Springe nei ynhâld

Aldehaske

Ut Wikipedy
Aldehaske
Tsjerke fan Aldehaske
Tsjerke fan Aldehaske
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal1.870 (1 jannewaris 2025)[1]
Oar
FerkearsierenA7
Postkoade8465
TiidsĂ´neUTC +1
SimmertiidUTC +2
KoÜrdinaten52° 57' NB, 5° 52' EL
Strjitte yn Aldehaske
Strjitte yn Aldehaske
Offisjele webside
Webstee fan Aldehaske
Kaart
Aldehaske (Fryslân)
Aldehaske
Kaart
Tsjerke fan Aldehaske
Himrik fan Alde Ouwer yn de eardere gemeente Skarsterlân
Eardere postkantoar en de tramrails (foar 1940)
De Greveling oan de Jousterdyk

Aldehaske (earder Hasca) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren dat om de krusing Jousterwei - Badwei Ăťntstien is. Aldehaske groeit stadichoan tsjin It Hearrenfean oan.

Aldehaske hie op 1 jannewaris 2025 1.870 ynwenners.

It doarp, dat oant it Ýntstean fan Nijehaske gewoan De Haske hiet, is it âldste doarp fan de eardere gritenij en gemeente Haskerlân. It moat al yn de 13e iuw bestien hawwe en krige om 1300 hinne in eigen kapel. De namme 'Haske' ferwiist nei in stik lân, begroeid mei strewellen en lytse beamkes. Troch de feanterij yn it gebiet, dy't al yn de 16e iuw geande wie, koe it doarp him Ýntjaan.

Doe't 200 jier letter de Gitersken nei it gebiet kamen om fean ôf te graven, groeide it ynwennertal fan beide doarpen hurd. Dizze lju út de kop fan Oerisel brocht in nije ferfeantingsmetoade nei Fryslân, dy't grutte wetterplassen ta gefolch hie. Troch dy wize fan feanterij is it natuergebiet Nannewiid Ýntstien, dat súdwest fan Aldehaske leit.

Aldehaske lei oant 1984 yn sawol de gritenij as de gemeente Haskerlân, dy't dêrnei opgie yn de gemeente Skarsterlân. Yn 2014 gie dy gemeente op yn de nije gemeente De Fryske Marren.

Doarpswapen en flagge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wapen hat in giele bargekop op in grien flak. Boppe it weagjende patroan stiet in sulverkleurich skyld mei in springende reade hazze tusken twa turven. It griene flak ferwiist nei de greiden om Aldehaske; de bargekop komt fan it ferske Yn 'e Haske hinget in barch yn 'e beam. De sulveren weagen binne fan it Nannewiid en de hazze is in ferwizing nei Aldehaske yn it eardere Haskerlân.

de baarch

Der binne meardere legindes oer de baarch; dit is in bekende: de slachter fan Aldehaske (Andries Obbes) hie ris in baarch farsk slachte en oan in appelbeam hong om Ăşt te lekjen (it slachte bist waard dan faak op in ljerre spand). Krekt op dat stuit kaam in tram foarby en de fleurige reizgers begĂťnen dit ferske te sjongen:

Yn 'e Haske hinget in baarch yn 'e beam,
baarch yn 'e beam,
baarch yn 'e beam,...

(ensafuorthinne, ensfh.. de hiele wei nei De Jouwer ta; eartiids rĂťn in tram fan It Hearrenfean oer Aldehaske nei De Jouwer)

Yn de pleats fan Jan Hettinga siet in partikulier teater: It Fladdeteater. De kabaretgroep Samar treedt dĂŞr op.

De doarpskrante fan Aldehaske hjit "De Baerch". Der binne twa basisskoallen, de kristlike "De Tarissing"en de iepenbiere "It Haskerplak". It pjutteboartersplak hjit "'t Bargeboskje" yn it doarpshĂťs. Fierder is der in berneopfang "De Lytse Haskes. It doarpshĂťs is hĂťsmanne yn it KulturhĂťs, dat in multyfunksjoneel sintrum is.

  • Eardere hurdriderscoach en -kommentator Henk Gemser wennet yn Aldehaske.
  • Ek skriuwster Lida Dykstra (*1961) komt fan De Haske.

Berne yn Aldehaske

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferstoarn yn Aldehaske

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • In soad minsken kenne it ferske En yn De Haske siet in baarch yn de beam, ....
  • Yn it Nannewiid wie in natuerswimbad. De klaaihokjes binne yn 2002 sloopt.
  • Utjouwerij KFFB sit yn Aldehaske (Dick Eisma)

Troch Aldehaske rint de folgjende busline:

De busline troch Aldehaske wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Alle strjitten yn Aldehaske.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
StĂŞd:
Sleat
Doarpen en Ăştbuorrens:
Aldegea • Aldehaske • Aldemardum • Alde Ouwer • Bakhuzen • Balk • Bantegea • Boarnsweach • De Broek • Diken • Dolsterhuzen • Dunegea • Eagmaryp • Ealahuzen • Eastersee • Follegea • Goaiïngaryp • Harich • Haskerhoarne • Ychten • Ychtenbrêge • De Jouwer • Jiskenhuzen • Jistergea • Kolderwâlde • Langwar • Legemar • De Lemmer • Murns • Nijehaske • Nijemardum • Ousterhaule • Ousternijegea • Reahel • Riis • Rotstergaast • Rotsterhaule • Rottum • Rûgehuzen • Skarsterbrêge • Sint-Jânsgea • Sint-Nyk • Sniksweach • Sondel • Terherne • Terkaple • Teroele • Tsjerkgaast • Vegelinsoard • Wikel
Buorskippen:
Ballingboer • De Bargebek • De Bels • Brekkenpolder • Delbuorren • Finkebuorren • Finkebuorren (Gaasterlân) • Fjouwerhûs • Frisbuorren • Heaburgen • De Heide • Hústerheide • Iwert • De Kommisjepôle • Nij Amearika • De Noed • De Rylst • Sânbuert • Skoattersyl (foar in part) • Skou • Spannenburch • Teakesyl • Tropherne • Twahûs • Unlân • Westein • Westerein Harich
¡ ¡ Berjocht bewurkje