Skettens
| Skettens | ||
| Doarpsicht mei Tsjerke fan Skettens | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 235 (1 jannewaris 2025)[1] | |
| Oerflak | 3,86 km² (3,79 km² lân, 0,07 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 63 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | A7 | |
| Postkoade | 8744 | |
| NetnĂťmer | 0517 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 5' NB, 5° 29' EL | |
| Huzen oan 'e Wytmarsumer Feart | ||
| Protestantske tsjerke fan Skettens | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Skettens-Longerhou Facebookside fan Skettens-Longerhou | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Himrik fan Skettens (grien) yn 'e eardere gemeente WĂťnseradiel | ||
Skettens is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, tusken Wytmarsum en Boalsert. Troch it doarp hinne rint de Wytmarsumer Feart. It doarp leit justjes benoarden de A7 fan Boalsert nei de Ofslútdyk. Skettens arbeidet in soad op mei it buordoarp Longerhou dat oan oare kant fan de A7 leit.
Skettens hat 235 ynwenners (1 jannewaris 2025). Under Skettens falle de buorskippen Bittens en Sotterum en de eardere buorskip Filens.
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De figueren yn it doarpswapen komme Ăşt it famyljewapen fan de Osinga's dy't east fan it doarp in stins hienen. Yn de herfoarme tsjerke lizze noch sarken fan de famylje, lykas de libbensgrutte Ă´fbyldingen fan de ferstoarnen en wol fan Sybrand fan Osinga en Atke fan Aggema. Teffens binne de sark en grĂŞfkelder fan Skelte fan Aysma en fjouwer famyljeleden noch oanwĂŞzich.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard yn 855 foar it earst neamd as Sceddanuurthi en yn 944 as Scettefurt. Nei mooglike ynfloeden fan oare nammen yn 'e omkriten waard letter it efterheaksel -ingi ("hearrende by") brÝkt. Yn 1275 komt de fariant Scertinghe (moat Scettinghe wêze) en yn 1335 Scettinghen. De Fryske evolúsje fan -ingi nei enze kin sjoen wurde yn 1447 doe't Schettense neamd waard. Fan 'e ein fan 'e 15e iuw ôf komt Schettens hieltyd mear foar. Yn 'e âldste oerleverings is it twadde part in ferdútsking fan it Aldfryske -wurthi, dat terp betsjut. It earste part fan 'e namme wurdt foarme troch de persoansnamme Skatho mei de grÝnbetsjutting "skat", "besit". In sibskip mei it Aldfryske sket ("fee") is minder foar de hân lizzend, dochs etymologysk sjoen leit der wol in ferbân tusken dy eleminten.
Skettens is Ăťntstien op in terp. De terp en dy fan de omlizzende buorskippen lykas Bittens, Sotterum, BrĂşndyk, 't Foart en 't GruthĂ´f moatte al 2000 jier lyn bewenne west hawwe. Dat docht bliken Ăşt de argeologyske fynsten Ăşt 'e 19e iuw, lykas yn 'e terp fan Bittens doe't dy Ă´fgroeven waard, dĂŞr't potten mei ierdewurksiersels en skeletten fĂťn binne. Ek waard der mid 19e iuw by it graven fan in daam in gouden munt Ăşt 'e 15e iuw fĂťn mei in Ă´fbyld fan 'e Utertske biskop Rudolf fan Diepholt.
By de terp fan Sotterum waard yn 'e 15e iuw de Osingastate boud en Ăştwreide mei in dĂťbelde grĂŞft yn 'e 17e iuw troch Sybrand fan Osinga, grytman fan WĂťnseradiel. De stins wie it wenplak fan de lagen fan Fan Osinga en letter fan Fan Aysma. Doe't de lĂŞste bewenner yn 'e 18e iuw nei Sutfen ferfearen, waard de stins omboud ta pleats. De pleats baarnde yn 1982 folslein Ă´f. De terp fan Sotterum, lykas dy fan Bittens, waard yn 'e 19e iuw folslein Ă´fgroeven. Yn 2015 sette in argeologyske opgraving Ăştein troch it terpesintrum fan de Ryksuniversiteit Grins.
Op Filens wenne it laach Fan Aylva, dochs oant 1949, doe't der in weryndieling wie, hearde dy buorskip noch Ăťnder Wytmarsum.
