Sparjeburd
Sparjeburd is in buorskip yn de gemeente Opsterlân. Sparjeburd leit noardeastlik fan De Himrik, dêr't it by heart, en besúdeasten Beetstersweach. De namme Sparjeburd (1693) komt ek foar as Sparrie Bird (1769) , Sparjebird (1848), Sparrebird en Sparjebirt'.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nammekundich Wurkforbân fan de Fryske Akademy woe yn 1961 hawwe dat bird/burd buorren of buert betsjutte soe, lykas yn Tsjalbert of LĂşnbert. Der binne lykwols ek 'sneupers' dyât earder oan it Ingelske wjergader fan ouwer of board tinke, lykas yn Burdaard. Mar yn dat gefal soe Sparjeburd nochal fier fan it Alddjip, it eardere Keningsdjip, Ă´f lizze. De kaart fan Schotanus sr. jout in buertsje mids it Keningsdjip en it heechfean. Dat buertsje lei krekt boppe de Hearrewei dyât no Binnenwei hjit. By it earste diel fan âe namme, sparje, wurdt wol oan grins of begrinzing tocht. Lykwols is der yn de Hearrewei tusken De Himrik en Weinterp op gjin inkele kaart in tol of tolhĂťs te finen en hat dĂŞr ek gjin leidyk west. De ikkers dyât saân leidyk beskermje moast, wiene yn âe tiid fan âe oanlis fan de Hearrewei noch net oanmakke.
It is Schotanus jr. dyât yn 1718 de namme Sparjebird foar it earst op âe kaart tekenet. Op dyselde kaart neamt er nochal wat begripen Ăşt âe bou. Sa wurde der Rog Molens en Boeck weiten ackers yntekene. Miskien leit âe ferklearring foar sparje dan ek wol tichter by hĂťs, mooglik as (by)namme fan saân buertsje. Sparje of sparjekrĂťd waard troch heidsjers gewoanwei brĂťkt foar de twadde bou nei dy fan âe rogge of it boekweet om âe boaiem grien te bedongjen. It is in soarte fan ĂťnkrĂťd dat brĂťkt waard as foer foar it fee. Al Ăťnder de groei waarden de bisten oan in tsjoar of in peal yn âe bou set. Dan koene se mar beheind ite en harren net ferfrette.
Wurkkampen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nederlânske Arbeidstsjinst (NAD) hie yn de Twadde Wrâldkriich twa wurkkampen by Sparjeburd: Kamp Himrik Noard (Kamp Christiaan de Wet) en Kamp Himrik Súd (Kamp Antony van Leeuwenhoek). Nei de oarloch wie it kamp oant 1 juny 1947 in Bewarings- en Verblijfskamp voor Jeugdige Politieke Delinquenten yn it ramt fan de BysÝndere Rjochtspleging. Op dy datum waard it nammentlik oerdroegen oan Bureau Bijzondere Jeugdzorg, dy't der ôf woe.
Rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren '60 en '70 wie de bosk mei boartersgreide in populĂŞre bestimming foar spulwiken foar de jeugd en skoalreiskes.
Yn july 1969 is de boartersbosk fan Sparjeburd offisjeel iepene. Yn Sparjeburd is no in rekreaasje-oarde mei in iepenloftteater, eigendom fan Steatsboskbehear. 2010/2011 hat Steatsboskbehear de bosk opknapt, De offisjele iepening wie op 17 maaie 2011.[1]
- Iepenloftteater
- Boartersbosk
- Kursussintrum Sparjeburd
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Opsterlân | ||
|---|---|---|
| Doarpen en útbuorrens: Bakkefean ⢠Beetstersweach ⢠Fryske Peallen ⢠De Gordyk ⢠De Himrik ⢠Jonkerslân ⢠Langsweagen ⢠Lippenhuzen ⢠Lúkswâld ⢠Nij Beets ⢠Oerterp ⢠Olterterp ⢠Sigerswâld ⢠Terwispel ⢠De Tynje ⢠Wynjewâld | ||
| Buorskippen: Ald Beets ⢠Allardseach (foar in part) ⢠It Foarwurk ⢠Foksebuorren ⢠De Hanebuert ⢠Hanebuorren ⢠Heidehuzen ⢠Himrikerferlaat ⢠Koartsweagen ⢠Lyts Grins ⢠Moskou (foar in part) ⢠Nije Feart ⢠Oerterp oan de Feart ⢠Petersburch ⢠Selmien ⢠Sparjeburd ⢠De Ulesprong ⢠Weinterpferlaat ⢠De Wyngaarden | ||