Springe nei ynhâld

Martenastate

Ut Wikipedy
Martenastate yn 2011
De fertutearze state yn 1899
GrĂŞfhichte by de Martenastate

De âlde Martenastate wie in state yn Koarnjum. Hy waard yn 'e 15e en 16e iuw bewenne troch de Martena's, in wichtige aadlike famylje. It hÝs waard letter eigendom fan de famylje Vegelin fan Claerbergen. De lêste bewenner wie Duco Martena van Burmania Vegelin van Claerbergen. Hy joech it hÝs oan de tsjerke fan Koarnjum, dy't de âlde ferfallen state yn 1899 ôfbrekke liet.

De nije Martenastate waard Ýntwurpen troch de Ljouwerter arsjitekt W.C. de Groot. It gebou stiet op in eilân yn 'e slotgrêft. It hÝs hat neorenessansistyske trepgevels en liuwen op 'e toer. Eat wat de oandacht lÝkt is de sipel boppe op 'e toer. De tagongspoarte (út 1620) by de yngong fan it park komt fan it ôfbrutsen LânskipshÝs yn Ljouwert.

Park Martenaste

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It 4,5 bunder grutte park om de state is ien fan de rykste stinzetunen fan Fryslân. Yn de maitiid binne dêr Ýnder mear Haarlimmer klokkespul, bosktulp, holwoartel, fingerhelmblom, blêdlok, giele anemoan, njirrewoartel en it boerekrookje te bewÝnderjen. It behear fan it bÝten wurdt dien troch It Fryske Gea.

Yn 2014 waard útein set mei it werombringen yn âlde steat fan it park dat eartiids yn lânskipsstyl oanlein waard. By dy gelegenheid kaam in noch Ýnbekende hynstewâd yn de grêft fan de state oan it ljocht.[1]

Yn 2018 is Martenastate útwreide mei twa oangrinzjende perselen fan foarhinne Steatsboskbehear dy't in werynrjochting Ýndergien hawwe ta in stinzefloarabosk en -singel. Yn novimber 2020 is de njonkenlizzende pleats oan de Martenawei 4 en it folsleine perseel taheakke oan it lânskipspark.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Frysk Deiblêd 20 oktober 2014, Paardenwed gevonden in water Martenastate, s.23
  2. ↑ Martena Zathe, Martenastate Koarnjum breidt uit met boerderij, 5 nov 2020, Omrop Fryslân
It Fryske Gea

Aeltsje- en Warkumermar • De Alde Feanen • Bancopolder • Bekhofskâns • De Bjirmen • Blauhúster Puollen • Bocht fan Molkwar • Botmar • Buismans Einekoai • It Bûtenfjild • Van Coehoornbosk • Dellebuorsterheide • It Diakonyfean • Dyksfearten • Dobben Hurdegarypsterwarren • Dunegeasterpolder • Eanjumer Kolken • Easterskar • Einekoaien Lytse Geast • De Fluezen • Follegeasterpolder • Grikelân en Turkije • Grutte Wielen • Heanmar • Heide Hulstreed • De Hon • Hop • Huitebuersterbûtenpolder • Ychtenerfeanpolder • Joadetsjerkhôf Noardwâlde • Joadsk Begraafplak Teakesyl • Jongemastate • Kapellepôle • Ketelermar • Ketliker Skar • Koarnwerterpolder • Kobbelân • Lindebosk • Lindefallei • Liphústerheide • Makkumersúdmarpolder • Makkumerwaarden • Mandefjild Bakkefean • Martenastate • Meulereed en Meulebosk • Mokkebank • Mûntsebuorsterpolder • Noard-Fryslân Bûtendyks • 't Oerd • Park Huzinge Olterterp • Park Martenastate • Peazemerlannen • Petgatten De Feanhoop • Ringwiel • Rengerspôle • De Ryp • Rysterbosk • Syp Set • Skiedingsboskje • Skieppedobbe • Slachte • Sodumermar • Steile Bank • Stokersdobbe • Sudermarpolder • Taconisbosk • Teroelster Sipen • Tsjongerwâlen • Unlân fan Jelsma • Warkumerwaard • 't West • Wikelerbosk • Wilhelmina-oard