Springe nei ynhâld

Easterein

Ut Wikipedy
Easterein
Flagge fan Easterein Wapen fan Easterein
Flagge Wapen
Lokaasje fan Easterein
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2017) 964
Webstee Webstee Easterein
Sicht op de toer
Van Eijsingaleane-Sibadawei
De Martinytsjerke yn Easterein
Kafee en pastorije
Dizze side giet oer it doarp Easterein yn 'e Greidhoeke fan Fryslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Easterein (betsjuttings).

Easterein is in Frysk doarp dat midden yn 'e Greidhoeke leit en diel útmakket fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Foarôfgeande oan 'e gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 lei it yn Hinnaarderadiel. It sintrum fan it doarp hat de status fan beskerme doarpsgesicht. Easterein wurdt ek wol it filmdoarp neamd, om't it yn ferskate films as dekôr tsjinne hat. Opfallend yn 'e buorren wiene eartiids de wipbrêgen dy't no ferfongen binne troch fêste stiennen brêgen. Oan de westkant fan it doarp is yn de jierren '90 noch in nijbouwyk komd. Op 1 jannewaris 2017 hie Easterein 964 ynwenners. De plaknamme 'Easterein' is yn 1991 offisjeel yn it Frysk fêststeld.

It meast opfallend yn it doarp is de Martinytsjerke. De tsjerke is foar it meastepart midsiuwsk (13e iuw) en hat de âldste (1400) sakristy fan Fryslân. Fierder falt de seldsume kreake út 1554 mei ryk houtfykwurk út de tiid fan de rennêssânse op. Yn de tsjerke sit ek noch in hearebank út de 17e iuw.

It eardere (gereformearde) tsjerkegebou yn it doarp, wurdt as wenning mei keunstromte brĂťkt. Tsjerke is iepen op oanfraach, en eltse freed fan 13:30 oant 17:00 (mrt-okt)

SĂşdlik fan it doarp stiet de RispenserpoldermĂťne, in oarspronklik ut 1821 datearjende grĂťnsiler.

Easterein hat in nij multyfunksjoneel sintrum. Hast alle ferienings Ăşt it doarp sitte dĂŞryn, lykas pjutteboartersplak De PoaskepĂ´le en keatsferiening. Sa kinne sport, kultuer, soarch en wolwĂŞzen alle kanten op. Mei ĂştsĂťndering alle tsjerkelike aktiviteiten, dizze fine plak yn de romte fan de monumintale Martinytsjerke. It gebou is net geskikt foar gelegenheden fan persoanlike aard (feestkes, begraffenissen ensfh.). Yn 2000 binne de earste plannen betocht. Yn 2005 binne de finansjele saken regele. It gebou is betelle mei subsydzje en bydragen fan ferienings, en Tsjerke hat 150.000 euro stoart. Ek de bewenners fan Easterein ha meiholpen.

Der is fierders in basisskoalle, dêr't ek de bern fan Hidaard hinne geane. Sporthal De Greidhoeke is sÝnt 1977 de sportlokaasje foar de ferienings út it doarp en fan 'e eardere gemeente Littenseradiel. Nije ynwenners krije fan Doarpsbelang it ynformaasjeboekje 'Hâld Faasje'. Yn 1995 ferskynde in boekje oer Easterein.

Op de fjirde woansdei fan july wurdt yn Easterein de troch it KNKB organisearre Jong-Feintepartij ferkeatst.

  • De Tsjerne - jeugdhonk
  • Wilhelmina - muzykferiening
  • Keatsferiening Easterein
  • Oranje en It Heitelân - oranjeferiening
  • Fuort mar los - toaniel
  • Kaart en biljertklup manlju
  • T.D.K.K.O.'e.K. (troch de knibbels kin op e keu)- biljertklup froulju
  • De Spearders - darten
  • KF Easterein - keatsen
  • ODI - gymnastyk
  • Fuotbalferiening SDS
  • COVOS - Follybalferiening

Troch Easterein rint de folgjende busline:

De busline troch Easterein wurdt fersoarge troch Qbuzz.

