Springe nei ynhâld

Twellingea

Ut Wikipedy
Twellingea
Doarpssicht
Doarpssicht
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal390 (1 jannewaris 2025)[1]
Oerflak5,54 km²
werfan lân: 4,30 km²
werfan wetter 1,24 km²
Befolkingsticht.94 ynw./km²
Oar
TiidsĂ´neUTC +1
SimmertiidUTC +2
KoÜrdinaten53° 00' N 5° 42' E
Offisjele webside
topentwelonline.nl
Kaart
Twellingea (Fryslân)
Twellingea

Twellingea is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, krekt súdeast fan Snits. De ynwenners fan Twellingea neame harren doarp ek wol Twellegea.

Twellingea hat 390 (1 jannewaris 2025)[2] ynwenners.

It doarp, dat oan it Ges en de EasterbrĂŞgesleat leit, foarmet tegearre mei Toppenhuzen it twillingdoarp 'Top en Twel'. Oan de sĂşdkant fan it doarp leit it Prinses Margrietkanaal, it Ges jout it doarp ferbining mei de Houkesleat. Fia Toppenhuzen hat it doarp oer de wei ferbining mei Snits. De lizzing oan it wetter, ticht by de Snitser Mar, makket it doarp geskikt foar de wettersport.

Prinses Margrytkanaal by Twellingea

It doarp Ýntstie as in wetterdoarp dat bewenne waard troch boeren. Lang bleau ien paad de ferbining oer it lân en foar de rest moast alles oer it wetter barre.

Nei it oanlizzen fan in dyk yn 1866-1868 Ăťntwikkele Twellegea him net lykas Toppenhuzen as in lintdoarp. De doarpskearn bleau op it wetter rjochte. Yn it suden fan it doarpsgebiet lei sĂşdlik fan de EasterbrĂŞgesleat de buorskip it SĂşdein, dat him nei de oanlis fan de dyk letter wol as in lint Ăťntwikkele.

Nei de Twadde Wrâldkriich Ýnstie der groei fan it doarp en stadichoan groeide Twellegea oan Toppenhuzen fêst. Troch de oanlis fan it Prinses Margrietkanaal waard it Súdein midstwa snien yn in Lyts Súdein en it Greate Súdein. Yn de twadde helte fan de 20e iuw waard Twellegea in echt wettersportplak.

Oant 2011 lei Twellingea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

States en stinzen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de omkriten fan Top en Twel wennen yn de lette midsiuwen de haadlingenfamyljes Bonninga, Reinarda en Sjaerda en hienen sadwaande ek hege funksjes. De famylje Reinarda wenne op Reinardastate. Ien fan de Bonninga’s wie troud mei in Reinarda en lettter binne de Sjaerda’s ek wer oan de Bonninga’s lieard. Dat wie yn de tiid fan de Skieringers en Fetkeapers, sa tusken 1450 en 1500. Snits (en ek de Sjaerda’s) wienen Skier en Ljouwert wie Fet. Op 22 maart 1491 hawwe de Fetkeapers de stins fan de Sjaerdas yn Toppenhuzen platbaarnd.

SĂťnt 1918 bestiet Doarpsbelang Toppenhuzen-Twellingea. De Twilling is it doarpskrantsje fan Top-en-Twel. It doarpshĂťs is Ăťnderbrocht yn it yn 1980 boude multyfunksjonele sintrum 'It Harspit', dĂŞr't ek de basisskoalle is. It Harspit stiet yn Toppenhuzen.

Sjoch: Hermestsjerke (Twellingea) foar it haadartikel oer dit Ăťnderwerp.
Hermestsjerke
  • Protestantske gemeente Toppenhuzen-Twellingea.

De tsjinsten fan de PKN wurde alle wiken yn de Toppenhúster Jehannestsjerke fierd. De eardere herfoarme tsjerke fan Twellingea wurdt net mear brÝkt en is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke draacht tsjintwurdich wer de namme fan de âlde patroanhillige fan Twellingea, Hermes fan Rome en is de iennige tsjerke mei dy namme. De grifformearden fan Top en Twel tsjerkten yn Toppenhuzen oan de Tsjerkebuorren 51. Dy tsjerke is yn 1999 ôfbrutsen; it oargel fan de grifformearde tsjerke is bewarre bleaun en ferhÝze nei de tsjerke fan Turns.

Doarpskom
Eardere molkfabryk, letter wettersportsintrum
It yn 1947 sletten tramstasjon fan Twellingea

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan Top en Twel. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier184019541959196419691974200420152020
Ynwenners262473419417350308432374420

Troch Twellingea rint de folgjende busline:

De busline troch Twellingea wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Binnebaan, BrĂŞgefinne, BrĂŞgesleatswei, Buorren, BĂťtebaan, Bybaan, Eastwei, Grutte SĂşdein, Koartebaan, Langebaan, Leijepoel, Leyesleatswei, Lytse SĂşdein, Sjuwedyk, SĂşdwei.

