Baard
| |||||
| Gemeente | Ljouwert | ||||
| Ynwennertal (2004) | 200 | ||||
| Webstee | Webstee Baard Online | ||||

Baard is in lyts doarpke yn de gemeente Ljouwert. It hat likernĂŽch 200 ynwenners.
Baard leit oan de Boalserter Feart, tusken Easterlittens en Leons. It doarp hat in skoalle, in dokter en in ytkafee.
Ek de buorskip De Him wurdt ta Baard rekkene. Fan de buorskip Hielens of de Giele Buorren, krekt bûten Baard yn de rjochting fan Easterlittens, is mar ien pleats mear tebek.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De omkriten fan baard hawwe al foar it begjin fan de jiertelling bewenne west. De namme wie yn it ferline Bawert, en wurdt Ăștlein as Bawa-wert: de wert fan Bawa. Baard hat de namme jĂ»n oan de eardere gritenij en gemeente Baarderadiel. It doarp hat dĂȘrfan lang it haadplak west, oant dy funksje troch Mantgum oernaam waard. Yn 1984 gie it oer nei de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei noch in gemeentlike weryndieling kaam Baard yn 2018 by de gemeente Ljouwert.
De Dekema's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Baard hawwe lang Dekema's wenne. Juw Dekema wie potestaat. Op de lĂąndei yn 1494 te Snits is hy dĂȘrfoar keazen. Juw Dekema wie in Skieringer. De Fetkeapers seinen al gau it betrouwen yn Dekema op. Sa koe hy net folle berikke. Yn 1498 beneamde keizer Maximilaan Albrecht fan Saksen ta erfpostestaat. De rol fan Juw Dekema wie doe Ăștspile. Yn Weidum wenne in oare staach fan de Dekema's. Doe't it besit fan de Ășthof fan it Augustiner kleaster LĂșntsjerk yn hannen krige hawwe. De Dekemawei is noch in oantinken oan de eardere stins van Dekema's.
Bynammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynwenners sels fan Baard hawwe de bynamme fan Katten. Der stiet in byld fan in kat op it keatsfjild. Wierskynlik binne se oan dizze namme komd trochdat de minsken yn it Leons wynhûnen neamd wurde.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in iepenbiere skoalle (De Stjelp), ek foar de bern fan Easterlittens en HĂșns. De namme Stjelp ferwiist nei in monumintale pleats dy't noch net sa lang lyn yn stikken nei it Suderseemuseum yn Inkhuzen ferfierd is. De tsjintwurdige tsjerke Ășt 1873 is yn it plak komd fan de midsiuwske tsjerke dy't oan de hillige Gertrudis wijd wie. Ek minsken Ășt Winsum gean nei dizze tsjerke. It doarpsblĂȘd "De Baarder Kat" ferskynt fjouwer kear yn 't jier. Der binne in soad ferienings dy't yn it eardere doarpskafee byinoar komme. DĂȘrfoar moast men faak nei omlizzende doarpen.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In Goed Begjin - toaniel
- keatsferiening Baard
- iisferiening Baard
- Bull Batse & Mukketiers - darten
- Net te Let - kaarten
- De Baarder Keu 's - biljerten
- Feriening Doarpsbelang hat ek in boarterstĂșnkommisje en merkekommisje
Bekende Baarders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harmen Sytstra 14 jannewaris 1817 te Mullum - 1862 waard yn 1852 skoalmaster yn Baard. Troch syn krewearjen foar it Frysk is dizze Fryske skriuwer bekend wurden. Hy leit yn Baard begroeven.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- By de Mistel Merk wurde misteltûken ferkocht foar it goede doel.
- Op de tredde sneon fan augustus is it kampioenskip ielrikjen.
- Yn Baard is in triedleas doarpsnetwurk opsetten, wat in flugge ynternetferbining jout. It hat it doarp ek de bynamme Wireless Baard jûn.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Baard rint de folgjende busline:
- Line 35: Snits - Frjentsjer
De busline troch Baard wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Binnenbuorren, Dekemawei, Faldenserwei, Gele Buorren, Harmen Sytstrawei, Mûnewei, Oan 'e Kamp, Tongerwei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]|  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Baard fan Wikimedia Commons. |
| Keppeling(s) om utens: |
