Kystersyl


Kystersyl is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Kystersyl leit yn de himrik fan Frjentsjer oan it Van Harinxmakanaal tusken Frjentsjer en Hjerbeam. Ek de heechlizzende draaibrĂȘge mei ĂŽfslĂștbere iepeningen yn de wei oer de Slachte oer it Van Harinxmakanaal by Kie waard Kystersyl neamd.
De namme komt ek foar as Kiesterzijl, Kiestersyl, Keesterzyl en Kiesterzyl. De betsjuttings is dus 'slûs by Kie'.
De buorskip Kystersyl kaam earst ta Ă»ntwikkeling doe't der yn 1857 in stienbakkerij boud waard. Op dat stuit stiene der fjouwer huzen tichtby de syl. Ien dĂȘrfan wie de brĂȘgewipperswenning, yn de oare huzen wennen lytse tĂșnkers, gerniers. Foar it personiel fan de stienbakkerij waarden fuort al fiif huzen boud wĂȘrĂ»nder dat fan de masterfeint. De Ăștwreiding gie fierder mei yn 1904 in betonfabryk en om 1917 hinne twa kalkovens. De stienbakkerij waard yn 1920 ĂŽfbrutsen. [1] Wenten en bedriuwsgebouwen leine oarspronklik oan beide kanten fan it kanaal. By de ferbettering fan it kanaal waard de bocht by Kiestersyl ĂŽfsnien (1942) en kaam de buorskip hielendal benoarden it Van Harinxmakanaal te lizzen. Tsjintwurdich is de buorskip Ă»nderdiel fan it yndustryterrein West Kystersyl. Yn 2017 bestie de buorskip Ășt likernĂŽch fyftjin wenhuzen en in pear bedriuwsgebouwen. It tal ynwenners waard doe rĂ»sd op 35. Der stiet gjin plaknammeboerd mear, allinnich de strjitnamme docht noch tinken oan de buorskip en de syl.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Silen fan de Slachtedyk | |
|---|---|
|
Getswerdersyl
âą Kystersyl
âą Skieppesyl
âą Payesyl
âą Krommesyl
âą Tolsumersyl
âą Hidaardersyl
âą Boazumersyl
âą SĂąnleanstersyl
âą Dillesyl
| |