Starumer Mar
| Starumer Mar | ||
| bysĂťnderheden | ||
| oerflak | 436 ha. | |
| drĂťchlein | Âą 1620 | |
De Starumer Mar is in eardere mar east fan Starum.
Oktroai
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oktroai ta drĂťchmakking waard 19 maaie 1613 oan Starum ferliend mar der kaam spul fan, en 30 augustus 1620 waard it oktroai oerdroegen oan twa partijen partikulieren, mei foldwaan fan de kosten dy't de stĂŞd makke hie, nei de tasizzing dat by it drĂťchlizzen in trekfeart fan Starum nei de Warnsersleat oanlein wurde soe, en fierders noch oan de in feart fan Starum nei Molkwar en in feart oer Skarl nei de Warnzer Sleat. Earst doe waard de mar bedike en drĂťchlein.
De Warnzer Feart, de trekfeart nei de Warnzer Sleat oanlein troch it smelste diel, ferdielde de Starumer Mar yn in Noardermarpolder en in Sudermarpolder, twa partikuliere polders. De feart nei Molkwar, de Molkwarder Feart foarmet de noardgrins, de feart oer Skarl, de Ringsleat, foarme de sĂşdgrins.
Noardermarpolder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardermarpolder fan Âą 236 ha. hat in leechste punt fan 1,4 meter -NAP. Bemealing barde earst troch ien wynmole, sĂťnt 1947 mei helpmotor. De polder inundearre by de stoarmfloed fan 1825.
| Sudermarpolder | ||
| lokaasje | ||
| neiste plak | Starum | |
| oare ynformaasje | ||
| oerflak | 200 ha | |
| behear | It Fryske Gea | |
| webside | It Fryske Gea | |
Sudermarpolder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sudermarpolder is ien fan de earste drÝchmakkerijen (1620) yn Fryslân. De min ofte mear trijehoekige polder leit tusken it Reaklif, Starum en Warns. De sudermarpolder is yn behear by It Fryske Gea
De noardlike grins fan de polder wurdt foarme troch it Johan Frisokanaal, de sĂşdwestlike grins is de Suderwei dy't oer de Iselmarsdyk rint en de sĂşdeastlike grins rint fan Skarl nei Warns. Yn it gebiet fan de Sudermarpolder, dy't foar in grut part yn eigendom is fan it Fryske Gea, is op in trijetal wynturbines nei, gjin bebouwing. De Sudermarpolder fan Ăťngefear 200 ha. hat in leechste punt fan Âą 1,7 meter -NAP. De bemealing barde earst troch twa moles, letter troch ien, yn 1922-1923 Ăştwreide mei in wynmotor. Yn 1940 kaam der in elektrysk gemaaltsje.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|