.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 344 | 283 | 295 | 248 | 237 | 230 | 240[2] | 235[2] |
Berne yn Ferwâlde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ruurd Okma (1839-1915), feehâlder en politikus
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Steffen is patroanhillige fan Ferwâlde.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Ferwâlde rinne de folgjende buslinen:
De buslinen troch Ferwâlde wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aaltsjemarwei, Buorren, Doanjebuorren, Robyn Joelesfinne, Skearnebuorsterwei, Wonnebuorsterwei.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit Ýnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ferwâlde fan Wikimedia Commons. |