Wolsum
| Wolsum | ||
| Sicht op Wolsum | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 145 (1 jannewaris 2025[1] | |
| Oerflak | 5,01 km² (4,89 km² lan, 0,12 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 30 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8774 | |
| NetnĂťmer | 0515 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 2' NB, 5° 33' EL} | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| De himrik fan Wolsum (grien) yn de eardere gemeente Wymbritseradiel | ||


Wolsum is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdeastlik fan Boalsert. Under Wolsum falle de buorskippen Wolsumerketting, Ytsum, FiifhÝs, Jouswert, Remswert en Laerd en Saerd (foar in part). Troch Wolsum rint de wei Remswert - BlauhÝs dy't yn 1989 opknapt is. SÝnt dy tiid is der ek in fytspaad nei Boalsert.
Wolsum hat 145 ynwenners (1 jannewaris 2025)[2]
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp komt yn 1404 foar as Wilzen, yn 1482 as Wilsum, yn 1502 as Wolsimma gaed, yn 1505 as Wolsum. De namme betsjut sokssawat as "hiem" fan de persoan "Willa".[3]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp is yn de Midsiuwen Ăťntstien yn de noardwesthoeke fan de gritenij Wymbritseradiel sĂşdeastlik fan Boalsert. It doarp wie mei twa opfearten Ăťntsletten nei de Wimerts. Op de betiidste Ă´fbylding fan it doarp op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus Ăşt 1664 stiet om de tsjerke hinne in kompakte doarpsbebouwing fan huzen en hjir en dĂŞr yn steane pleatsen dyât bytiden ta in buorskip konsintrearre binne.
De 'Tegenwoordige Staat van Friesland' skreau yn 1788: Wolsum, niet verre van Bolswerd, en naby de vaart, die van de Nieuwe Zyl derwaards loopt, zo dat men hier te scheep vry gemaakelijk af en aan kan komen. Onder dit Dorp {âŚ} behooren de buertjes Laard, Jouwsard, Remsard, Vyfhuis en Ytzum.
De buerten besteane noch altyd en by de brĂŞge oer de feart is boppedat de buert Wolsumerketting Ăťntstien. Op de kaart yn de Eekhoffatlas Ăşt 1851 steane trije huzen, wĂŞrât de kaart fan 1716 allinne noch it Wolsumer KettinghĂťs fermelde. Yn FiifhĂťs steane yn 1851 al trije huzen mear as de namme oanjout. De oare buerten besteane Ăşt buorkerijen. Yn it midden fan de 19e iuw steane yn de buorren fan it doarp alve huzen en efter de tsjerke is de kompakte tsjerkebuorren noch te besjen.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is om 1870 hinne boud om in midsiuwske foargonger te ferfangen dyât oan Sint Martinus wijd wie. It is in sealtsjerke mei in trijesidige sluting yn in typyske mingde styl. It muorrewurk wurdt yndield troch lisenen en der steane grutte rĂťnbĂ´gefinsters yn. De hoeken fan de gevel en dy fan de foar in grut part ynboude toer ha dekorative pinakelbekroaningen. De gevel wurdt Ă´fdekt troch in rĂťnbĂ´gefries. Yn de tsjerke stiet in 17e iuwske preekstoel. De oant gevelhichte oplutsen, nochal skerpe toer hat in houten boppebou mei oan elke kant dĂťbele galmgatten. Yn de toer hinget in liedklok Ăşt de 15e iuw.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]DoarspshĂťs it WilsumhĂťs is yn 1986 troch de bewenners opknapt. De bern geane nei de skoallen yn de omkriten fan it doarp.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elts jier yn maart is der it feest Rock by Rein
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2013 | 2023 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 92 | 283 | 237 | 221 | 173 | 150 | 145 | 130 | 150 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)
Ferneamde Wolsumers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rients Feikes de Boer (1869-1951), boer en politikus
- Wout Zijlstra
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De PĂ´le -
- FiifhĂťs - buorskip FiifhĂťs
- Jouswerterdyk - dyk nei Jouswert
- Laerd en Saerd - buorskippen Laerd en Saerd
- Nijewei -
- Remswerterleane -
- Skoallepaad -
- Wolsumer Ketting - buorskip Wolsumerketting
- Wolsumerwei -
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|