Poppenwier
| Poppenwier | ||
| Binnenbuorren en brĂŞchje oer de Aldfeart | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 160 (2023) [1] | |
| Oerflak | 4,83 km² werfan lân: 4,68 km² werfan wetter 0,15 km² | |
| Befolkingsticht. | 34 ynw./km² | |
| Oar | ||
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 05' N 5° 44' E | |
| Offisjele webside | ||
| Side Poppenwier FB-side | ||
| Kaart | ||
Poppenwier is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân tusken Jirnsum en Dearsum oan de Snitser Aldfeart. It is it meast noardlike doarp fan 'e LegeaÍn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poppenwier is in terpdoarp. Der binne potdiggels fÝn fan kÝgelpotten en Rynlânsk ierdewurk út de 1e iuw oant de 10e iuw. Yn 1478 waard krekt benoarden Poppenwier it kleaster Ingwert stifte, in kleaster fan de grauwe beginen. Mei de ynfiering fan de reformaasje yn 1580 waard it kleaster sletten en de lêste resten fan it kleaster binne yn 1875 ôfbrutsen. Ek de terp dêr't it kleaster op stie waard doe ôfgroeven.[2]
By it doarp stie eartiids de Albadastins.

De namme Poppenwier komt Ăşt de 14e iuw: Poppe is in manljusnamme; wier ferwiist nei de terp fan it doarp. Aldere nammen fan it doarp binne Popengwere (1401), Poppingawyr (1446), Poppingawyer (1505) en Poppingwier (1579). Yn 1989 waard de offisjele namme Poppingawier yn it ramt fan de offisjele ferfrysking fan de plaknammen fan de gemeente Boarnsterhim feroare yn Poppenwier.
Eartiids wie Poppenwier allinne oer it wetter te berikken. SĂşdwestlik fan it doarp lei oant de droechlizzing yn 1860[3] de Poppenwierstermar. De namme fan de 19e-iuwske kop-hals-romppleats Marsherne is noch in oantinken oan de mar.
De midsiuwske Nikolaastsjerke waard yn 1860 ferfongen troch de hjoeddeiske.[4]
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Poppenwier diel út fan de eardere, nei ien fan de Himpolders ferneamde, gemeente Raarderhim. Op 1 jannewaris 1984 gie Raarderhim mei de gemeenten Idaerderadiel en it grutste part fan Utingeradiel op yn de doe nije gemeente Boarnsterhim. By de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim op 31 desimber 2013 gie Poppenwier oer nei de doe noch nije gemeente Súdwest-Fryslân.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de sluting fan it doarpshÝs anneks kafee 'De Herberch' hat de doarpsmienskip it nije doarpshÝs 'De Trilker' boud. Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Merkekommisje foar de feesten. De stifting Pop'nPop organisearret oan it lân oan de Marsherne in muzikaal túnfeest. Der wurde in tal festiviteiten mei preammen organisearre, lykas in wedstriid tusken preammen fan doarpen yn 'e LegeaÍn.

Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Nikolaastsjerke (Poppenwier) foar it haadartikel oer dit Ăťnderwerp.
Sjoch: Mennistetsjerke (Poppenwier) foar it haadartikel oer dit Ăťnderwerp.
Yn Poppenwier steane twa tsjerken: de fermanje en de herfoarme- of Nikolaastsjerke. Beide tsjerken wurde net mear brĂťkt foar de earetsjinst. De Nikolaastsjerke wurdt no as aula brĂťkt en foar eksposysjes en sjonggroepen.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat foarhinne in eigen skoalle hân. Tusken 1862 en 1876 wie dat in gebouke achter de herberch en dêrnei stie de skoalle oant 1937 oan de BÝtenbuorren.[5] Tsjintwurdich geane de Poppenwierster bern yn'e regel nei de skoalle fan Raerd.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poppenwier hat in relatyf grut ferieningslibben, de list is mooglik net folslein.
- Toanielferiening FoarĂşt
- Iisklub Tryntsje Piters
- ToulĂťkferiening
- Frouljusklub
- FĂťgelwacht Raarderhim

Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 | 2013 | 2022 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 279 | 238 | 226 | 184 | 173 | 182 | 184 | 175 | 165 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Douwe Kiestra (1899-1970), skriuwer, dichter en politikus.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Poppenwier rint de folgjende busline:
De busline troch Poppenwier wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Binnenbuorren -
- BĂťtenbuorren -
- BÝtlânswei -
- Fiskerssteech -
- Harstawei -
- Ingwert -
- PĂ´le -
- Skoalsteech -
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Komboerd
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
