Springe nei ynhâld

Peins

Ut Wikipedy
Peins
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal255 (1 jannewaris 2025)
Oerflak4,06 km², wêrfan
- lân: 4,03
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht.64 ynw./km²
Oar
KoÜrdinaten53° 12' N 5° 35' E
Offisjele webside
Side 'Us Peins'
Kaart
Peins (Waadhoeke)
Peins

Peins is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Peins leit noardeastlik fan Frjentsjer en Skalsum, noardwestlik fan Skingen, sĂşdwestlik fan Slappeterp en besuden Rie. De doarpskearn fan Peins leit om de Sint-Gertrudistsjerke, benammen oan de Doarpsstrjitte, en Master Frankstrjitte. Tegearre mei Boer, Sweins, Ried en Skalsum foarmet Peins it Frjentsjerter Fiifgea.

Op 1 jannewaris 2025 hie Peins 255 ynwenners.

Gertrudistsjerke
Himrik fan Peins yn de eardere gemeente Frjentsjerteradiel

Peins is in âld doarp dat Ýntstie op in terp. It doarp Ýnstie al foar de 1200. Aldere farianten fan Peins binne (Pesinghe), Pewenzee (1275), Peijnse (1406), Peynsera Gae (1422), Peijns en Peyns (sÝnt 1480), Peyns en sÝnt de 16 iuw ek Peins (of Peyns).[1]

De hjoeddeiske Gertrudistsjerke is 14e iuwsk, mar resten fan tufstien bewize dat it gebou der al earder stie. De âlde sealtektoer is yn 1902 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeiske tuorke.

It doarp hie yn de 15e iuw twa stinzen: de Tammingastins en de Aesgemastins.

SĂťnt 2018 leit Peins yn de gemeente De Waadhoeke, dĂŞrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).

It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomt yn Us DoarpshÝs. Dorpskrante 't Roeke-each ferskynt tsien kear yn 't jier. De S.J. Boersma Stifting set him yn foar it yn stân hâlden fan in jeugdbibleteek.

Peinzers wurde tradisjoneel goatlingskrabers neamd.[2]

Sjoch: Sint-Gertrudistsjerke (Peins) foar it haadartikel oer dit Ăťnderwerp.

De eardere herfoarme Gertrudistsjerke wurdt Ăşt en troch noch brĂťkt troch de PKN-gemeente en is tsjintwurdich eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Yn 1913 stifte de Grifformearde Tsjerke fan Frjentsjer it evangelisaasjegebou Rehoboth. Rehoboth waard yn 2018 sletten en ferkocht.[3] Tsjerklik foarmet protestantsk Peins Ăťnderdiel fan de PKN-gemeente Rie-Skingen.[4]

In eigen skoalle hat Peins net. De bern fan Peins geane nei de iepenbiere skoalle 'De Oanset' yn Rie.

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

BrĂŞge Skalsumerfeart

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1840195419591964196919742005200820092013
Ynwenners168342344329316309270278282265
Jier20152020
Ynwenners255255

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Doarpsstrjitte, Master Frankstrjitte, Potterslân, Riedsterwei, Skalsumerwei, Slappeterpsterwei, Sweinserwei, Tsjerkestrjitte.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ [ Friese plaatsnamen. Alle steden, dorpen en gehuchten. dr. K.F. Gildemacher, side 288 (2007)
  2. ↑ List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker.
  3. ↑ Gereformeerde Kerken, 23 novimber 2018
  4. ↑ Side PKN Rie-Skingen
De Waadhoeke
StĂŞd:
Frjentsjer
Doarpen en Ăştbuorrens:
Achlum • Aldebiltsyl • Baaium • Berltsum • Bitgum • Bitgummole • Blessum • Boer • Boksum • Deinum • Doanjum • Dronryp • Easterbierrum • Froubuorren • Furdgum • Hitsum • Hjerbeam • Ingelum • Kleaster-Lidlum • Marsum • Menaam • Minnertsgea • Nij Altena • Peins • Pitersbierrum • Rie • Seisbierrum • Sint-Anne • Sint-Jabik • Skalsum • Skingen Slappeterp • Spannum • Sweins • Tsjom • Tsjummearum • De Westhoek • Wier • Winsum • Wjelsryp
Buorskippen:
Alsert • Barrum • De Beinten • Bessebuorren • Bonkwert • Buerstermûne (foar in part) • Dearsum • Dykshoeke • Dyksterhuzen • Doaium • Erkens • Fâltum • Fjouwerhûs • De Flearen • It Fliet • Franjumbuorren • Getswertersyl • Glins • Hearema • 't Heechhout • Hemmemabuorren • It Hoarslân • Holpryp • Houten Baaium • De Kampen • Keimpetille • Kie • Kystersyl • Koehoal • Koüm • De Kreake • De Krok • Leakwert • Lankum • Lytselollum • Meamert • Miedum • Molswert • Nijebiltsyl • De Oasthoek • Ritsumabuorren • Ritsumasyl • Roptasyl • Salvert • Sânhuzen • Sitlum • Skyldum • Sopsum • Stêd-Niks • Swaarderbuorren • Swarte Harne • Swettehoarne • Teatlum • Tolsum • Tritsum • Tsjeppenbûr • It War • Weakens • De Westerein
¡ ¡ Berjocht bewurkje