't Heechhiem, 't Kleaster, A Joustrastrjitte, De Ljits, De Singel, De Streek, Dobbelân, Eeskwert, Fabrykswei, Foarbuorren, Grieneleane, Hofsleane, It Risplân, Koaifinne, Meilahuzen, Populiereleane, Sibadawei, Sjaardaleane, Skilplein, Skippersbuorren, Skoallestrjitte, Skrok, Smidslân, Stittenserleane, Tsjerkebuorren, Van Eijsingaleane, Vrijburg, Wynserdyk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
StĂŞden:
Boalsert • Drylts • Hylpen • Snits • Starum • Warkum
Doarpen en Ăştbuorrens:
Abbegea • Aldegea • Allingawier • Arum • Blauhús • Boazum • Breesândyk • Britswert • Burchwert • Dearsum • Dedzjum • Easterein • Easterwierrum • Easthim • Eksmoarre • Ferwâlde • Folsgeare • Gaast • De Gaastmar • Gau • Goaiïngea • Greonterp • Hartwert • Heech • It Heidenskip • Hichtum • Hidaard • Hieslum • Himmelum • Hinnaard • De Hommerts • Idzegea • Iens • Yndyk • Ypekolsgea • Ysbrechtum • Itens • Jutryp • Kimswert • Koarnwert • Koarnwertersân • Koudum • Kûbaard • Kûfurderrige • Laaksum • Lytsewierrum • Loaiïngea • Lollum • Longerhou • Makkum • Molkwar • Nijhuzum • Nijlân • Offenwier • Parregea • Penjum • Piaam • Poppenwier • Raerd • Reahûs • Rien • Sânfurd • Sibrandabuorren • Skarl • Skearnegoutum • Skettens • Skraard • Skuzum • Smelbrêge • Surch • Tersoal • Toppenhuzen • Tsjalhuzum • Tsjerkwert • Turns • Twellingea • Waaksens • Wâldsein • Warns • Westhim • Wytmarsum • Wiuwert • Wolsum • Wommels • Wûns
Buorskippen:
Aaksens • Abbegeasterketting • Altena • Andelahuzen • Annebuorren • Arkum • Atsebuorren • Baarderbuorren • De Band • Barsum • Beabuorren • Bessens • Bernsterbuorren • De Bieren • Bittens • De Blokken • Blomkamp • Boatlân • Bonjeterp • Boppebuorren • Brânburren • De Burd • Dyksterbuorren • Doanjebuorren • Doanjewier • Draeisterhuzen • Eambuorren • Eangterp • Easthim (Wytmarsum) • Eksmoarstersyl • Fallingabuorren • Feytebuorren • Fiifhûs • Filens • Fiskersbuorren • Fjouwerhuzen • Flânsum • It Fliet • Galamadammen • Goaiïngamieden • Goaium • Grauwe Kat • De Grits • Grutte Wiske • Greate Wierrum • Haaium • Harkesyl • De Hel • Hiemert • Hidaardersyl • Hiddum • Hoekens • Hoarnsterbuorren • Hou • Idserdabuorren • Ymswâlde • Yndyk (Boazum) • Yndyk (Parregea) • Ingwert • Ingwier • Ysgum • Ytsum • Jeth • Jonkershuzen • Jousterp • Jouswert • Kathuzum • De Kampen • De Kat • Kathuzum • Klaeiterp • De Kliuw • Knossens • Koaihuzen • Kromwâl (Boalsert) • Kromwâl (Britswert) • Laerd en Saerd • Lippenwâlde • De Lytse Gaastmar • Lytse Wiske • Lytshuzen • Lonjé • Makkum (Boazum) • Meilahuzen • Monebuorren • Montsamabuorren • Mountsjewier • Mûntsebuorren • De Nes • Nijbuorren • Nijekleaster • Nijesyl • 't Noard • Osingahuzen • Pikesyl • De Pôle • Rea Skuorre • Remswert • Rytseterp • Saard • Sânfurder Ryp • Sylsterbuorren • Syswert • Sjongedyk • Skearnebuorren • Skrok • Sotterum (Koarnwert) • Sotterum (Skettens) • 't Sou • Spears • Spyk • It Strân • Swaanwert • Swarte Beien • Trijehuzen (Hidaard) • Trijehuzen (Snits) • Trijehuzen (Wommels) • Tsjerkebuorren • De Wearen • Westerbuorren • Westerlittens • De Wieren • Wolsumer Ketting • Wonnebuorren
¡ ¡ Berjocht bewurkje