Rotsterhaule
| Rotsterhaule | ||
| Komboerd Rotsterhaule | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 570 (1 jannewaris 2025)[1] | |
| Oerflak | 9,79 km² (8,8 km² lân, 0,99 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 60 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | N924 | |
| Postkoade | 8463 | |
| NetnĂťmer | 0513 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 52° 56' NB, 5° 51' EL | |
| Offisjele webside | ||
| https://www.sintjut.frl/ | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje Rotsterhaule (grien) yn 'e eardere gemeente Skarsterlân. | ||
Rotsterhaule is in streekdoarp yn de gemeente De Fryske Marren, noardeast fan de TsjÝkemar. It doarp leit fuortendaliks westlik fan Sint-Jânsgea, dêr't it in twillingdoarp mei foarmet. De buorskip Unlân oan 'e Kadyk rint parallel noardwestlik fan it doarp en falt foar it grutste part Ýnder de himrik fan Rotsterhaule.
Rotsterhaule hat 570 ynwenners (1 jannewaris 2025).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme ferwiist nei in hichte by Rottum, dĂŞr't it in dochterdelsetting fan is. It doarp waard yn 1393 foar it earst neamd. It doarp komt as Rotster Haula (1490), Hauwela (1538) en Retsterhaule (1579) foar. It doarp Reahel is op syn bar wer in dochterdelsetting fan Rotsterhaule.[2]
It doarp is Ăťntstien by de Ăťntfeaning fan in leechfeangebiet. By de ferfeanting binne in soad minsken Ăşt de kop fan Oerisel, benammen Gitersken, nei it gebiet komd. Nei de feanterij rĂťnen de polders fol wetter dat by hurde wyn de bebouwing bedrige. Om 1860 hinne is de Grutte Feanpolder troch fjouwer wynmĂťnen drĂťchmeald. Fan dy mĂťnen is noch ien stean bleaun: De Hersteller.
Nei it drÝchmeallen wurdt it gebiet yn haadsaak foar feehâlderij brÝkt. By it doarp is in oarspronklik feangebiet bewarre bleaun dat opgiet yn it natoergebiet Easterskar, Ýngefear 500 bunder grut en beheard wurdt troch It Fryske Gea. Op de hoeke fan De Streek en de Lange Dyk stie yn 1490 tsjerke dy't foel Ýnder it kleaster by Haskerdiken, it Hasker Konvint. It tsjerkje waard brÝkt oant 1580 brÝkt. De doetiidske pastoar woe net oerskeakelje fan roomsk op protestantsk en moast dêrnei flechtsje. It tsjerkje waard dêrnei net mear brÝkt.
De mear as 100 jier âlde koeke- en pipernutefabryk fan Modderman is rÝnom bekend.
Rotsterhaule hearde oant 1934 ta de griternij sawol de gemeente Skoatterlân, oant 198 de gemeente Haskerlân en oant 2014 ta de gemeente Skarsterlân dy't doe opgie yn de gemeente De Fryske Marren.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat mei Sint-Jânsgea ien feriening foar Doarpsbelang. Yn 'e Doarpsfinne is it multyfunksjonele sintrum. It doarp hat in eigen basisskoalle, Iepenbiere Skoalle De Schakel.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Change - sjongen
- ODI - gymnastyk
- De Lege Wâlden - fierljeppen
- 't Haskelân & 't Haske - hynsteriden
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2013 | 2024 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 741 | 835 | 728 | 687 | 640 | 400 | 589 | 590 |
Boarne: Alle Cijfers (2013 en 2024)
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Rotsterhaule rint de folgjende busline:
- Line 48: De Lemmer - It Hearrenfean fia Sint-Jânsgea
De busline troch Rotsterhaule wurdt ferosarget roch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boerestreek - bline wei mei wat huzen en pleatsen
- Boskpaad - paad nei de Haulster bosken
- Gaasterwei - ferbining fan De PĂ´le yn Rotsterhaule mei Rotstergaast.
- Hylke Bangmawei - Hijlke Bangma wie fan 1943-1935 opsichter yn de Grutte Sint Jânsgeaster Feanpolder. Die in soad foar it doarpslibben en wie riedslid en steatelid foar de PvdA.
- Hege Dyk - heech lizzende polderdyk nei Rottum. DĂŞrnjonken lei de Hegedyksterfeart dy't yn 1962 tichtsmiten waard.
- Yn 'e Doarpsfinne - wenmienskip op sport- en feestterrein de Doarpsfinne. In 'finne' is in stik lân dat net foar healân brÝkt waard.
- Kadyk - dyk oer it ferfeante efterlân, de âlde folksnamme wie Kaardyk.
- Kampwei - nei kamp De Wite Peal. In wite peal is in grinsskieding yn feangebieten. Earst wie it in kamp foar wurkleazen, doe foar Joaden en as lĂŞste foar Ambonezen (Molukkers). Yn de nacht fan 2 op 3 oktober 1942 waarden alle Joaden Ă´ffierd nei Westerbork.
- Langedyk - lange rjochte dyk sĂťnder huzen.
- Liemdyk - Unferhurde dyk mei balstiensân as deklaach.
- Lytse Wei - stikje Ăťnbeboude dyk fan de Tsjerkewei nei de PĂ´le
- Nije Wei - oant 1953 'De Stelle' neamde wei.
- Pôle - nei de sânhichte yn fergroeven feangebiet.
- Prinses Marijkewei - nei prinsesse Christine dy't de ropnamme Marijke hie.
- Richard Jungwei - Richard Jung wie in Tsjech dy't hjir ĂťnderdĂťkt siet en oan it ferset meidie. Sneuvele op 15 april 1945 by SkarsterbrĂŞge.
- Streek - de lange dyk mei lintbebouwing troch Sint-Jânsgea en Rotsterhaule
- Tsjerkewei - âld sânpaad nei Alde Ouwer lâns de tsjerke fan Reahel.
- Wolvedyk - neamd nei feanbaas Wolf.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit Ăťnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rotsterhaule fan Wikimedia Commons. |