Jelsum
| Jelsum | ||
| Dekemastate | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 306 (2022) [1] | |
| Oerflak | 5,41 km² lân: 5,33 km² wetter 0,08 km² | |
| Befolkingsticht. | 57 ynw./km² | |
| Oar | ||
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 14' N 5° 47' E | |
| Offisjele webside | ||
| Side Jelsum-Koarnjum | ||
| Kaart | ||
Jelsum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Jelsum leit noardlik fan Ljouwert en besuden Koarnjum. Yn 2022 hie Jelsum 306 ynwenners. De doarpskearn fan Jelsum leit benammen op de terp fan Jelsum, ek is der tichte bebouwing oan de Boarnsylsterwei en Skierhusterwei.
De buorskip Finsterbuorren heart ek by Jelsum.
De namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In ferklearing kin wêze: it hiem fan Jelle of Hylke of Hylkje. Der wurdt ek tocht oan it staach fan Jelsma, Hilsma of Hielsma. In âlde foarm is Ethelinge, dat it soe ek betsjutte kinne: it skaai fan de Ethelingen. Oare âlde foarmen binne Hielsema en Hyelsemagha. De amtners makken der Hjelsum fan.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerklike skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begjin fan it doarp Ýntstie om 700 f.Kr. hinne, nei't der terpen op en om in kwelderwâl opsmiten waarden. De tsjerke sil om 1170 hinne stifte wêze. Ynearsten foel Jelsum Ýnder de Sint Vitus fan Aldehou, mar letter waard Jelsum in selsstannige parochy, ek al bleau de memmetsjerke ynfloed hâlden. De pastoars fan Jelsum wiene goed Ýntwikkele wiene om't hja út MariÍngaarde kamen. Guon dêrfan fine wy yn âlde akten bygelyks werom as notaris.
Ek oare kleasters hienen besit yn Jelsum. It kleaster Klaarkamp hie der in ĂşthĂ´f. It stik fan saân 125 pĂťnsmiet hearde ta it Hasker Konvint by Haskerdiken. In namme fan in pastoar dyât noch al ris neamd wurdt is dy fan Gellius (Jelle) Faber de Bouma. Hy gie yn de tiid fan de reformaasje oer nei de nije lear en flechte dĂŞrom nei East-Fryslân. DĂŞr waard er in foaroansteand dĂťmny. Bekend is dat hy in iepenbier petear holden hat mei Minne Simens.
Moderne skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 20 april 1901 waard yn Jelsum it spoar feestlik iepene, nettsjinsteande it feit dat de slothear fan Dekemastate poer op de oanlis tsjin wie. Yn de jierren 1930 waard it persoaneferfier troch de NV Friesche Locaal Spoorweg Maatschappij opheft. In bom ferwoaste yn 1944 it stasjonsgeboutsje . Nei 1945 rekke Jelsum yn it neigean. It fleanfjild makke it doarp minder gaadlik om dĂŞr te wenjen en by de ferbreding fan de BrĂŠdyk waarden noch al wat wenten Ă´fbrutsen.
It sintrum fan Jelsum, 'Op 'e Terp', is beskerme doarpsgesicht.
SĂťnt 2018 leit Jelsum yn de gemeente Ljouwert, dĂŞrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ljouwerteradiel.
De doarpsgrinzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De súdlike doarpsgrins, dy't troch de Jelsumer Feart of Haskermear foarme wurdt, is noch deselde as dy fan 1200. Dit wie ek âlde gemeentegrins fan de eardere gemeente Ljouwerteradiel. Fierder wurdt it Aldlân omsletten troch de Dokkumer Ie en de Koarnjumer Feart. In part fan Jelsum, nammentlik it grutste diel fan it Jelsumer Nijlân, waard yn ferbân mei it fleanfjild earder by de gemeente Ljouwert foege.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De romaanske tsjerke is boud fan dowestien. De tsjerke is wijd oan Genoveva (Geneviève), in Frânske hillige dyât fan om 422 oant 502 libbe hat. Njonken patroanhillige fan Jelsum is hja ek patroanhillige fan Parys, dĂŞr't hja it grutste part fan har libben wenne hat. De preekstoel, it fjouwerkant, de doopbekkenshâlder en de hearebank binne Ăşt de 17e iuw. Yn 1781 is tsjerke ferboud en doe moat der hiel wat ferlern gien wĂŞze. Fan âlds wienen der fjouwer tsjerkepaden. Ien dĂŞrfan waard de Lange Jammer neamd. Der wie ek noch in Koarte Jammer.
Yn de jongere bakstiennen toer hingje twa klokken. De iene is yn de 15e iuw troch Petrus Overney Ăşt Ljouwert getten, de oare is yn 1671 getten. Yn de tsjerke lizze noch in tal grĂŞfstiennen; op it hĂ´f binne twa grĂŞfkelders. De iene is fan de bekende Jelsumer famylje Hoekstra en de oare fan de famylje Van Wageningen, de bewenners fan Dekemastate
Jelsum hat dĂťmny's fan namme hân. Twa hawwe saneamde 'hĂşshâldboekjes' efterlitten mei oantekeningen oer it wol en wee fan Jelsum. Ds. Thomas is dĂŞrmei begĂťn. It wichtichste boekje is fan ds. J.C. Wiersma dyât fan 1739 oant 1792 yn Jelsum stien hat. Wiersma hat alle stjergefallen mei kommentaar notearre. Wiersma wie dĂŞrnjonken ek noch boer, tĂşnker en ymker. Wiersma rĂťn al tsjin de 80, doeât er foar it lĂŞst preke.
De eardere staten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oan de noardkant fan de tsjerke lei 'Harinxmastate' of 'Haaymastate'. De state is al lang lyn ôfbrutsen. In bekende eigner wie Goasse fan Coehoorn, de heit fan Menno fan Coehoorn. De terp is yn 'e rin fan de tiid ôfgroeven. Wat der fan oerbleau is in stikje fan de grêft en de slotpleats, no bekend as de Van der Burgpleats. Op dy slotpleats binne Jan Linses van der Burg en syn broer Sjirk Linses van der Burg opbrocht. Jan wie neist boer ek in beskieden dichter. Syn namme libbet noch troch 'It Heitelân', it alternative Fryske Folksliet. Sjirk wie letter notaris yn Makkum en foarsitter fan it Frysk Selskip.
Fierder, bĂťten it doarp, lei by de Koarnjumer Feart Hinnemastate. Ek dy is, yn de 18e iuw, Ă´fbrutsen, mar it eardere stee wurdt hjoeddedei troch beplanting oanjĂťn.
Yn Jelsum stiet ek de Dekemastate. De âlde state is in museum, mar wurdt ek brÝkt wurde as troulokaasje.
De Wassenaars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Om 1900 hinne wie der in krisis yn 'e bou en guon bouboeren gienen dĂŞrom oer op de feehâlderij. De bruorren Wassenaar Ăşt It Bilt wienen besibbe oan de Jelsumer Hoekstraâs. Hja hienen dĂŞr sa al lân en besleaten om ek mar oer te gean op it hâlden fan fee. Der wurdt ek wol sein dat hja nei Jelsum gien binne fanwege it opkommen fan sosjalisme op It Bilt. Se bouden twa mânske pleatsen. Haskersate en Fiversate. Se bleauwen heareboer. Fan de twa makke Jan Nannes Wassenaar namme as feefokker. Hy wie foarsitter fan it Fries Rundvee Stamboek. Hy hat ferskate wrâldreizen makke om it Fryske fee nei foaren te bringen. Nei syn dea yn 1958 hat syn frou Rigtje Wassenaar-Boelstra it bedriuw mei in meiwurker noch in skoft fierder behertige. Har hichtepunt hat west de besite yn 1959 fan keninginne Juliana, prins Bernhard en de Sjah fan Perzje oan Fiversate.
It molkfabryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Doe't de boeren op fee oergienen, moasten se harren molke ek kwyt. Yn Stiens wie al in molkfabryk, mar om de molke nei Stiens te bringen fĂťnen de Jelsumer boeren eins te lyts. Op 15 augustus 1891 kamen de grutte Jelsumer boeren gear yn de herberch 'De Grutte Bontekoe'. Besletten waard om in bĂťterfabryk op te rjochtsjen. In jier letter waard de earste molke ferwurke. It fabryk, mei as merknamme 'De Swan', levere in protte molke oan Ljouwerter molktapers. De delgong begĂťn yn 1961 doe't it fabryk gjin flessemolke mear leverje koe. Yn 1969 besletten de leden om te fusearjen mei L.M.I. oan de Emmakaai yn Ljouwert. Yn 1980 waard de L.M.I. in part fan de Frico yn Wergea.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jelsum docht in soad tegearre mei Koarjum en Britsum. Tegearre mei Koarnjum hat Jelsum in feriening fan Doarpsbelang. It doarpshĂťs is De Bining en stiet yn Koarnjum. De doarpskrante hjit 'De FlapĂşt'.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]SÝnt 1907 dielde Jelsum de âlde skoalle oan de Boarnsylsterwei mei Koarnjum. Troch de oanfleanrÝte fan de loftmachtbasis yn Ljouwert moast dy skoalle yn 1961 slute. Dêrnei gyngen de Jelsumer bern nei basisskoalle 'Oan 't Skipperspypke' oan de Skeltedyk yn Koarnjum. Yn 2015 fusearren de iepenbiere basisskoalle Oan't Skipperspypke mei de iepenbiere- (De Homeie) en kristlike basisskoalle (De Foarikker) fan Britsum ta de gearwurkingsskoalle 'De Swirrel' oan de Greate Buorren yn Britsum.[2]

Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Protestantske gemeente Britsum-Koarnjum-Jelsum: der wurde wikseljend tsjinsten holden yn de Genovevatsjerke, De Hoekstien en de Nikolaastsjerke yn de oansletten doarpen.[3]

Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Begraffenisferiening 'Eare en Plicht'
- Biljertferiening Jelsum-Koarnjum & Damesbiljertferiening 'De Stoaten'
- Feestferiening 'De Twa Doarpen'
- Fuotbalklub DTD - 'De Trije Doarpen'
- Keatsferiening 'It Partoer'
- Iisklub Meiinoar Ien
- Tonielferiening 'Vriendenkring'
- Tsjerkekoar Jelsum, Koarnjum & Britsum[4]

Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2013 | 2022 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 642 | 621 | 571 | 549 | 508 | 345 | 306 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Festus Hommius (1576-1642), teolooch, dĂťmny, Bibeloersetter
- Frans fan Donia (1580-1651), militĂŞr en Ă´ffurdige by de Frede fan Munster
- Hector Livius fan Haersma (1737-1820), grytman
- Sjirk de Wal (1852-1909), keatser
- Jan Wijga (1902-1978), reklametekener
Infrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Provinsjale Wei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By Jelsum rint de N357.
Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Jelsum rinne de folgjende buslinen:
- Line 72: Sint-Anne - Ljouwert fia Stiens
- Line 73: Sint-Anne - Ljouwert fia Stiens
De buslinen troch Jelsum wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldlansdyk, Boarnsylsterwei, Breedyk, Dekemawei, Dokkumer Trekwei, Finsterbuorren, Haskedyk, Hoatse de Jongstrjitte, It Paradys, LanghĂşsterdyk, Op 'e Terp, Piter Rindertsreedsje, SkierhĂşsterwei, Tsjessingawei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
