Springe nei ynhâld

Langenhorn

Ut Wikipedy
Langenhorn / E Hoorne
Lokaasje gemeente Langenhorn (read) yn Noard-Fryslân
Lokaasje gemeente Langenhorn (read) yn Noard-Fryslân
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtMittleres Nordfriesland
Sifers
Ynwennertal3.363 (31.12.2024)[1]
Oerflak47,4 km²
Befolkingsticht.71 ynw./km²
Hichte12 m
Oar
Stifting1934 (as moderne gemeente)
Postkoade25842
Offisjele webside
www.langenhorn.de
Kaart
Langenhorn (Sleeswyk-Holstein)
Langenhorn

Langenhorn (Noardfrysk: E Hoorne; Deensk Langhorn) is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Langenhorn heart by it amt Mittleres Nordfriesland en hat 3.363 ynwenners (2024).

De gemeente Langenhorn bestiet út Mönkebüll (Deensk: Munkebøl), Loheide (Lohede), Efkebüll (Efkebøl), Ost-Langenhorn en West-Langenhorn.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Laurentiustsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It barokke oargel fan Langenhorn.

De Sint-Laurentiustsjerke fan Langenhorn is in 13e-iuwske tsjerke op in terp mei in frijsteande houten klokketoer. It oargel fan 'e tsjerke is rûnom ferneamd en waard skonken troch Seneca Inggersen, dy't as skipsdokter yn tsjinst fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy nei Java reizge, dêr't er it behear oer de militêre apoteek en letter it pakhûs fan 'e kompanjy krige. Yn 'e tiid dat er dêr regint waard wist Inggersen in ûnbidige rykdom op te bouwen. Yn 1741 troude er mei Adriana van Loo, dy't út in ynfloedrike famylje stamme. Nei de berte fan fjouwer bern ferstoar hja yn 1755 yn 'e âldens fan 29 jier oan in ûngenêslike sykte. Ta neitins oan syn frou joech Seneca syn bertedoarp Langenhorn jild foar de bou fan in nij oargel. Dêrfoar joech er yn 1759 de bekende oargelbouwer Johann Daniel Busch út Itzehoe de opdracht. Twa jier letter, yn 1761, wie it ynstrumint klear. Oan 'e oargelkas binne teksten yn it Nederlânsk oanbrocht.

Natuer en mûne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e gemeente leit it beskerme natuergebiet de Langenhorner Heide, in heidelânskip mei sânferstowings en bosk. In karakteristyk baken yn it lânskip is de Westermöhl, in achtkante nôtmûne dy't yn 1859 boud waard.

Berne yn Langenhorn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje