Strjitten yn Langwar
Appearance
De Strjitten yn Langwar:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Apelhof - Popke de Boer hie hjir, neist it gemeentehûs, eartiids in apelhÎf
- Auke Pierstjitte - Auke Piers Grondsma (1860-1942) wie feekeapman en doarpsdichter.
- Bast-Bakkerpaad - Johannes Bast en Pieterje Bakker hienen in grientewinkel yn Snits en wennen op harren Ăąlde dei yn Langwar. By testamint lieten se F 100.000 nei oan de gemeente foar de oanlis fan in park. It letter boude park waard letter ferfongen troch in rekreaasjeterrein.
- Boarnsweachsterdyk - rint fan Langwar nei Boarnsweach
- Breedyk - fan HĂșsterheide nei Langwar, earder mei brechjes nei de huzen.
- Buorren - it sintrum fan Langwar
- De Molier - by dizze wei lĂąns rint de tochtsleat De Molier nei de mole yn Boarnsweach.
- Doniapark - kompleks rekreaasjewenten nei de yn 1984 ophefte gemeente DoanjewerstĂąl.
- Doumastate - bedriuwsterrein dĂȘr't al yn 1577 Doumastate stie. De state stie op it plak fan herberch De Wielen en waard yn 1845 ĂŽfbrutsen. Yn 1909 waard op it stee it molkfabryk boud. Nei sluting yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw waard it in hotel en dĂȘrnei herberch. Dielen fan de Ăąlde gevel mei pylders waard brĂ»kt foar de bou fan kafee Spannenburch.
- Efterom - de haven fan Langwar rûn eartiids oan de Buorren ta. Nei dimping krige it de namme Efterom.
- Foekjesteech - nei Foekje Freerks Postma (1820-1900), widdo fan Piter Klazes van Dijk dy't nei syn ferstjerren trochbuorke.
- H.R. Vierstrastrjitte - Hendrik Riekles Vierstra (1838-1909) wie boerearbeider en frijfeint; hy legatearre f 2500,- oan DoanjawerstĂąl. Fan de rinte moast op 30 maaie, (syn jierdei) feest fierd wurde. Der bestiet in Vierstraliet en syn portret en findel hingje yn de doarpsskoalle.
- Hendrik Dijkstraleane - Hendrik Dijkstra (1895-1976) wie fan 1933-1970 riedslid en wethĂąlder fan DoanjewerstĂąl.
- Hoannekamp - yn 1965-1966 oanlein op in sompich stik lĂąn mei in hoantserid.
- Houtfeartwei - rint lĂąns de Houtfeart, de feart waard brĂ»kt foar ferfier fan hout Ășt de Haulster bosken.
- Kûfurderhûs - nei de pleats mei dizze namme oan dizze dyk nei de Kûfurd.
- Oasingaleane - nei de Osingastate dy't yn 1940 ferboud waard ta gemeentehûs fan Doanjewerstùl en sterk liket op de 18e-iuwske state.
- Pontdyk - nei de pont oer de Langwarder Feart rjochting de A7.
- Stevenshoek - Steven Gerryts wie in begoedige "houtschuijtvaarder" en winkelman yn Langwar ± 1750.
- Swannestrjitte - Yn it doarpswapen fan Langwar steane trije swannen. Ek op de tsjerketoer stiet in swan.
- Tsjillùnleane - de Tsjoelelannen wienen lannen fan de tsjerke, dy't ek de pacht ynden. tsjoele=tafel, en de pachtopbringst wie bedoeld om de dûmny fan te beteljen sadat dy brea op tafel hie.
- Weversstreek - de famylje wever wenne hjir tusken 1725-1800.
- Wieling - Unbekende komĂŽf, gjin ferbĂąn mei wiel as draaikolk.