Springe nei ynhâld

Warkumerwaard

Ut Wikipedy
Warkumerwaard
Warkumerwaard
Warkumerwaard
lokaasje
neiste plakWarkum
oare ynformaasje
oerflak145 ha en 732 ha
behearIt Fryske Gea
websideIt Fryske Gea

De Warkumerwaard is in eardere sânplaat yn de Iselmar by Warkum. It meast natoerlike diel leit oan de bÝtenrâne, de WarkumerbÝtenwaard. De skulpebanken lÝke in soad skriezen. It natoergebiet beslacht 145 hektare, it wetterfÝgelreservaat is 732 hektare. It gebiet wurdt beheard troch It Fryske Gea en is goed te besjen fan de útsjochhichte by kemping It Soal en fan de ein fan de Slinkewei.

Eardere kwelder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De WarkumerbÝtenwaard is fan oarsprong in sânplaat. Yn de tiid fan de Sudersee waard de kwelder trochsnien troch in djippe slinke, de Vlieter. Oan de eastkant wie de grÝn klaaieftich (it griene strân), oan de westkant sânich. It griene strân wie foar it meastepart begroeid en op it westlike stik Ýntstiene sânrêgen. Nei de oanlis fan de Ofslútdyk foel ek de sânrêch drÝch en Ýntstie it giele strân.

Doe't tusken 1934 en 1943 in simmerkaai opsmiten waard Ýntstie in skieding tusken de bÝtenwaard en de binnenwaard. Binnendyks waard der lân oanmakke, bÝtendyks bleau de ynfloed fan de Iselmar. Dat wurk waard ynearsten mei út ein set troch de Heidemij. Yn it ramt fan de wurkferskaffing waarden wurkleazen ynset. Yn de Twadde Wrâldkriich kaam de útfiering fan it projekt yn hannen fan de NAD.

Binnendyks wurdt mei ringjen Ýndersyk dien nei wilster, skriezen en hoantsen. BÝtensdyks is yn 1995 foar natoerÝntwikkeling in stiennen daam oanlein dy't de efterlizzende opspuite sânbank beskermet. Oan de Iselmar lizze sân skulpebanken mei Ýndjipten der tusken dy't sa no en dan drÝchfalle. Op de banken sitte koloanjes kobben en wytstirns.

De floara bestiet út heech opgeande krÝden lykas hinnebal, teeblom en tongerskerm. Efter de skulpebanken lizze wiete, skrale healannen. Op plakken is de ynfloed fan it eardere sâlte wetter op de begroeiing noch te fernimmen.

Yn de briedtiid sitte hjir in soad kobben en wytstirns. bĂťten de briedtiid benammen steltrinders as wylpen, skriezen en hoantsen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en Warkumermar • De Alde Feanen • Bancopolder • Bekhofskâns • De Bjirmen • Blauhúster Puollen • Bocht fan Molkwar • Botmar • Buismans Einekoai • It Bûtenfjild • Van Coehoornbosk • Dellebuorsterheide • It Diakonyfean • Dyksfearten • Dobben Hurdegarypsterwarren • Dunegeasterpolder • Eanjumer Kolken • Easterskar • Einekoaien Lytse Geast • De Fluezen • Follegeasterpolder • Grikelân en Turkije • Grutte Wielen • Heanmar • Heide Hulstreed • De Hon • Hop • Huitebuersterbûtenpolder • Ychtenerfeanpolder • Joadetsjerkhôf Noardwâlde • Joadsk Begraafplak Teakesyl • Jongemastate • Kapellepôle • Ketelermar • Ketliker Skar • Koarnwerterpolder • Kobbelân • Lindebosk • Lindefallei • Liphústerheide • Makkumersúdmarpolder • Makkumerwaarden • Mandefjild Bakkefean • Martenastate • Meulereed en Meulebosk • Mokkebank • Mûntsebuorsterpolder • Noard-Fryslân Bûtendyks • 't Oerd • Park Huzinge Olterterp • Park Martenastate • Peazemerlannen • Petgatten De Feanhoop • Ringwiel • Rengerspôle • De Ryp • Rysterbosk • Syp Set • Skiedingsboskje • Skieppedobbe • Slachte • Sodumermar • Steile Bank • Stokersdobbe • Sudermarpolder • Taconisbosk • Teroelster Sipen • Tsjongerwâlen • Unlân fan Jelsma • Warkumerwaard • 't West • Wikelerbosk • Wilhelmina-oard