Terheijl
Terheijl (ek: Ter Heijl) is in buorskip yn de gemeente Noardenfjild yn provinsje Drinte. Terheijl leit besuden it doarp Nietap dĂȘr't er formeel ek ta heart.
Yn de 15e iuw wie Terheijl yn it besit fan it kleaster fan Aduard, dat dĂȘr in Ășthof en in stienbakkerij hie. Yn 1490 stichte abt Wolter fan it kleaster Aduard by de Ășthof in kapel op in plak dat bekend stie as "De Helle", troch him It Paradys neamd.[1] Terheijl krige hjirtroch syn namme De Helle. De Ășthof waard dĂȘrnei troch abt Godefridus ferboud ta slot, de lettere havezate, dy't Terheijl neamd waard. De namme waard yn it ferline ferkeward begrepen as: ter Helle, dus: yn de hel. Dit kin ferklearje dat in by it buorskip lizzend marke (in pingoruĂŻne) de naam Faaiefjoer krige. De namme helle betsjut lykwols leechte, poel of helling.
SĂȘge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it Ă»ntstean fan de namme bestiet in sĂȘge: De hear en frou fan Terheijl hawwe sĂąn soannen. Ien foar ien stjerre der seis troch de byt fan in njirre. DĂȘrom wurdt besluten om in kastiel mei dikke muorren te bouwen, sadat nimmen (dus foaral gjin slang) sĂ»nder sjoen te wurden nei binnen komme kin. As it ienige oerbleaune bern, de jongste wol it ferhaal, 18 wurdt hĂąldt er in grut feest. As de jongste in appel fan de oerfolle skaal pakke wol, wurdt hy biten troch in slange dy't dĂȘrtusken temĂ»k binnenkomd is. De Ăąlden oardiele dĂȘrnei dat se yn de hel ferkeare en sette ĂŽf.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Noardenfjild | ||
|---|---|---|
| Doarpen: Roan âą Altena âą Feanhuzen âą Ien âą Langelo âą Leutingewolde âą Lieveren âą Nietap âą Nij-Roan âą Noarch âą Peest âą Peize âą Peizermade âą Roaneries âą RoanerwĂąlde âą Steenbergen âą Westervelde âą Zuidvelde | ||
| Buorskippen: Allardseach (foar in part) ⹠Alteveer ⹠Amerika ⹠Boerlaan ⹠Ien-West ⹠De Streek ⹠Foxwolde ⹠Huis ter Heide ⹠Klunderveen ⹠Matsloot ⹠Norgerfeart (foar in part) ⹠Oostindië (foar in part) ⹠Peizerwold ⹠De Pol ⹠Sandebuur ⹠Terheijl | ||