Diken
| Diken | ||
| Klokkestoel | ||
| Bestjoer | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 55 (1 jannewaris 2025) [1] | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8528 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 52° 57' NB, 5° 43' EL | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Himrik fan Diken yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Diken is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren oan de eastkant fan De KĂťfurd. It leit west fan Langwar en eastlik fan De KĂťfurd.
Diken hat 55 ynwenners (1 jannewaris 2025, boarne: CBS).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpke is oarspronklik in boerestreek oan de eastkant fan De KĂťfurd, mei in stik of wat opfearten en liket oerflakkich besjoen in Ăştbuorren fan Langwar. Alde kaarten litte lykwols sjen dat de histoarje fan it âlde streekdoarpke âbinnen de dikenâ wol wat yngewikkelder west hawwe moat. âInde Dyckenâ (1664), in heale iuw letter âDe Dykenâ neamd en no dus Diken, hie har eigen himrik, dy 't neffens W.T. van der Leij rĂťn oant de westkant fan De KĂťfurd. Dat wiist op de Ăťntginningsskiednis en in relaasje mei SmelbrĂŞge tichtby Wâldsein. De KĂťfurd wie trouwens wol sa Ăťndjip dat fee en feedriuwers der trochhinne wâdzje koenen. No farre in soad boaten fan De Lemmer oer De KĂťfurd nei de Fryske marren. De bebouwing oan de westkant fan De KĂťfurd krige nei de oarloch in nije doarpsnamme: Koufurderrige.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Diken part fan ynearsten de gritenij en nei 1851 de gemeente Doanjewerstâl. Dêrnei wie it part fan de gemeente Skarsterlân dy't yn 2014 wer opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
Obbema
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under Diken stie it ObbemahĂťs. De krekte lokaasje is net bekend. It "Obbe huys yn dy Dycken" waard foar it earst yn 1491 neamd. Yn 1491 slagge it Hartman Harincxma fan Heech it ObbemahĂťs te feroverjen mei mar njoggen soldaten, doe 't de eigener mei syn frou nei tsjerke wie. Syn frou wie in dochter fan Epe Tiestes Hettinga en hy kaam om syn dochter en skoansoan help te jaan. In Ăťnberoaide Hartman smiet ta ferdigening stien fan de muorre Ă´f nei Ăťnderen, mar hy waard "met een busse geschoeten in zyn hooft, dat hy terstont neder viel, ende bleeff doot". [2]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Diken wie eartiids in doarp mei in tsjerke dy't om 1650 hinne al ferrinnewearre wie en yn 1720 net mear as in ruĂŻne wie. De oerbliuwsels fan de tsjerke waarden sjoen dat se neat mear wurdich wiene dat er net op Ă´fbraak ferkocht waard, dat in gelikense sitewaasjes yn dy tiid gauris al it gefal wie.
By de tsjerke stie de klokkestoel dy't nei it ôfbrekken fan de tsjerke op it tsjerkhôf stean bleaun wie. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de klok jatten en omraand yn Dútslân. De klokkestoel waard dêrnei ôfbrutsen en yn 1984 fannijs opboud mei in nije klok. Yn 2002 waard it tsjerkhôf renovearre.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ed Nijpels - kommissaris fan de keninginne fan Fryslân (2002-2008) wenne foar in skoft yn Diken.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|