Lytsewierrum
| Lytsewierrum | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 60 (2022) [1] | |
| Oerflak | 3,37 km² lân: 3,35 km² wetter: 0,02 km² | |
| Befolkingsticht. | 18 ynw./km² | |
| Oar | ||
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 05' N 5° 39' E | |
| Offisjele webside | ||
| De4doarpen.nl | ||
| Kaart | ||
Lytsewierrum is in terpdoarp yn it suden fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Oant en mei 1955 wie it doarp Rien in buorskip fan Lytsewierrum. Under Lytsewierrum falt ek de buorskip Greate Wierrum. Lytsewierrum hat in beskerme doarpsgesicht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp Ýntstie op in terp op 'e eastlike ein fan it gebiet fan Easterein, dat in skoft in eilân wie. It doarp Ýnstie op en om dy terp, mar de terp sels is net mear te sjen.
Mooglik wiist de namme nei it feit dat it ien fan 'e lytse terpen om Easterein hinne wie. It diel 'Lutke' tsjut op lyts. Se wolle ek wol ha dat Lytsewierrum him mei de namme Ăťnderskiedt fan Greate Wierrum. Lytsewierrum waard lykwols earder neamt as Greate Wierrum: yn 1381 foar it earst as 'Liticawerum'. Oare nammen fan Lytsewierrum wiene 'Lytthya Werum' (1427), 'Luttikewerum' (1482), 'Lutke Werum' (1496), 'Luttekewerum' (1505), 'Kleijne Wierum' (1511), 'Luttelwierum' (16e iuw). Greate Wierrum waard foar it earst yn 1529 neamd.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Lytsewierrum diel út fan 'e gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn 1984 by de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei in gemeentlike weryndieling kaam it doarp yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lytsewierrum hat is in goed bewarre let-goatyske tsjerke. Hoewol't de toer oarspronklik fan âldere datum (1557) is as de tsjerke, is dy troch lettere fernijingen dochs minder autentyk. Op 'e sealtektoer stiet in "Sint-Marten" op in hynder, alhoewol't de tsjerke wijd is oan de hillige Gertrudis en net oan Sint-Marten. Oan it troch tsjerke en tsjerkhôf foarme rÝne sintrum lizze in pear hiemen op in dúdlike ôfstân fan it sirkelfoarmige tsjerkepaad.

Eastlik fan 'e tsjerke stiet de eklektyske pastorij Ăşt 1880.
LikernĂ´ch in kilometer sĂşdlik fan it doarp oan 'e Legedyk stiet yn 'e buorskip Greate Wierum in yn 1921 boude Amerikaanske wynmotor. De HerkulesmĂťne is in ryksmonumint.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum foarmje tegearre de fjouwer doarpen (De 4 Doarpen). Hja hawwe in mienskiplik doarpsbelang, in mienskiplike doarpskrante en ek de ferienings binne mienskiplik. It doarpshĂťs stiet yn Itens en hjit 'De Lytse Fjouwere'.

Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Protestantske streekgemeente 'De Slachsang' (webstee)
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Basisskoalle De Romte (webstee) yn Itens
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aktiviteitenkommisje 'De Romte'
- Biljertferiening 'De Kromme Keu'
- Dartclub 'De Fjouwer Flaaijers'
- Filmclub
- FĂťgelwacht 'De Fjouwer Doarpen'
- Iisklub 'Eensgezind'
- Kaartklub 'De Fjouwerkaart'
- Keatsferiening Itens e.o.
- Toanielferiening

Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1954* | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 | 2022 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 325* | 113 | 109 | 96 | 88 | 60 | 71 | 60 |
* ynklusyf Rien
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Lytsewierrrum rint de folgjende busline:
De busline troch Lytsewierrum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buorren, De Heide, Greate Wierum, Hegedyk, Ivigeleane, Molmawei, Nijlânsdyk, Slachtedyk, Tsjerkeleane.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 'e âlde pastorij mei de namme BÝtenskinkerij sit no keunstneresse Teresa Takes.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
