Sniksweach
| Sniksweach | ||
| Klokkestoel fan Sniksweach | ||
| Bestjoer | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 65 (1 jannewaris 2025) [1] | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8505 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 52° 59' N 5° 47' E | |
| Himrik fan Sniksweach (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
| Kaart | ||
Sniksweach is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, noard fan de Jouwer oan de dyk nei Terherne. It doarp hat 65 ynwenners (1 jannewaris 2025, boarne: CBS).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme is te ferklearjen troch snik: punt en sweach:leechlizzende greide, greide yn puntfoarm dus. It wie greide fan de Eagmaripers; yn de 14e iuw wurdt it gebiet dan ek wol Ackomrypraswagh neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Nijehaske, Aldehaske, Haskerhoarne en Westermar makke it diel Ăşt fan iet âlde gebiet Hasker Fiifgea, en is it ien fan de âldere delsettingen fan de eardere gemeente Haskerlân. De gritenijkaart fan Schotanus (1718) jout it ierste byld fan Sniksweach. De Swaag Manne Vaart, letter de Sniksweachster Feart neamd, rĂťn sĂşdwestlik bylâns in lyts tal pleatsen en joech likegoed nei it noarden as nei it suden, Ăťntslutingen oer it wetter. Efter de bebouwing rĂťn in paad dĂŞrât de tsjerke mei tsjerkhou oan lei. Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân Ăşt 1896 dy't noch brĂťkt wurdt by begraffenissen. Eigener is de gemeente De Fryske Marren.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Besuden Sniksweach lizze noch petgatten as oerbliuwsel fan de turfgraverij.
- Oant de santiger jierren fan de 20e iuw stie yn Sniksweach op 'e hichte fan de reed nei De Graverij in gersdrĂťgerij.
- Yn Sniksweach is in kamping, De Zwagemer.
- Yn De Graverij is in Earrebarredoarp
- Doe't de alliearden yn de Twadde Wrâldkriich de slÝzen by Terherne bombardearden rekke ien fleantúch oansketten. It smiet syn bommen ôf by de Graverij mar stoarte del by Follegea. Ien fan de bommen Ýntplofte net mar siet in hiel ein de grÝn yn. Ein fan de simmer 2009 waard besocht dy bom út de grÝn te heljen en Ýnskealik te meitsjen.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1811 | 1890 | 1958 | 2004 | 2021 |
|---|---|---|---|---|
| 68 | 158 | 145 | 60 | 65 |
- De Klokkestoel fan Sniksweach
- Sniksweach fan de westkant
- Sniksweach sjoen Ăşt it suden wei
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Sniksweach rint de folgjende busline:
- Line 95: It Hearrenfean - Ljouwert fia De Jouwer en Jirnsum
De busline troch Sniksweach wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Graverij - nei de turfĂ´fgravingen dĂŞr't de petgatten troch Ăťntstien binne.
- Langedyk - wetterskieding Eagmarypster Polder en it bÝtlân. De earste dtyk fan De Jouwer nei Terkaple hie in soad bochten. De nije dyk is rjochter en liket sa langer.
- Ljouwerterdyk - wei fan De Jouwer nei Ljouwert, rint no bĂťten it doarp om.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|