Penjum
| Penjum | ||
| Utsjoch op Penjum | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 595 (1 jannewaris 2025)[1] | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8749 | |
| NetnĂťmer | 0517 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 6' 56" NB, 5° 26' 23" EL | |
| Himrik fan Penjum yn de eardere gemeente WĂťnseradiel | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Penjum | ||
| Kaart | ||

Penjum (Nederlânsk en offisjeel: Pingjum) is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 595 ynwenners (1 jannewaris 2025).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp leit yn it noardlik part fan de gemeente, yn de Lytse Bouhoeke, likernôch 4 km noardeast fan de Ofslútdyk. In part fan de huzen wurdt brÝkt as rekreaasjewente. Ek de buorskippen de Nes, De Rige, de Blokken, Boatlân, Lytse Penjum en it Strân wurde ta it gebiet fan Penjum rekkene.
SĂşdeastlik fan it doarp leit 2 km fierder Wytmarsum, dĂŞr't it fia de Mulierleane mei ferbĂťn is. De Penjumer Feart ferbynt it doarp ticht by Wytmarsum mei de Wytmarsumer Feart dy't ferbining jout mei Harns, Frjentsjer en Boalsert.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Penjum is Ýntstien op de súdlike kwelderrêch fan de Mjenje, in âlde see-earm fan de Waadsee. It gebiet waard nei alle gedachten foar Kristus al bewenne. Doe't yn de 19e iuw de terp ôfgroeven waard, waard in Romeinsk byldsje fÝn fan de god Merkuer. Lykwols wurdt oannaam dat de terp nei de Romeinske tiid wer ferlitten is oant der yn de 5e iuw nije bewenning kaam. De namme Penjum is in namme op -um, dat dy kin ferklearre wurde as "Penningahiem", it plak fan Penniga.
Yn 1186 is noardwest fan Penjum troch kleaster Lidlum it kleaster Vinea Domini stifte. Dat hat oant 1570 in kleaster west. Yn 1612 wie de tsjerke sa brekfallich wurden dat it kleaster ôfbrutsen waard. De tsjerke yn it doarp wurdt al neamd op in list út 1270. Oan de ein fan de 15e iuw waard it doarp ferskate kearen plondere en brânskat en mooglik as gefolch dêrfan waard yn 1500 in nije tsjerke boud. Yn 1524 waard Minne Simens hjir oansteld as fikaris.
Doe't yn de nacht fan 3 op 4 febrewaris 1825 de Fryske diken trochbrutsen Ýnder in fleanende westerstoarm, waard Penjum warre troch de dyk om it doarp, de Penjumer Halsbân. Yn de flagge stiet ek de Penjumer Gouden Halsbân, de ring fan seediken dy't iuwenlang it doarp beskerme hawwe tsjin de see. Omdat de famylje Hiddema dy't de stins by it doarp bewennen in leelje yn it wapen hienen stiet ek in giele leelje yn it doarpswapen.
Op 16 april 1945 begĂťn yn Penjum in fĂťl gefjocht tusken it Kanadeeske Earste leger en in groep fan DĂştske skerpskutters dy't de Ă´ftocht fan DĂştske troepen oer de OfslĂştdyk befeiligje moasten. 46 minsken bleaunen dea, 39 DĂştsers, 1 Kanadees en 6 boargers.
Oant 2011 lei Penjum yn de eardere gemeente WĂťnseradiel.
De Fermanje fan Penjum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ien fan de moaiste en meast karakteristike skÝltsjerkjes fan Fryslân is wol de Fermanje fan Penjum. It boujier fan it tsjerkje is net krekt bekend, mar wierskynlik is it fan begjin 1600. Fan de strjittekant ôf is der noch net folle bysÝnders te sjen oan it rychje wenhuzen. Mar efter de karakteristike kosterswente leit it moaie skÝltsjerkje. De ynrjochting is tige ienfâldich. Banken rÝnom foar de bruorren, stuollen yn 'e midden foar de susters, in preekstoel en ek in lessener foar de foarsjonger. Yn 1983 binne tsjerke en wenhÝs hielendal restaurearre, dêrby wie it doel om safolle mooglik de âlde situaasje te hanthavenjen.
It minniste skÝltsjerkje fan Penjum wurdt troch Minnisten út de hiele wrâld oandien. Yn it tsjerkje wurdt in diasearje oer it libben fan Minne Simens fertoand.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feriening foar Doarpsbelang behertiget de belangen fan de ynwenners fan it doarp. Fjouwer kear jiers ferskynt doarpskrantsje Yn'e Halsbân yn Penjum. It doarpshÝs De Nije Bân stiet yn in yn 2011 nijboud gebou, dêr't skoalle It Leech, oant dy yn 2024 sletten waard, ek yn siet.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Keatsferiening Jan Reitsma.
- Hynderrydferiening De Halsbânruters
- Gymnastykferiening D.I.O.
- Sjongklub De Halsbânsjongers
- Muzykferiening De Harmonie
- Biljertferiening
- Frouljus- en manljussoas
- Klokkeliedersgilde
- Kulturele kommisje
Ferneamde Penjumers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- berne yn Penjum
- Obbe Sickes Bangma (1768-1829), wiskundige
- Pieter Baukes Rijpma (1829-1895), keatser
- Rients Yntema (1831-1884), keatser
- Pieter Ulbes Rijpma (1839-1885), keatser
- Lammert Scheltes Hilarides (1868-1934), boer en keatser
- Jan Reitsma (1869-1959), keatser
- Jan Reitsma (1895-1972), keatser
- Martsje de Jong (1976), redaktrise, politika en oersetster
- wenne yn Penjum
- stoarn yn Penjum
- Rients Yntema (1831-1884), keatser
- Pieter Baukes Rijpma (1829-1895), keatser
- Lammert Scheltes Hilarides (1868-1934), boer en keatser
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1811 | 1825 | 1830 | 1848 | 1875 | 1913 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1998 | 2005 | 2015 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 553 | 618 | 658 | 682 | 1.072 | 969 | 950 | 915 | 860 | 780 | 641 | 646 | 645 | 575[2] | 595[2] |
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Penjum rint de folgjende busline:
- Line 75: Minnertsgea - Boalsert fia Frjentsjer
De busline troch Penjum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boatlân, BÝtendyk, Buorrenleane, De Alde Haven, De Blokken, De Kamp, Geert Gratamastrjitte, Grutte Buorren, Lyts Hústerwei, Lytse Buorren, Lammert Scheltesstrjitte, Moleleane, Pim Mulierleane, Nesserleane, Oarlochssteech, Pibemaleane, Riegewei, Strânwei, Tsjerkepaad, Tsjerkestrjitte, Taekeleane, Waltingaleane.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|