Olterterp
| Olterterp | ||
| Hippolytustsjerke | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 70 (1 jannewaris 2025)[1] | |
| Oerflak | 6,2 km², wêrfan: - lân: 6,19 km² - wetter: 0,02 km² | |
| Befolkingsticht. | 11,3 ynw./km² | |
| Oar | ||
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 03' N 6° 06' E | |
| Lokaasje Olterterp yn de gemeente Opsterlân | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Beetstersweach-Olterterp | ||
| Kaart | ||
Olterterp is in doarp yn de gemeente Opsterlân, krekt eastlik fan Beetstersweach. It is it lytste doarp fan de gemeente, Ýnder it doarp falt ek it buorskip Heidehuzen.
Olterterp hat 70 (1 jannewaris 2025)[2] ynwenners.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Olterterp komt yn 1315 foar as Utrathorp. Utrathorp mei Urathorp (Oerterp) binne nammen dy't de lizzing fan beide doarpen foar de rivier de Boarn oer oanjouwe. It Aldfryske Ăťtere betsjut "bĂťtenste" of "oan de bĂťtenkant lizzend" en Ăťr "oer" of "boppe".
Dat Olterterp is it streamĂ´f lizzende doarp.
De foarmen Otter- en Olter- hawwe lange tiid neist elkoar bestien, mar alinne de fariant Olterterp is oerbleaun.[3]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De famylje Fan Boelens wie eartiids eigner fan fierwei it measte lân en opstallen yn Olterterp. Amerozius Ayzo fan Boelens sette oan it begjin fan de 19e iuw útein it Ýnlân te beplantsjen mei beammen.
Yn 1793 waard Boelensstate stifte troch Ambrosius Ayso fan Boelens, dy't yn 1907 ferfongen waard troch Huzinge Olterterp dĂŞr't earder de famylje Fan Boelens wenne. It is no it haadkantoar fan It Fryske Gea[4]. By Beetstersweach stiet hearehĂťs De Horst, dat yn 1907 boud is troch de Beetstersweachster arsjitekt Luitje de Goed (1853-1926).
BĂťten Olterterp leit yn 'e rjochting fan it Selmien it AldhĂ´f, oanlein yn 1830, is it famyljebegraafplak fan de famylje Fan Boelens. Ambrosius Ayzo fan Boelens (1766-1834) liet de heuvel opsmite, dĂŞr't tsjintwurdich 12 stiennen lizze fan syn neiteam, Ă´ffrede troch in smei-izeren hekke. It famyljewapen stiet op it grĂŞf fan Boelardus Augustinus (1791-1830) Ă´fbylde.[5]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Olterterp stiet in tsjerke Ăşt 1415 mei in toer Ăşt de 18e iuw. It tsjerkegebou is oplutsen Ăşt kleastermoppen yn goatyske styl. De tsjerke wie wijd oan Sint Hippolytus. Op de tsjerkeflier lizze sarken Ăşt de 17e en 18e iuw. Oan de muorren hingje rouboerden Ăşt dy tiid fan belangrike famyljes Ăşt dy tiid: Boelens, Lycklama Ă Nijeholt en Hemminga. Foar de tsjerke is yn 1744 in toer boud, de liedklok is wierskynlik fan 1444. Yn 1974 is it gebou restaurearre. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken en der wurde geregeld konserten jĂťn.
It suvelfabryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1893 waard it stoomsuvelfabryk "De Hoop" stifte troch de erven Van Boelens, it pear Sandberg-van Boelens fan Arnhim. It molkfabryk stie oan de hoeke fan de dyk nei it Selmien en dy nei It SĂşd Ăťnder Drachten. Oant 1917 wie der ek in nĂ´tmeallerij. Nei 1965 waard der Ăťnderhannele oer in fĂşzje mei de fabriken fan Boarnburgum, Terwispel en Langsweagen. Yn 1975 folge gearwurking mei dy fabriken Ăťnder de namme "De Zuid-Oost-Hoek"; letter waard it fabryk part fan "Friesland Frico Domo". Yn 2003 gie de produksje oer nei de suvelfabriken fan Warkum en Bedum en gie it fabryk ticht en waard Ă´fbrutsen. [6]
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar foarsjennings is Olterterp oanwiisd op Beetstersweach. Olterterp hat tegearre mei Beetstersweach in feriening fan Pleatslik Belang.

Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2005 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 154 | 184 | 155 | 144 | 137 | 130 | 90 | 96 |
| Jier | 2015 | 2020 | ||||||
| Ynwenners | 83 | 80 |
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Olterterp rinne de folgjende buslinen:
- Line 20: Ljouwert - It Hearrenfean fia Drachten en De Gordyk
- Line 27: It Hearrenfean - Drachten fia Akkrum en Beetstersweach
De buslinen troch Olterterp wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Achterwei, AldhĂ´f, Boppefjild, Heidehuzen, Poostwei, Van Harinxmawei.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Ăştspanning "It Wite HĂťs" mei fiver en boarterstĂşn yn Olterterp, Âą 1915
- It Wite HĂťs (2022)
- De Horst
- Huzinge Olterterp
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Opsterlân | ||
|---|---|---|
| Doarpen en útbuorrens: Bakkefean ⢠Beetstersweach ⢠Fryske Peallen ⢠De Gordyk ⢠De Himrik ⢠Jonkerslân ⢠Langsweagen ⢠Lippenhuzen ⢠Lúkswâld ⢠Nij Beets ⢠Oerterp ⢠Olterterp ⢠Sigerswâld ⢠Terwispel ⢠De Tynje ⢠Wynjewâld | ||
| Buorskippen: Ald Beets ⢠Allardseach (foar in part) ⢠It Foarwurk ⢠Foksebuorren ⢠De Hanebuert ⢠Hanebuorren ⢠Heidehuzen ⢠Himrikerferlaat ⢠Koartsweagen ⢠Lyts Grins ⢠Moskou (foar in part) ⢠Nije Feart ⢠Oerterp oan de Feart ⢠Petersburch ⢠Selmien ⢠Sparjeburd ⢠De Ulesprong ⢠Weinterpferlaat ⢠De Wyngaarden | ||
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