Ryksmonuminten yn Twellingea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de Hermestsjerke en in pear hĂťzen fan giele stien oan de Buorren 43 en 45 hat it doarp noch benoardeasten it doarp de 19e iuw boude Geau's Mole, dy't it natoergebiet de Geaupolder bemealt. It spinnekopke docht dat tegearre mei twa Amerikaanske wynmotors, de wynmotors Twellingea 1 en 2.

De leden fan it bekende popduo Maywood groeiden op yn Twellingea.

  • R. Steensma "It Bestek fan de yn 1695 nij to bouwen tsjerke yn Toppenhuzen(1969)"
  • O. Santema "Ta de Skiednis fan Toppenhuzen en Twellegea (1939)"
  • J. van der Bij "Pastoars, dĂťmnys en tsjerkefolk yn Top & Twel"
  • Sjirk Wybenga en Jan de Jong "De Streek fan Toppenhuzen en Twellegea bylâns" (1984)
  • Doarpsbelang "Mei groetnis fan de Twilling (1994)" - ĂştjĂťn yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan Doarpsbelang
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
StĂŞden:
Boalsert • Drylts • Hylpen • Snits • Starum • Warkum
Doarpen en Ăştbuorrens:
Abbegea • Aldegea • Allingawier • Arum • Blauhús • Boazum • Breesândyk • Britswert • Burchwert • Dearsum • Dedzjum • Easterein • Easterwierrum • Easthim • Eksmoarre • Ferwâlde • Folsgeare • Gaast • De Gaastmar • Gau • Goaiïngea • Greonterp • Hartwert • Heech • It Heidenskip • Hichtum • Hidaard • Hieslum • Himmelum • Hinnaard • De Hommerts • Idzegea • Iens • Yndyk • Ypekolsgea • Ysbrechtum • Itens • Jutryp • Kimswert • Koarnwert • Koarnwertersân • Koudum • Kûbaard • Kûfurderrige • Laaksum • Lytsewierrum • Loaiïngea • Lollum • Longerhou • Makkum • Molkwar • Nijhuzum • Nijlân • Offenwier • Parregea • Penjum • Piaam • Poppenwier • Raerd • Reahûs • Rien • Sânfurd • Sibrandabuorren • Skarl • Skearnegoutum • Skettens • Skraard • Skuzum • Smelbrêge • Surch • Tersoal • Toppenhuzen • Tsjalhuzum • Tsjerkwert • Turns • Twellingea • Waaksens • Wâldsein • Warns • Westhim • Wytmarsum • Wiuwert • Wolsum • Wommels • Wûns
Buorskippen:
Aaksens • Abbegeasterketting • Altena • Andelahuzen • Annebuorren • Arkum • Atsebuorren • Baarderbuorren • De Band • Barsum • Beabuorren • Bessens • Bernsterbuorren • De Bieren • Bittens • De Blokken • Blomkamp • Boatlân • Bonjeterp • Boppebuorren • Brânburren • De Burd • Dyksterbuorren • Doanjebuorren • Doanjewier • Draeisterhuzen • Eambuorren • Eangterp • Easthim (Wytmarsum) • Eksmoarstersyl • Fallingabuorren • Feytebuorren • Fiifhûs • Filens • Fiskersbuorren • Fjouwerhuzen • Flânsum • It Fliet • Galamadammen • Goaiïngamieden • Goaium • Grauwe Kat • De Grits • Grutte Wiske • Greate Wierrum • Haaium • Harkesyl • De Hel • Hiemert • Hidaardersyl • Hiddum • Hoekens • Hoarnsterbuorren • Hou • Idserdabuorren • Ymswâlde • Yndyk (Boazum) • Yndyk (Parregea) • Ingwert • Ingwier • Ysgum • Ytsum • Jeth • Jonkershuzen • Jousterp • Jouswert • Kathuzum • De Kampen • De Kat • Kathuzum • Klaeiterp • De Kliuw • Knossens • Koaihuzen • Kromwâl (Boalsert) • Kromwâl (Britswert) • Laerd en Saerd • Lippenwâlde • De Lytse Gaastmar • Lytse Wiske • Lytshuzen • Lonjé • Makkum (Boazum) • Meilahuzen • Monebuorren • Montsamabuorren • Mountsjewier • Mûntsebuorren • De Nes • Nijbuorren • Nijekleaster • Nijesyl • 't Noard • Osingahuzen • Pikesyl • De Pôle • Rea Skuorre • Remswert • Rytseterp • Saard • Sânfurder Ryp • Sylsterbuorren • Syswert • Sjongedyk • Skearnebuorren • Skrok • Sotterum (Koarnwert) • Sotterum (Skettens) • 't Sou • Spears • Spyk • It Strân • Swaanwert • Swarte Beien • Trijehuzen (Hidaard) • Trijehuzen (Snits) • Trijehuzen (Wommels) • Tsjerkebuorren • De Wearen • Westerbuorren • Westerlittens • De Wieren • Wolsumer Ketting • Wonnebuorren
¡ ¡ Berjocht bewurkje