Folsgeare
| |||||
| Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
| Ynwennertal (2018) | 330â | ||||
| Webstee | |||||


Folsgeare (Nederlânsk: Folsgare) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Snits. It doarp hat likernôch 330 ynwenners (2018). Oant 2011 lei Folsgeare yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
De muontsen fan it kleaster Thabor by Turns en fan it Aldekleaster (Kleaster Blomkamp) by Hartwert hawwe om it jier 1000 hinne holpen by it oanlizzen fan diken yn de âlde Middelsee. De Tsjaarddyk is justjes nei 1100 oanlein om it krekt op de Middelsee wÝne lân om de doarpen Nijlân en Folsgare foar oerstreamings te behoedzjen. Op de krusing fan de Tsjaarddyk, Jongedyk en de Mieddyk is de buorren fan Folsgeare Ýntstien.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De herfoarme tsjerke Ăşt 1875 mei sealdaktoer 1534 binne yn 1961-1962 restaurearre.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang. Yn 1988 waard tichtby it sportfjild in nij doarpshĂťs iepene, Yn 'e Lijte. It hat in beweechber poadium, klaaikeamers foar de bĂťtensport, in feestseal en in romte foar gearkomsten.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Foar de Wyn - toaniel
- Folsgearster Folk - koar foar shanty en folkmyzyk
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hie oant en mei it skoaljier 2017-2018 in basisskoalle, De Gearrin. De skoalle wie yn 2015 al fusearre mei de skoallen fan Easthim en Abbega, mar dat wie net foldwaande om genôch learlingen te behâlden. De skoalle fusearre dêrom mei dy fan Nijlân en de skoalle yn Folsgeare waard sletten.
Wapen fan Folsgeare
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp mei omkriten binne yn it doarpswapen werom te finen: it blau en de gouden leelje komme fan it gemeentewapen en de eardere Middelsee by it doarp, yn de hoeke leit de "Tsjaarddyk". De keper ferwiist nei dizze dykshoeke. Op dizze keper stiet in ruster wĂŞrop Sint Laurentius, de beskermhillige fan de eartiidse doarpstsjerke, dy't hjirop martele wĂŞze soe.
Bekende Folsgearsters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Meinte Abma (1930), boargemaster fan efterelkoar Hinnaarderadiel, Drylts, WĂťnseradiel, Ljouwerteradiel en SkiermĂťntseach
- Fryske dichter Gerben Willem Abma (pseud. DaniĂŤl Daen) is yn 1942 berne yn Folsgeare, ek syn broer Gerben Abma (1932) is dĂŞr berne
- Wout Zijlstra, hie as sterkste man fan Fryslân de bynamme de âFlits fan Folsgeareâ
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Folsgeare rint de folgjende busline:
- Line 99: Harns - It Hearrenfean fia Boalsert en Snits
De busline troch Folsgeare wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Easthimmerwei, Ekers-Ein, Folsgearsterleane, Garastrjitte, It Werp, Skeender, Tsjaarddyk, Wallemadyk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|