Sânleanstersyl

Sânleanstersyl is in brêge mei kearslÝs yn de Slachtedyk oer de Snitser-Frjentsjerter Sylfeart yn ReahÝs (Hinnaarderadiel).
De syl by Sânlean waard boud yn 1527 om skipfeartferkear tusken Snits en Frjentsjer mooglik te meitsjen. Snits naam oanlis en Ýnderhâld foar syn rekken. Letter betellen stêd en seewarrend wetterskip Der Vijf Delen Zeedijken Binnendijks elk de helte fan it Ýnderhâld.
Sânlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sânleansterdyk, fan ReahĂťs nei Lytsewierrum, is Ăťnderdiel fan de orizjinele ringdyk om de memmepolder Easterein-Lytsewierrum. De namme ferwiist nei it Sânlân. It Sânlân wie in wat heger lizzend stik yn it eartiidske kwelderlânskip. Oer de krĂşs fan dizze dyk waard de Slachtedyk oanlein. It sânlân foarme tagelyk de kearn fan it wetterskip op it nije lân fan de ynpoldere Middelsee. It âSânleanster rjochtâ is opnomd yn in oarkunde Ăşt 1381. It wetterskip is dĂŞrmei ien fan de âldste yn Fryslân.[1]
Yn it wapen fan ReahÝs stiet de giele keperkleur symboal foar de Sânleanstersyl.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Silen fan de Slachtedyk | |
|---|---|
|
Getswerdersyl
⢠Kystersyl
⢠Skieppesyl
⢠Payesyl
⢠Krommesyl
⢠Tolsumersyl
⢠Hidaardersyl
⢠Boazumersyl
⢠Sânleanstersyl
⢠Dillesyl
| |