Justjes sĂşdlik fan Skettens rĂťn yn de iere midsiuwen de Marneslinke. Nei't de Marne drĂťchfoel waard de Marnedyk in ferkearsdyk. Yn 1857 waard de dyk fan Skraard oer Longerhou nei de Marnedyk ferhurde. Letter kaam de steamtram fan Snits-Boalsert-Harns oer de Marnedyk en op it Skettenser gruthĂ´f, letter mei in lytse herberch foarsjoen, kaam de tramhalte.
Nei de Twadde Wrâldkriich wie der wat nijbou yn it doarp, lykas de Skelte van Aysmastrjitte dy't neamd waard nei kolonel Skelte fan Aysma, dy't op de Osingastate wenne hat.
Oant 2011 lei Skettens yn de eardere gemeente WĂťnseradiel.
Skeltemania
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 2016 ôf wie der suver in "skeltemania" yn Skettens, doe't de helm fan kolonel Skelte fan Aysma yn 'e tsjerke fannijs Ýntdutsen waard. It jiers dêrnei waard de grêfkelder fan Fan Aysma Ýntdutsen by in restauraasje. Yn 2017 en 2018 waard der DNA-Ýndersyk dien op de fÝne plassen en ta einbeslút koe plasse IV oan kolonel Skelte fan Aysma taskreaun wurde. Dat wie mooglik om't der in alderlêst famyljelid opspoard wurde koe, dy't deselde DNA skynde te hawwen. Ek waard der in mummifiseare kat fÝn.[2] Foar de lânmacht wie dat reden en wurkje mei oan de "remake" fan in 17e iuwske lykstaasje, dêr't Skelte fan Aysma fannijs byset waard yn 'e grêfkelder yn 'e tsjerke fan Skettens. Yn septimber 2018 wurke heal it doarp mei oan in muzykteäterstik oer de kolonel, mei de tapaslike namme "Skeltemania". It stik waard seis kear opfierd op it plak fan de eardere Osingastate en de tsjerke.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It terpdoarp hie in herfoarme en in grifformearde tsjerke. Nei 1580 foarmen Skettens en Longerhou tegearre in tsjerklike gemeente. De Herfoarme tsjerke is fan 1865, mar op itselde plak stie yn de midsiuwen al in tsjerke dy't mear as ien kear ferboud en werboud is. Dy tsjerke hat mooglik in sealdaktoer hân. De grifformearde tsjerke waard oprjochte op 7 desimber 1888 yn in houten skuorre. Oant de werklike bou fan it tsjerke yn 1907 waarden de tsjinsten út dy tsjerke wei hâlden. SÝnt 2005 wurdt it gebou net mear brÝkt en is de pastorije yn priveebesit.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skettens hat mei Longerhou in feriening foar Doarpsbelang dy't syn gearkomsten hat yn doarpshĂťs De Terp. Winterdeis is der soas. Viadukt is it doarpskrantsje dat sĂťnt septimber 1983 alle moannen ek yn Longerhou ferskynt. De namme fan it krantsje komt fan de fiadukt oer de A7 dy't de twa doarpen ferbynt. Oan de Van Osingawei stiet basisskoalle De Trijetine, dy't oant en mei skoaljier 2017/18 de doarren slute moast omreden te min learlingen. .
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- SLS - keatsen
- De Pommeranten - biljerten
- Lyts Begjin - klaverjassen
- De Lofstem - koar
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sytze Faber (1937), politikolooch, bestjoerskundige, sjoernalist, kollumnist en politikus
- Gerrit Ybema (1945), amtner, politikus en Ăťndernimmer
- Aucke van der Werff (1953), politikus
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1749 | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 | 2018 | 2021 | 2023 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 90 | 140 | 341 | 312 | 307 | 301 | 278 | 284 | 274 | 275 | 265 | 240 |
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Skettens rinne de folgjende buslinen:
- Line 75: Minnertsgea - Boalsert fia Frjentsjer
- Line 92: Surch - Ljouwert fia Boalsert
- Line 99: Harns - It Hearrenfean fia Boalsert en Snits
De buslinen troch Skettens wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bittenserpaad, Filenserwei, Fjouwersprong, Marnedyk, Skelte van Aysmastrjitte, Van Osingawei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit Ăťnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skettens fan Wikimedia Commons. |