Filens
| Filens | ||
| Bestjoer | ||
| gemeente | ||
| himrik | ||
| Oar | ||
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 5' NB, 5° 29' EL | |
| Kaart | ||
Filens is in earder buorskip oan de Filenserwei noardlik fan Skettens yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Tusken Filens en de buorskip Harkesyl leit de Filenspolder.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filens waard yn 1528 foar it earst neamd as Fylens en yn 1543 as Filens. De terp waard yn 1543 oantsjut as Fillensera terp en Fellens terp. De plaknamme soe betsjutte kinne sokssawat as "plak/doarp fan File(bert)".
De famylje Fan Aylva, dĂŞr't 11 telgen fan mei tuskenskoften fan 1456 oant fier yn 'e 18e iuw grytmannen fan WĂťnseradiel west hawwe, hine njonken de Aylvastate, ek in stins yn Filens, ek Aylvastate neamd. Dy stins wie al lang lyn Ă´fbrutsen en dĂŞr waard in pleats op it stee boud dy't ek de namme Aylvastate hie. Dy stie it tichtste by de Wytmarsumer Feart fan de oare twa pleatsen yn 'e buorskip. De pleats waard yn 1930 Ă´fbrutsen en oan 'e oare kant fan 'e Filenserwei by de buorskip Bittens fannijs opboud.[2]
Filens bestie Ăşt in trijetal pleatsen, mar yn 'e rin fan de 20e iuw ferdwĂťnen twa pleatsen, wĂŞrĂťnder de Aylvastate, en bleau dĂŞr mar ien pleats oer dy't der hjoed-de-dei noch stiet. De namme fan 'e buorskip ferdwĂťn dus ek sa stadichoan. De buorskip lei oan in bline wei, de Filenserwei, dy't nei de buorskip neamd is. Hjoed-de-dei stiet der in nijmoadrich pleatskompleks. De Filenserwei is Ăťnderwilens trochlutsen nei de buorskip It Fliet en ferbynt Skettens mei Wytmarsum. De namme fan dy dyk is de iennige dy't noch weromtinken docht oan 'e buorskip.
Filens foel earst Ăťnder de himrik fan Wytmarsum, mar kaam yn 1949, nei in weryndieling, Ăťnder Skettens.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|